Springe nei ynhâld

Utjouwerij Hispel

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 mrt 2019 om 18.59 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Utjouwerij Hispel
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
type privaat
sektor útjouwerij
fêstige yn Loenen oan de Fecht (Utert)
oprjochte ûnbekend
offisjele webside
www.hispel.nl

Utjouwerij Hispel is in Nederlânske útjouwerij dy't fêstige is yn Loenen oan de Fecht, yn 'e provinsje Utert. It bedriuw leit him, neffens de eigen webside, lykwols ta op it útjaan fan Frysktalige "kwaliteitsliteratuer en nijsgjirrige essays".

Sa binne by Hispel útkommen: proazawurk, lykas Eksamenjier en Simmer oan 'e Pikmar fan Sjieuwe Borger en De Brimstige Ingel fan Klaas Rusticus, en poëzij, lykas Tongermolke fan Jacobus Q. Smink, Foar Elke Man in Eigen Pake fan Bartle Laverman en Leech Hert yn Nij Jek fan Geart Tigchelaar. Dyselde brocht by Hispel ek syn oersetting Swarte Swan út, nei in jeugdroman fan Gideon Samson.

Utjouwerij Hispel publisearret fierders ek it literêr tydskrift ensafh, dat sawol op papier as op it ynternet ferskynt. Foar bestellings wurket Hispel gear mei de webwinkel fan 'e Afûk.

Galery fan útjeften

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: