Paternostertsjerke
Paternostertsjerke | ||
![]() | ||
![]() | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Kristlike wyk yn 'e Alde stêd | |
koördinaten | 31°46' N 35°14' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1872-1875 (kleastertsjerke); 1915-1927 (de ûnfoltôge Eleonatsjerke) | |
Kaart | ||
De Paternostertsjerke is in roomsk-katolyk tsjerkegebou yn Jeruzalim. De tsjerke stiet op 'e Oliveberch op it plak dêr't Jezus de dissipels it Us Heit leard hawwe soe en makket diel út fan in kleaster. De Paternostertsjerke stiet njonken de ruïnes fan 'e 4e-iuwske byzantynske Eleonatsjerke, dy't yn 'e 20e iuw foar in part rekonstruearre waard. De grûn dêr't de twa tsjerken en it kleaster op steane is steatsbesit fan Frankryk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Byzantynske tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De hjoeddeiske Paternostertsjerke stiet fuort njonken it plak fan in 4e-iuwske basilika, dy't yn opdracht fan Konstantyn I boud waard ta oantinken fan 'e himelfeart fan Jezus. De bou fûn plak ûnder de oanwizings fan syn mem Helena, dy't it gebou de namme Tsjerke fan 'e Apostels neamde. De âldste noch besteande boarnen datearje út de 4e iuw. Yn it reisferslach fan 'e pylger Egeria út Noard-Spanje wurdt de tsjerke de Eleonatsjerke (elaion is Gryksk foar "fan oliven") neamd. De tsjerke wurdt ek troch in pylger út Bordeaux neamd yn it Itinerarium Burdigalense fan likernôch it jier 333. De skiedkundige Eusebius fan Caesarea skriuwt dat oer in grot, dy't te meitsjen hat mei de himelfeart fan Jezus, in tsjerke op 'e Oliveberch boud wurdt. De Byzantynske Eleona-tsjerke waard yn 614 troch de Perzen ferneatige.
Krúsfarderstsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It plak bleau ek assosiearre mei Jezus as learaar en yn 'e tiid fan 'e krúsfarders waard it plak allinne noch yn ferbân brocht mei it learen fan it Us Heit oan 'e apostels. De krúsfarders bouden yn 1106 tusken de púnbulten in lyts oratorium, folge troch in grutte tsjerke yn 1152 troch de Deenske biskop Svend fan Viborg, dy't yn de tsjerke begroeven waard. De krúsfarderstsjerke rekke slim skeind by Saladin's ferovering fan Jeruzalim yn 1187 en rekke neitiid yn it neagean.
Moderne tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grûn waard yn 'e twadde helte troch de Frânske prinsesse Aurélie de La Tour d'Auvergne oankocht. Hja miende op basis fan 'e âlde boarnen dêr de grot te finen en fuort nei de keap sette de opgravingen útein. Yn 1868 liet se in kleastergong bouwe en yn 1872 stifte se in kleaster foar Karmelitessen. De kleastertsjerke waard yn 'e jierren 1874-1875 boud.
De fereare grot waard lang om let yn 1910 ûntdutsen en lei foar in diel ûnder de moderne kleastergong. It kleaster ferhûze nei in plak tichterby. It wie it doel om de Byzantynske Eleonatsjerke te rekonstruearjen, mar it jild rekke op en sa bleau de Eleonatsjerke ûnfoltôge.
De lytse 19e-iuwske kleastertsjerke stiet eastlik fan 'e moderne kleastergong, wylst de ûnfoltôge Byzantynske rekonstruksje westlik stiet.
It grêf fan prinses Aurélie stiet by de tagong fan 'e moderne tsjerke. Hja ferstoar yn Florence yn 1889 en neffens har winsk waard har omskot yn 1957 nei de tsjerke brocht.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De rekonstruksje fan 'e Byzantynske tsjerke jout in goed byld fan hoe't it orizjineel west hat. De ôfmjittings fan 'e tsjerke binne deselde as dy fan 'e 4e-iuwske tsjerke en de tún bûten de trije doarren jout in skets fan it atriumdiel. De Eleonatsjerke hat gjin dak en hat treppen, dy't liede nei de grot wêrfan't guon kristenen tinke dat Jezus dêr syn profesije oer de ferneatiging fan Jeruzalim en it weromkommen oan syn apostels iepenbierre. Spitigernôch stoartte de grot by de ûntdekking yn 1910 foar in part yn.
De muorren fan 'e kleastergong, de kleastertsjerke en de foar in part rekonstruearre Eleonatsjerke wurde brûkt foar de betegele panelen mei it gebed Us Heit, yn wol mear as hûndert ferskate talen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelktalige Wikipedysiden; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Church of the Pater Noster
|