Hillich Grêftsjerke

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Hillich Grêftsjerke

כנסיית הקבר

Jerusalem Holy Sepulchre BW 23.JPG
lokaasje
lân Flag of Israel.svg Israel
plak Flag of Jerusalem.svg Jeruzalim
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier ynwijing 13 septimber 335, ferneatige yn 1009, weropboud yn 1048
webside Side Grêftsjerke

De Tsjerke fan it Hillich Grêf, koartwei de Hillich Grêftsjerke, is in tsjerkegebou yn de histoaryske binnenstêd fan Jeruzalim, Israel. De tsjerke is ien fan de hilligste plakken fan it Kristendom en stiet op it plak dêr't, neffens tradysjes dy't yn alle gefallen op de fjirde iuw werom geane, de krusiging fan Jezus fan Nazaret plakfûn en it lege grêf, dêr't Jezus begroeven waard en opstien is.

Diagram fan de tsjerke mei de lokaasje fan de twa hillige plakken

It grêf is troch in Aedicula, in 19e iuwsk hillichdom, omsletten. Yn de tsjerke binne de lêste fjouwer (of neffens guon beskriuwings fiif) staasjes fan de Via Dolorosa, dy't de lêste episoades fan it lijen fan Jezus ferstsjintwurdigje. Sûnt de oprjochting yn de fjirde iuw is de tsjerke in wichtich beafeartsplak, dêr't ek de opstanning fan Jezus plak fûn hawwe soe. Yn de eastersk-otterdokske tjerken wurdt it hillichdom dêrom ek mei Tsjerke fan de Opstanning oantsjut.

Hjoeddedei tsjinnet it gruttere kompleks om de Grêftsjerke ek as de sit fan de gryksk-otterdokske patriarch fan Jeruzalim, wylst it behear fan de tsjerke dield wurdt troch ferskillende kristlike denominaasjes yn komplekse oerienkomsten regele is, dy't al sûnt 160 jier gjin feroarings ûndergien hawwe en guon dêrfan noch folle âlder binne. De roomsk-katolike, gryksk-otterdokske en armeenske-apostolyske tsjerken binne de wichtichste denominaasjes dy't eigendommen yn 'e tsjerke hawwe, yn mindere mate ek de koptyske, Syryske en Etiopyske otterdokske tsjerken. Protestanten binne yn de tsjerke net fertsjintwurdige.

Al iuwenlang binne de kaaien fan de tsjerke yn behear by twa islamityske famyljes: de famylje Joudeh bewarret de kaaien en de famylje Nusseibeh iepenet moarns de doar en slút dy jûns wer.

De tsjerke is ûnderdiel fan it UNESCO wrâlderfgoed fan de Alde Stêd yn Jeruzalim.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rillegau nei de krúsdea fan Jezus waarden Golgotha en Syn grêf foar de earste kristenen wichtige plakken fan ferearing. Yn it jier 70 nei Kristus ferneatige keizer Titus Jeruzalim. Doe't keizer Hadrianus op de âlde stêd Jeruzalim yn 131 de romeinske koloanje Aelia Capitolina stifte, liede dat ta de Bar Kochba-opstân (132-136). Nei it mislearjen fan dy opstân joech keizer Hadrianus opdracht om oer de kristlike hillichdommen in grutte heidenske timpel del te setten. Dat died er mei sin om sa alle oantinkens oan Kristus te ferneatigjen.[1]

Bou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Helena fan Konstantinopel fynt it Wiere Krús (Gerard Douffet)

Nei't keizer Konstantyn in fizioen fan in krús oan de himel krige, bekearde er him ta it kristendom en tekene er it Edikt fan Milaan, wêrmei't de kristlike religy legalisearre waard. Hy stjoerde syn mem Helena nei Jeruzalim om dêr te sykjen nei it grêf fan Kristus. Mei de help fan de biskop Eusebius fan Cecerea en biskop Makarius fan Jeruzalim fûnen se trije krusen by in grêf, itjinge der ta liede dat de Romeinen tochten dat se Golgotha ûndutsen hiene. Konstantyn joech yn 326 opdracht om de dêr steande timpel fan Jupiter ôf te brekken. Nei it ferwiderjen fan de lêste resten waard de grûn yn de grot ferwidere en in tombe bleatlein, dy't Helena en Makarius idintifisearren as it plak dêr't Jezus begroeven wie. Yn 327 joegen Konstantyn en Helena opdracht ta de bou fan de Bertetsjerke yn Bethlehem ta oantinken fan de berte fan Jezus.

De Grêftsjerke waard as ferskate konstruksjes oer de twa hillige plakken boud: op it oarspronklike plak dêr't Jezus de krúsdea stoar in basilika en oan de oare kant fan in binnenhôf, op it plak dêr't Jezus begroeven waard, in rotunda, dy't de namme Anastasis (Opstanning) krige.

De tsjerke waard op 13 septimber 335 ynwijd. Alle jierren wurdt yn de Eastersk-Otterdokske Tsjerke it jubileum fan dy wijing fierd.

Skea en ferneatiging[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grûnplan fan de Grêftsjerke mei omjouwing - Chrysanthus fan Bursa - 1807

It gebou waard troch brân yn 614 ferneatige doe't de Sassaniden Jeruzalim binnenfoelen en it Wiere Krús yn besit krigen. Nei't keizer Heraklius yn 630 Jeruzalim werom ferovere liet er de tsjerke wen opbouwe. Doe't de Arabieren de stêd feroveren, bleau it gebou in kristlike tsjerke. De earste islamityske hearskers beskermen de kristlike hillige plakken yn Jeruzalim en se ferbeane it om de plakken yn wenten om te setten.

Neffens in oerlevere ferhaal soe kalyf Umar ibn al-Khattab de tsjerke besocht ha om dêr te bidden. Mar op it momint doe't it tiid wie om te bidden ferliet er de tsjerke om bûten te bidden. Hy wy benaud dat oars oare generaasjes dêryn de legitimaasje seagen om de tsjerke yn in moskee te feroarjen. Eutychius foege ta dat Umar in dekreet skreau dat moslims ferbea om yn de tsjerke te bidden.

Yn it jier 746 rekke de tsjerke slim skeind troch in ierdskodding. In oare ierdskodding yn de 9e iuw skansearre de koepel fan de Anastasis. De brân fan 841 skansearre it ynterieur fan de basilyk en nadere hast de rotunda. Doe't islamityske legers in Syrje ferslein waarden ûntstie der opstân. By de wraakaksjes fan de moslims waard patriarch Jehannes VII fermoarde en de tsjerke yn 'e brân stutsen.

Op 18 okober 1009 joech kalyf Al-Hakim bi-Amr Allah fan it kalifaat fan de Fatimiden (ek bekend ûnder de namme "De Nero fan de Islaam") opdracht om de tsjerke, troch moslims spottend de "tsjerke fan de rûchskerne" neamd, te ferneatigjen. Dat barde yn it ramt fan in grutte kampanje om Palestina en Egypte fan alle kristlike hillichdommen te suverjen. Op in pear muorredielen nei waard de hiele tsjerke mei de grûn lyk makke. Yn kristlik Europa wie de skok op de oanfallen op it hillichste plak ûnbidich. It makke de tiid ryp foar de oanset ta it ûnstean fan de lettere krústochten.

Weropbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Graffity fan krúsfarders yn de Grêftskjerke

Underhannelings tusken de Fatimiden en it Byzantynske Ryk yn 1027-1028 lieden ta de tastimming fan de nije kalyf Ali az-Zahir (de soan fan Al-Hakim) om de tsjerke wer op te bouwen. De foltôging dêrfan fûn plak yn 1048. It wie in kostbere operaasje, dy't troch keizer Konstantyn IX Monomachos en patriarch Nicephorus fan Konstantinopel betelle waard. As konsesje foar de weropbou fan de Grêftsjerke moast de moskee yn Konstantinopel wer iepene wurde en de Khutbah-preken moasten tenei útsprutsen wurde yn az-Zahir's namme. Islamityske boarnen wolle ha dat in soad minsken wer it kristlike leauwe oannamen nei't se earder ûnder de ferfolgings fan Al-Hakim twongen wiene harren te bekearen ta de islaam. Foar it frijlitten fan 5.000 islamityske finzenen fregen de Byzantinen ek de tastimming om it patriargaat yn Jeruzalim te herstellen en oare tsjerken op te bouwen dy't ûnder Al-Hakim ferneatige wiene.

