Akwa (kleur)
akwa | ||
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #00FFFF | |
RGBª (r, g, b) | (0, 255, 255) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (100, 0, 0, 0) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
Akwa (fan it Latynske aqua, "wetter") is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan blau of fan grien. It is in grienblauwige of blaugrienige kleur, dy't him yn 'e kleuresirkel persiis healwei tusken blau en grien yn befynt. As webkleur is akwa identyk oan syaan. Tradisjoneel waard de kleur dy't werjûn wurdt mei de heksadesimaal #00FFFF en yn it RGB-kleursysteem mei (0,255,255) nammentlik 'syaan' neamd, mar yn 'e 1980-er jierren is troch it X11-systeem fan webkleuren ynstee de namme 'akwa' yntrodusearre.
By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is akwa in sekundêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan gelikense hoemannichten blau en grien ljocht (krekt sa't syaan by additive kleurminging ek produsearre wurdt). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is akwa yn prinsipe in primêre kleur as it beskôge wurdt as identyk oan syaan. Lykwols is it sa dat printersyaan net alhiel deselde kleur is as de webkleur syaan, en dêrmei dus ek net as de webkleur akwa.
Besibbe tinten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]akwa | #00FFFF | |
syaan (webkleur) | #00FFFF | |
printersyaan | #00B7EB | |
feal akwa | #BED3E5 |
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |