Helena fan Konstantinopel
Helena fan Konstantinopel | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertenamme | Flavia Julia Helena | |
bertedatum | ± 246-248 | |
berteplak | Drepanum (?), provinsje Bitynje (Lyts-Aazje) | |
stjerdatum | 330 | |
stjerplak | Rome | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke Eastersk-otterdokske Tsjerken Anglikaanske Tsjerke | |
hjeldei | 6 maaie en 21 maaie (Otterd.) 21 maaie (Angl.) 18 augustus (R.-K.) | |
attributen | Krús |
Sint-Helena (Gryksk: Ἁγία Ἑλένη, Hagía Helénē, Latyn: Flavia Iulia Helena Augusta; * 246/248 yn – † ± 330) wie in keizerin fan it Romeinske Ryk. Alhoewol net fan hege komôf waard hja de frou fan de takomstige romeinske keizer Konstantius Kloarus en mem fan de lettere keizer Konstantyn de Grutte.
Helena foarmet in tige wichtige frou yn de skiednis fan 'e wrâld en mear spesifyk foar it kristendom fanwegen har ynfloed op har soan. Yn har lêste libbensfaze makke hja in religieuze reis troch Syrje, Palestina en Jeruzalim, dêr't se it Wiere Krús ûntdiek. Yn it katolisisme, de otterdoksy en de anglikaanske mienskip wurdt Helena as in hillige fereare. Yn oare protestantske tsjerken lykas de lutherske mienskip wurdt se betocht.
Komôf
Fan har bernejierren is hast neat bekend; hja wie neffens fjirde-iuwske boarnen fan ienfâldige komôf. De 6e-iuwske histoarikus Procopius is de earste autoriteit dy't skreau dat Helena fan Grykske komôf wie en út Drepanum (it tsjintwurdige Hersek) yn de provinsje Bitynje yn Lyts-Aazje stamde, mar der is gjin wissichheid oer. Har soan Konstantyn doopte nei de dea fan syn mem yn 330 it plak om yn de name Helenopolis, itjinge liket te ûnderskriuwen dat it plak yndie it berteplak fan Helena wie. Oan de oare kant bestiet der ek de mooglikheid dat Helenopolis op 'e nij libben ynblaasd waard om it kommunikaasjenetwurk om de nije haadstêd Konstantinopel hinne te ferbetterjen. It plak waard by dy gelegenheid nei Helena om har te betinken en net sasear om har berteplak te oan te tsjutten. Der wie ek in Helenopolis yn Palestina, in Helenopolis yn Lydië en noch in provinsje Helenopontus, dy't allegear nei Konstantyn's mem ferneamd waarden.
Relaasje keizer Konstantius
Ek is net bekend wannear't hja foar it earst Konstantius tsjin kommen is en wat de legale status west hat fan harren relaasje. De boarnen binne datoangeande dûbelsinnich. Somtiden wurdt Helena de frou fan Konstantius neamd, mar somtiden ek syn konkubine. Hieronymus fan Stridon, faaks betiizge troch syn eigen boarnen, brûkt beide termen trochinoar. Op 27 febrewaris om it jier 272 hinne joech Helena it libben oan in soan, de lettere keizer Konstantyn. Op dat stuit wie Helena yn Naissus (Niš, Servje).
Om in frou te krijen dy't mear paste by syn oansjen liet Konstantius him foar 289 skiede fan Helena. Konstantius troude doe Theodora, de dochter fan Maksimianus. Helena en har soan waarden nei it hôf fan Diokletianus stjoerd, dêr't Konstantyn ta it hegere laach wist troch te kringen. Helena troude nea wer en libbe ticht yn de omjouwing fan har soan, dy't tige wiis mei syn mem wie.
Nei de kroaning fan Konstantyn
Nei't Konstantius ferstoar rôpen syn troepen yn 306 Konstantyn út ta Augustus fan it Romeinske Ryk. Mei de kroaning fan Konstantyn krige ek Helena wer in plak yn it keizerlike hof en kaam se op 'e nij yn de belangstelling te stean. Yn 325 krige Helena de titel fan Augusta. Neffens Eusebius bekearde Helena har ta it kristendom nei't har soan keizer waard en him ek bekeard hie ta it kristendom.
Pylgerreis en ûndekking fan de reliken
Konstantyn wiisde syn mem oan as Augusta Imperatrix en joech har sûnder beheinings tagong ta de skatkist om te sykjen nei de reliken fan de kristlike tradysje. Yn 326-328 reizge Helena ôf nei it Hillige Lân. Neffens Eusebius fan Caesarea, dy't de details fan har pylgerreis nei Palestina en oare eastlike provinsjes fêstlei, joech se opdracht ta de bou (of it opkreazjen derfan) fan twa tsjerken: de Bertetsjerke yn Betlehim en de Eleona-tsjerke op de Oliveberch, de plakken dêr't Jezus berne en nei de himel fearn wie. Neffens de lokale oerlevering soe Helena ek opdracht jûn ha ta de bou fan in tsjerke yn Egypte op it plak fan it baarnende toarnbosk op de berch Sinaï. De kapel fan it Sint-Katarinakleaster dy't fakentiden ek de Sint-Helenakapel neamd wurdt waard yn 330 boud.
It Wiere Krús en de Tsjerke fan it Hillich Grêf
Jeruzalim wie nei de ferneatiging fan de stêd yn it jier 70 troch Titus noch altiten yn in steat fan weropbou. Keizer Hadrianus liet yn de jierren 130 in heidenske oan Jupiter of Venus wijde timpel oer Jezus' grêf by Golgota bouwe en joech de stêd de namme Aelia Capitolina. Keizerin Helena liet dy timpel ôfbrekke en keas neffens de oerlevering it plak út om dêr mei de opgravings te begjinnen, dy't lieden ta de fynst fan trije ferskate krusen. Neffens de tsjerkfaar Rufinus wegere de keizerin beynfloede te wurden troch alles dat gjin deeglik bewiis oplevere. Dêrom liet se in test útfiere en mooglik mei bemiddeling fan biskop Makarius fan Jeruzalim waard in deasiik frommis út Jeruzalim helle. Doe't de frou de earste twa krusen oanrekke (of op de earste twa krusen lein waard) barde der neat, mar by it oanreitsjen (of it lizzen op it tredde krus) fan it tredde krús waard se ynienen better. Helena seach dat as it teken dat hja mei it Wiere Krús fan Kristus te dwaan hie. Op it plak dêr't de krusen fûn wiene liet Konstantyn in nije tsjerke bouwe, de Hillich Grêftsjerke. Ek op oare troch Helena ûntdutsen kristlike lokaasjes waarden tsjerken of kapellen boud.
Helena soe op har reis nei Palestina ek spikers, dy't by it krusigjen fan Jezus brûkt wiene, fûn ha. Om de mirakuleuze krêft te brûken soe Helena der ien fan yn de helm fan Konstantyn sette litten ha en in oare yn it haadstel fan syn hynder. Neffens de oerlevering ûntdiek se ek it hillige ûnderkleed fan Jezus en stjoerde dat nei Trier, dêr't it stik tekstyl noch jimmeroan fereare wurdt.
Syprus
Ferskate reliken dy't troch Helena fûn waarden kamen op Syprus telâne, dêr't hja in skoftke bleau. Dêrûnder in stik klean fan Jezus, stikken fan it krús en stikken tou dêr't Jezus mei oan it krús fêstbûn waard. It tou wurdt bewarre yn it Stavrovouni-kleaster, wêrfan't sein wurdt dat it ek troch Helena stifte is. Neffens de oerlevering is Helena ferantwurdlik foar it grutte tal katten op it eilân. Se soe hûnderten katten út Egypte of Palestina helle om in kleaster frij te meitsjen fan slangen. Dat kleaster stiet hjoeddedei bekend as it Sint-Nikolaaskleaster fan de Katten (Gryksk: Άγιος Νικόλαος των Γατών) en stiet tichteby Limassol.
Rome
Helena gyng yn 327 werom nei Rome en naam grutte dielen fan it Wiere Krús en oare reliken mei nei hûs, dy't se yn de kapel fan har paleis bewarre en dêr't se noch altiten te sjen binne. In seal fan har paleis waard letter ta de basilyk fan it Hillige Krús yn Jeruzalim ferboud.
Capella delle Reliquie
Ferskillende ferneamde reliken binne ûnderbrocht yn de Kapel fan de Reliken fan de Tsjerke fan it Hillige Krús yn Jeruzalim:
- De Titulus Crucis (in diel fan it hout oan it krús dêr't de tekst INRI op stie);
- twa stikels fan de toarnenkroan;
- In spiker;
- de wiisfinger fan de ûngelovige Tomas
- trije stikjes hout fan it Wiere Krús.
In folle grutter diel fan it krús waard troch Urbanus VIII yn 1629 út de basilyk nei de Sint-Piter brocht, dêr't it bewarre wurdt njonken it kolossale byld fan Sint-Helena fan Andrea Bolgi út 1639.
Dea
Neffens de biskop-histoarikus Eusebius van Bitynje wie Helena likernôch 80 doe't se fan har reis nei Palestina werom kaam. Om't de reis plakfûn hat yn de jierren 326-328 moat se om earne tusken de jierren 246 oant 248 berne wêze.
Helena ferstoar om 330 hinne mei oan har side har soan. Hja waard begroeven yn it Mausoleum fan Helena, bûten Rome oan de Via Labicana. Har sarkofaach fan porfier stiet yn it Pio Clementino Museum. Njonken dy fan har stiet de sarkofaach fan har beppesizzer Sint-Konstantina (of Sint-Konstanza).
Reliken fan Helena
Fan Helena wurdt de skedel yn de Domtsjerke fan Trier bewarre. Dielen fan har reliken binne fierder te finen yn de Santa Maria in Ara Coeli yn Rome, de Église Saint-Leu-Saint-Gilles yn Parys en de abdij Saint-Pierre d'Hautvillers. De Chiesa di Sant'Elena yn de Feneesjaanske wyk Castello seit it komplete lichem fan Helena ûnder it haadalter te bewarjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Helena (empress)
|