Hjoeddeiske boarnen neame it in fertsjinste fan de keizer dat er nei de oerienkomst mei az-Zahir ûnbidige bedragen útjoech om de weropbou fan de Grêftsjerke mooglik te meitsjen, itjinge it beskikbere jild fier te boppe gyng. It omtinken fan de nijbou gyng út nei de rotunda, wylst de grutte basilyk yn púnbult bleau. De nije tsjerke bestie út in iepen hôf mei oanslutend fiif kapellen eastlik fan de Opstanningshôf, dêr't de muorre fan de grutte tsjerke earder stie. De kapellen betochten de ferskate episoades út it lijen fan Kristus, lykas it finzen nimmen fan Kristus en de giseling dêrnei. Om't op it plak fan de grutte basilyk fierder neat barde waarden de kapellen wol omskreaun as in soarte fan Via Dolorosa yn it lyts. Kristenen út Europa dy't yn de 10e iuw op beafeart nei Jeruzalim gyngen, fûnen in soad fan harren hillige plak yn ferfal. De kontrole oer Jeruzalim en dus ek de Grêftsjerke wiksele ferskate kearen tusken de Fatimiden en de Seltsjûken, oant de krúsfarders yn 1099 harren oantsjinnen.

Krústochten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynname fan Jeruzalim yn 1099 troch de krúsfarders (Émile Signol)

Sawol de grutte soargen fan paus Urbanus II oer de Turkske ynfaazje yn Lyts-Aazje en de dêr fanútgeande driging foar Konstantinopel as de posysje fan Jeruzalim en de Grêftsjerke lieden ta it oproppen fan de earste krústocht. Doe't de krústocht ienris oan de gong wie, waard de befrijing fan Jeruzalim fral it doel fan de tocht. Op 15 july 1099 feroveren de ridders fan de earste krústocht de tsjerke op de Fatimiden.

De earste krústocht waard beskôge as in wapene pylgerreis en foar gjin ien krúsfearder wie dy tocht kompleet sûnder in besite oan de hillige Grêftsjerke om dêr te bidden. Prins Godfryd fan Bouillon, de earste krúsfearderskening fan Jeruzalim, woe himsels by libben net de titel fan kening jaan en liet him "Advocatus Sancti Sepulchri" (ferdigener fan de Hillige Grêftsjerke) neame. Yn dat tiidrek gyng it praat dat de sisterne ûnder de eardere basilyk de lokaasje west hie, dêr't Helena it Wiere Krús fûn hie en sa krige de sisterne letter de namme "Kapel fan de Untdekking fan it Krús", alhoewol't in bewiis ûntbrek.

Willem fan Tyrus, kronykskriuwer fan it krúsfearderskeninkryk Jeruzalim, docht ferslach fan in renovaasje fan de tsjerke yn it midden fan de 12e iuw. De krúsfearders lieten de eastlike ruïnes fan de lokaasje ûndersykje en by it útgraven fan it pún om by de sisterne te kommen ûntdieken se in diel fan de oarspronklike flier fan de timpel fan Hadrianus. Dy romte lieten hja wije ta de kapel fan Sint-Helena. De tsjerke waard yn romaanske styl ferboud en ek waard der in klokketoer tafoege.

Ottomaanske Ryk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1545 stoartte it heechste diel fan de klokketoer yn. De Fransiskaanske muontsen moasten nettsjinsteande it tanimmende tal pylgers nei ferwaarloazging de tsjerke yn 1555 renovearje. Se bouden de Aedicule op 'e nij op yn in gruttere foarm, sadat der in in foarkeamer ûnstie. In moarmeren skryn waard makke om de oerbliuwsels fan it grêf fan Kristus te bedekken, nei alle gedachten om tefoarren te kommen dat pylgers ta oantinken lytse stikjes fan it grêf mei nimme soene. Oer it kalkstiennen bêd dêr't it lichem fan Kristus lein hawwe soe waard in moarmeren beklaaiing lein.

Nei de renovaasje fan 1555 wiksele it behear fan de tsjerke tusken de Fransiskanen en de otterdoksken. It wie mar krekt hokker mienskip op in stuit yn 'e geunst stie by de Ottomaanske oeheid. Fakentiden moast der mei jild skood wurde en gewelddiedige botsings wiene net ûngewoan. Se koene it oer dy saak mar net iens wurde, ek al waard it op it aljemint brocht yn 1699 by de ûnderhannelings oer it Ferdrach fan Karlowitz. Om in ein oan de tsjierderij tusken de mienskippen te meitsjen joech de Porte yn 1767 in dekreet út dy't de tsjerke ûnder de easkers ferdielde, wêrby't de katoliken der bekaaid fan ôfkamen.

De ûnferweechlike leider

In earnstig brân yn 1808 makke yn de jierren 1809-1810 in weropbou fan de koepel fan de Rotunda en de Aedicule needsaaklik. Dat barde neffens it plan fan de arsjitekt Nikolaos Ch. Komnenos út it Grykske Mytilini yn de doedestiidske Ottomaanske barokke styl. Ek de skryn om de tombe hinne waard ferfongen. It ynterieur fan de foarkeamer, no bekend ûnder de "Kapel fan de Ingel", waard foar in part wer opboud ta in fjouwerkant grûnplan yn stee fan de eartiidske westlike healrûne ôfsluting. In oar dekreet fan 1863 fan de sultan befêstige nochris de al besteande ferdieling fan de tsjerke ûnder de mienskippen en dat de tsjerke yn deselde steat bliuwe moast. Dat lêste feroarsake wer skeel oer ek mar de lytste feroarings. Yllustratyf is de saneamde "ûnferweechlike leider" ûnder ien fan de ramen. Dy leider stiet útsein twa mominten fan in tydlike ferwidering al sûnt 1757 yn deselde posysje op it selde plak. Op syn pylgerreis nei it Hillige Lân omskreau Paus Paulus VI de leider as in sichtber symboal fan de ferdieldens ûnder de Kristenheid.

20e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjintwurdige koepel, makke fan izer, waard yn 1868 restaurearre troch katoliken, Griken en Turken en nochris restaurearre tusken 1994-1997 as ûnderdiel fan in gruttere renovaasje fan de tsjerke dy't al sûnt 1959 plak fynt. By de restauraasjewurken en opgravings fan 1970 oant 1978 yn it gebou waard fêststeld dat it gebiet oarspronklik in stiengat wie, dêr't wite sânstien wûn waard. Eastlike fan de Kapel fan Sint-Helena ûntdutsen de graafmasjines in romte mei in 2e iuwske tekening fan in romeinsk skip, twa lege muorren dy't de flier fan de 2e iuwske Hadrianus-timpel droegen en in hegere muorre út de 4e iuw fan de troch Konstantyn boude basilyk. Nei de opgravings út de iere jierren 1970 hawwe Armeenske autoriteiten dy argeologyske romte omfoarme ta de "Kapel fan Sint-Vartan" en in brêge oer it stiengat lein, sadat de kapel fanôf de Sint-Helenakapel te berikken is.

Yn 2016 waard de Aedicule restaurearre. Foar it earst sûnt 1555 waard de moarmeren beklaaiing fan it ferûnderstelde plak dêr't Jezus syn lichem lein hat ferwidere. Doe't de beklaaiing ferwidere waard op 26 oktober levere de earste ynspeksje fan de Nasjonale Technyske Universiteit fan Athene ynearsten allinne in laach folmaterjaal op. Yn 'e nacht fan 28 oktober waard it oarspronklike kalkstiennen grêfbêd yntakt bleatlein. Dêrmei kin fêststeld wurde dat it grêf troch de tiid net fan lokaasje feroare is en dat de kalkstiennen muorren yn de Aedicule orizjineel binne. Al gau dêrnei waard de tombe wer fersegele.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kalvary[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Golgotha, alter
Plattegrûn kompleks (klik op it plaatsje om it grutter te meitsjen)

Krekt by de yngong fan de tsjerke liedt in trep nei Golgotha (Kalvary), dat tradisjoneel holden wurdt foar it plak dêr't Jezus krusige waard. It is it meast fersierde diel fan de tsjerke. De útgong is oer in oare trep, dy't nei de koaromgong liedt. Golgotha en syn kapellen lizze krekt súdlik fan it haadalter fan de Catholicon.

Golgotha wurdt ferdield yn twa kapellen, in gryksk-otterdokske en in katolike, elts mei in eigen alter. Oan de lofter kant (de noardlike kant) stiet it alter fan de gryksk-otterdokske kapel op de rots fan Golgotha (12e staasje: Jezus stjert oan it krús), dy't mei de hân oanrekke wurde kin troch in gat yn de flier ûnder it alter. De rots wurdt troch beskermjend glês oan beide kanten fan it alter sichtber makke. Doe't de tsjerke boud waard is de sêftere stien dêromhinne weihelle. De roomske (Fransiskaanske) "Kapel fan de Krusiging" (11e staasje: Jezus wurdt oan it krús slein) leit oan de súdlike kant. Tusken it katolike en it otterdokske alter markearret in byld van Marije neffens de katolike tradysje de 13e staasje (Jezus wurdt fan it krús ôfnommen) fan de krúswei.

Under de Golgothakapel leit de "Kapel fan Adam". Neffens de oerlevering waard Jezus krusige op it plak dêr't de skedel fan Adam begroeven lei. Guon wolle ha dat it bloed fan Kristus by it krús delrûn en troch in spleet yn 'e rots Adam's skedel folle om him te reinigjen fan de sûnde yn it Paradys. De letters A+D+A+M kinne ek ferwize nei de minske yn it algemien, dy't troch de krúsdea fan Jezus ferlost waard fan de sûnde. Yn it Gryksk foarmje de earste letters fan de fjouwer hoeken fan de wrâld it wurd ADAM (Anatole: easten, Dysis: westen, Arktos: noarden, Mesembria: suden). Troch in raam yn de 11e iuwske apsis kin yn de rots fan Golgotha in skuor sjoen wurde, dy't ûnstien wêze soe troch de ierdskodding dy't op de dea fan Jezus folge.

Efter de Kapel fan Adam leit it Museum fan it Gryksk-Otterdokske Patriargaat. Yn it museum wurden in soad reliken útstalt, wêrûnder in kristallen miter dêr't ea in fragmint fan it krús yn ferwurke wie.

De Stien fan de Salving

Stien fan de Salving[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Stien fan de Salving leit fuort by de yngong fan de tsjerke en is it plak dêr't neffens de tradysje it lichem fan Jezus nei de krúsôfname taret waard om bysetten te wurden yn it grêf fan Joazef fan Arimathea. Oft it werklik de lokaasje west hat is net wis. De tradysje waard pas yn de tiid fan de krúsfarders fêststeld en de hjoeddeiske stien datearret fan de restauraasje yn 1810.

Op de eftergrûn is in modern trijedielich mozaïek dat sintraal de salving fan Jezus útbyldet. De oare twa foarstellings litte de krúsôfname (rjochts) en it bysetten fan Jezus yn de grot (lofst) sjen. Ek de Stien fan de Salving (njonken wurdt njonken it Marijebyld) wurdt wol as 13e staasje fan de krúswei beskôge.

Rotunda en Aedicula[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aedicula

De rotunda is it gebou ûnder de 50 meter hege koepel oan de meast westlike kant fan it kompleks. Yn it midden fan de rotunda is de grêfkapel; yn it Latynsk Aedicula neamd (yn it Gryksk: Kouvouklion). Dy kapel, it wichtichste plak foar kristenen, omslút it Hillich Grêf en bestiet út twa romten. Boppe it portaal fan de kapel hingje in grut tal lampen. De earste romte is de Kapel fan de Ingel; yn dy romte leit in diel fan de stien dêr't Jezus grêf mei ôfsletten waard. In smelle gong liedt nei de twadde romte, de grêfkeamer, dy't 2,07 meter lang by 1,93 meter breed is. Om tefoarren te kommen dat pylgers it grêf oanrekken en ynklauwerige pylgers orizjinele stikjes fan de stien as oantinken meinamen waard yn de 14e iuw oer it grêf om fierdere skea te beheinen in moarmeren plaat lein. It is de 14e staasje fan de krúswei.

