Springe nei ynhâld

Jurjen van der Kooi

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 mai 2019 om 15.44 troch Holder (oerlis | bydragen) (corr using AWB)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Jurjen van der Kooi
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jurjen van der Kooi
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 22 desimber 1943
berteplak Hurdegaryp (Fryslân)
stoarn 4 septimber 2018
stjerplak Drachten (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt dosint, wittenskiplik ûndersiker
aktyf as folklorist
jierren aktyf ±19652018
bekendste
  wurk(en)
De Nachtmerje fan Rawier
De Wiete Poes
prizen Europäische Märchenpreis 1997
offisjele webside
n.f.t.

Jurjen van der Kooi (Hurdegaryp, 22 desimber 1943Drachten, 4 septimber 2018) wie in Frysk universitêr dosint en folklorist. Hy waard rûnom erkend as autoriteit op it mêd fan folksferhalen út Fryslân, Noard-Nederlân en dielen fan noardlik Dútslân.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van der Kooi waard yn 1943 berne yn Hurdegaryp. Hy studearre letterkunde en wie oant syn pinsjoen yn 2004 haaddosint en associate professor folkskunde en orale literatuer oan 'e Ryksuniversiteit Grins. Yn dy hoedanichheid wied er ek aktyf as wittenskiplik ûndersiker fan folksferhalen út Noard-Nederlân, East-Nederlân en dielen fan noardlik Dútslân.

Hy promovearre yn 1984 cum laude op Volksverhalen in Friesland: Lectuur en Mondelinge Overlevering. It sintrale punt fan dat proefskrift wie Van der Kooi syn stelling dat in soad folksferhalen net iuwenlang fan âlder op âlder oerlevere binne, mar eins faak weromgeane op (skriftlike) publikaasjes út 'e njoggentjinde iuw dy't yn neifertelde foarm oerlevere binne. Yn 1997 waard him de Europäische Märchenpreis takend, en yn 2004 krige er fan 'e Ostfriesische Landschaft it Totius Frisiae Siegel foar syn hiele oeuvre.

Oars as bgl. Dam Jaarsma en Ype Poortinga teach Van der Kooi der net mei in bânrecorder op út om eigenhannich folksferhalen fêst te lizzen, mar bestudearre er folksferhalen dy't al troch oare fêstlein wiene. Syn wichtichste ferstjinste wie dêrby it sammeljen en kategorisearjen fan folksferhalen, folksrimen en seispreuken út Noard-Nederlân, East-Fryslân en Noard-Fryslân. Van der Kooi beskôge folksferhalen as in mienskiplik kultuerbesit, dêr't út ôflaat wurde kin hoe't de minsken foarhinne libben en hoe't de maatskippij him troch de jierren hinne ûntjûn hat.

Fan 'e hân fan Van der Kooi ferskynden in protte publikaasjes, wêrûnder De Nachtmerje fan Rawier, dêr't er in stikmannich Fryske sêgen oer it boppenatuerlike yn gearbrocht, en De Wiete Poes, dêr't er tegearre mei Douwe Kootstra in rige skabeljeuze folksferhalen yn sammele dy't út 'e measte oare boeken weilitten wiene. Van der Kooi kaam yn 2018 yn Drachten te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 74 jier.

(in kar)

  • 1984 – Volksverhalen in Friesland: Lectuur en Mondelinge Overlevering (proefskrift)
  • 1990 – Friesische Märchen (mei B.A. Gezelle Meerburg)
  • 1997 – Untank Is it Lean fan 'e Wrâld: Folksferhalen op Rym
  • 2000 – De Nachtmerje fan Rawier
  • 2007 – Alle Beetjes Helpen: Nederlandse, Friese en Vlaamse Wellerismen (mei H.L. Cox e.o.)
  • 2011 – De Herder Is Myn Redder
  • 2017 – De Wiete Poes (mei Douwe Kootstra)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: