Springe nei ynhâld

Issaquah (Washington)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 mrt 2019 om 23.56 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppeling om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Issaquah
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County King County
Boargemaster Ava Frisinger
Sifers
Ynwennertal 32.633 (2012)
Oerflak 29,53 km² (ynkl wetter)
29,47 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1033 / km²
Stêdekloft 3.500.026
Hichte 33 m
Oar
Stifting 1888
Postkoade 98027, 98029, 98075
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 47°32´8´´W 122°2´36´´
Offisjele webside
issaquahwa.gov
Stêdhûs fan Issaquah

Issaquah (útsprutsen: /'ɪsəkwɑː/ of ǐs′·ə·kwâ) is in stêd yn King County yn de steat Washington, Feriene Steaten. It is part fan de stêdekloft fan Grut-Seattle. It hie neffens de folkstelling fan 2010 in ynwennertal fan 30.344 en yn 2012 neffens in rûzing 32.633 ynwenners. De stêd leit oan de súdigge fan it Sammamish Mar en de stêd grinzet oan 3 kanten oan de Issaquah Alps, te witten Cougar Mountain bewesten, Squak Mountain besuden en Tiger Mountain beëasten de stêd. Op de hellings fan de earste 2 bergen binne komplete wiken boud. Geologen hawwe ûntdutsen dat de Issaquah Alps oars as de rest fan de Cascades net fulkanysk binne. Hja tinke dat dizze bergen fan in folle âlder berchtme binne, dy weiwurden binne troch ierdskoddings, fulkanyske aktiviteiten en plaatferskowings. De stêd leit oan de Interstate 90 fan Seattle nei Spokane en Washington State Route 900 nei Renton. Stêden dy tichteby lizze binne Bellevue en Redmond, sa'n 13 km en it sintrum fan Seattle sa'n 27 km. Issaquah leit op it Mountains to Sound Greenway projekt.

Mynwurkershûzen yn 1913

'Issaquah' is in feringelske' wurd fan in Yndiaansk wurd, wat soksawat 'it lûd fan fûgels, 'slang' of 'lytse stream' betsjutte kin. In âldere namme fan it gebiet, 'Squak Valley' stamt ek fan deselde yndiaanske namme ôf. Yn 1885 kaam it doe noch gemeentefrije gebiet yn it nijs mei in oanfal op Sineeske wurkers, dy't kommen binne om hops te plukken. Yn 1887 kaam it spoar nei fynsten fan koal yn de omkriten en yn 188 waard it stêdsplan ûntwurpen. It plak waard op 29 april 1892 offisjeel in stêd. It begûn as in mynstêdsje en wie sa úteinset om de mynwurkers te behûzjen en betsjinjen. Op de bergen Squak en Cougar wiene koalminen úteinset. De namme fan it plak wie doe noch 'Gilman', mar feroare yn 1899 yn 'Issaquah'. Letter kaam de houtyndustry ek op gong. Dizze yndustryen rûnen faai mei de tiid doe't de Grutte Depresje útbruts. It bleau in rêstich stêdsje doe't Boeing en letter Microsoft yn de omkriten kamen. Dizze bedriuwen hiene grutte ynfloed op de ûntjouwing fan Issaquah.

Darigold molkfabryk

Yn juny 1996 kaam it haadkantoar fan it grutwinkelbedriuw Costco fanút Kirkland nei Issaquah. Oare bedriuwen dy't wichtige wurkjouwers yn Issaquah binne binne: Siemens Medical Solutions' Ultrasound Group, GoldSim Technology Group, Overtime Technologies, Boehm's Candies en Darigold. Ek Microsoft yn Redmond en Boeing mei har ferskate fêstigings binne fan ynfloed yn Issaquah. Issaquah leit besuden de Interstate 90. Washington State Route 900 ferbynt de stêd mei Renton. Yn de spitsoeren is it faak tige drok en steane der deistich files yn en om de stêd. De stêd wurdt betsjinne mei busferfier troch de maatskippyen Sound Transit en King County Metro. De stêd hat in myld seeklimaat mei sa'n 23°C simmers en sa'n -1°C winters mei in totaal trochsneed wetterdelfal fan 1451 mm. De befolking bestie neffens de folkstelling fan 2010 út 74,7% blanken, 1,4% swarten, 0,4% yndianen, 17,5% Aziaten, 0,1% Pasifyske Eilanners, 1,8% fan oare en 4,1% fan mingde rassen. Etnysk bestie de befolking foar 5,8% út Hispanic of Latino's. De trochsneed âldens wie 36,8 jier en 23,7% wie ûnder 18 en 12,7% wie 65 jier en âlder. It trochsneed hûshâld ynkommen wie $57.892 en 4,8% libbe ûnder de earmoed grins.

Nijsgjirrichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In âld spoarferwikseler
  • Salmon Days Festival, in feest eltse earste wykein yn oktober.
  • Cougar Mountain Zoo, in bistetún justjes bewesten de stêd.
  • Issaquah Salmon Hatchery
  • Gilman Village, in samling histoaryske gebouwen

Ferneamde persoanen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Phil Lucas, dokumintêre filmmakker
  • Patrick Monahan, fan popgroep Train.
  • Dino Rossi, eardere Republikeinske kandidaat foar gûverneur

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Bibliography en Further Reading, op dizze side.