De otterdokske, katolike en armeenske tsjerken hawwe allegear rjochten op it gebrûk fan de tombe en alle trije mienskippen fiere dêr alle dagen neffens de eigen liturgy in earetsjinst.

De kapel datearret foar it measte út 1809, doe't der nei skea fanwegen brân de kapel yn de Ottomaanske barok op 'e nij boud waard. Yn de rin fan de tiid ûnstiene der grutte skuorren yn de muorren fan de kapel fanwegen brek oan de konstruksje. De moarmeren platen oan de kanten wiene te swier en it tapaste semint ynferieur. Nei de ierdskodding fan Jericho yn 1927 drige it hiele bouwurk yn te stoarten. Yn 1947, yn it lêste jier fan harren mandaat foar Palestina, lieten de Britten de kapel mei in stalen korset omklamje om sa de kapel foar ynstoarten te behoedzjen. Yn de jierren 2016-2017 waard de kapel restaurearre en foar nije ierdskoddings feilich steld. Yn it ramt fan de restauraasje troch Grykske saakkundigen waard in finster yn de moarmeren beklaaiing snien. Troch it raam fan it finster binne de resten fan de opgeande rots te sjen, dy't befêstigje dat it by de grêfkeamer om in lokaal selden foarkommend yndividueel grêf giet. Dat komt oerien mei de beskriuwing yn it evangeelje fan Jehannes dat Jezus yn in nij grêf byset waard, dat noch net earder brûkt wie.

Oan de achterkant fan de Aedicula leit in kapel mei izeren traaljewurk. It alter dêr wurdt brûkte troch de Koptysk-Otterdokske Tsjerke.

It nije Golgotha]-krús

Westlik fan de Aedicule is yn de apsis fan de rotunda de Kapel fan de Jakobiten mei it grêf fan Joazef fan Arimatéa, in kapel fan Syrysk-Otterdokske mienskip. Rjochts fan it grêf oan de noardwestlike râne fan de rotunda leit de "Kapel fan de Ferskining". De kapel is ornearre foar katolyk gebrûk en wijd oan de moeting fan de opstiene Kristus mei syn mem Marije.

Koepel Katholikon

Katholikon[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eastlik fan de grutte rotunda leit de tsjerke út de krúsfarderstiid. Yn de tsjerke, tsjintwurdich de Gryksk-Otterdokske katholikon, is it haadalter ûnderbrocht. De koepel hat in diameter fan 19,8 meter. Sûnt 1996 wurdt de koepel bekroand mei it monumintale Golgotha-krús, dat troch de Grykske patriarch Diodoros I fan Jeruzalim ynwijd waard. Under de koepel yn it midden fan de krusing fan it koer stiet in omphalos (Gryksk foar "nâle"), op it plak dat eartiids as it sintrum fan 'e wrâld beskôge waard ("de nâle fan 'e wrâld). Eastlik dêrfan is in grutte ikonostase te sjen.

Koeromgong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Finzenis fan Kristus

De kapellen yn de koeromgong binne fan noard nei súd: de "Finzenis fan Kristus", de Grykske "Kapel fan Sint-Longinus", de Armeenske "Kapel fan it Ferdielen fan de Klean", de tagong ta de Sint-Helenakapel en de Grykske "Kapel fan de Bespotting".

Neffens de Fransiskanen waard Jezus fêstset op it plak dêr't tsjintwurdich de Finzenis fan Kristus is. Gryksk-otterdoksen wolle lykwols ha dat yn harren Kleaster fan it Paetorium it echte plak leit dêr't Jezus eartiids fêstholden waard. It kleaster stiet by de Tsjerke fan Ecce Homo tusken de twadde en tredde staasje fan de Via Dolorosa. Dêrfoar oer beskôgje de Armeniërs in ôfsûndere romte yn it Kleaster fan de Giseling oan de twadde staasje fan de Via Dolorosa as de finzenis fan Kristus. Ek wurdt in sisterne tusken de ruïnes ûnder de Tsjerke fan Sint-Petrus yn Gallicantu op de berch Sion wol foar de finzenis fan Kristus holden. Om de ferskate tradysjes by inoar te bringen binne der ek guon dy't miene dat Jezus op alle trije plakken fêstholden waard. Doe't Jezus foar de hegepreester ferskine moast waard Er op de berch Sion fêstholden, yn ferbân mei de rjochtsaak by de romeinske gûverneur Pilatus waard Jezus yn it Praetorium finzen holden en flak foar de krusiging op in plak by Golgotha.

Sint-Helenakapel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

260px
Sint-Helenakapel

Tusken de "Kapel fan it Ferdielen fan de Klean" en de Grykske "Kapel fan de Bespotting" leit in trep dy't nei de Sint-Helena-kapel liedt. Fan dêr wei liede 22 trêden nei de katolike "Kapel fan it finen fan it Krús", it plak werfan't oannommen wurdt dat Helena dêr it Wiere Krús fûn hat. En fanút de Sint-Helenakapel is it op fersyk mooglik om troch in smei-izeren nei in platfoarm te gean dat útsicht biedt op it stiengat en de tagong jout nei de "Kapel fan Sint-Vardan". Yn dy kapel binne argeologyske resten te sjen fan Hadrianus' timpel en de basilyk fan Konstantyn.

Oargels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grêftsjerke hat trije oargels dy't foar de katolike liturgy brûkt wurde. De oare denominaasjes brûke gjin oargelmuzyk yn harren tsjinsten. Alle trije oargels binne makke troch Rieger Orgelbou út Eastenryk.

It haadoargel stiet yn it westlike diel fan de rotunda op in galeri. It yn 1981-1982 boude haadoargel hat 39 registers op twa manualen en pedaal en waard op 29 april 1982 ynwijd. Troch it oargel wat fansiden sadat it dreech te sjen is.

It saneamde Magdalena-oargel stiet westlik fan it Marije Madalena-alter en njonken de kapel fan de Fransiskanen. It yn 2014 boude koeroargel ferfong in âlder ynstrumint op itselde plak. It oargel is yn in haadwurk en in boppewurk ferdield. It hat 15 registers op twa manualen en pedaal.

Op 21 oktober 2016 waard it Golgotha-oargel ynwijd, dat in kistoargel út it midden fan de jierren 1970 ferfong. Dat oargel hat 5 registers op twa manualen. De manualen binne makke út stobben fan ôfstoarne olivebeammen út de Hôf fan Getsemane. It wapen fan de Kustoady fan it Hillige Lân op it midden fan de noatenlessener is yn Bethlehem fan parlemoer makke, dêr't de Fransiskanen de technyk fan it bewurkjen fan it parlemoer yn de 17e iuw ynfierden.

Lokaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wie eartiids wênst om deaden bûten de stedsmuorren te begraven en ek it Nije Testamint ferhellet dat it grêf fan Jezus bûten de muorren fan Jeruzalim lei. Tsjintwurdich leit de tsjerke binnen de hjoeddeiske muorren fan de âlde stêd Jeruzalim, mar it is goed troch argeologen ûnderboud en dokumintearre dat yn de tiid fan Jezus de bemuorre stêd lytser wie en dat de muorre eastlik fan de tsjerke lei. Mei oare wurden: de stêd wie yn Jezus' tiid folle lytser en it plak fan de hjoeddeiske tsjerke lei doe bûten de stedsmuorren.

It gebiet súdlik en eastlik fan de Grêftsjerke wie in stiengat, dat de earste fiif iuwen bûten de stêd lei lykas opgravings ûnder de Lutherske Ferlossertsjerke oan de oare kant fan de stritte útwiisd hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Church of the Holy Sepulchre


  1. Israël en de Palestijnse gebieden, LANWB Kunstreisgids