Lit-Sjen-Wylst-Er-Giet
Lit-Sjen-Wylst-Er-Giet | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Lit-Sjen-Wylst-Er-Giet | |
oare namme | Shows-As-He-Goes | |
nasjonaliteit | Kriesk | |
berne | 18?? | |
berteplak | yn Montana | |
stoarn | nei 1905 | |
stjerplak | yn Montana | |
etnisiteit | Kriesk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | haadman fan 'e Krieën |
Lit-Sjen-Wylst-Er-Giet (Ingelsk: Shows-As-He-Goes; yn Montana, 18?? – dêre, nei 1905) wie in haadman fan 'e Krieën, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lit-Sjen-Wylst-Er-Giet waard yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw berne yn wat letter de Amerikaanske steat Montana wurde soe. Hy ûntjoech him ta in haadman fan 'e krigers fan syn folk, de Krieën, en wie belutsen by ferskate skermutselings en gefjochten mei de Amerikaanske kavalery en mei blanke kolonisten dy't har op it lân fan 'e Krieën nei wenjen sette woene.
Yn 1905 mette er de Amerikaanske fotograaf Edward S. Curtis, troch wa't er him op 'e foto sette liet. Tsjin dy tiid wie Lit-Sjen-Wylst-Er-Giet in âldman op hege jierren, waans oarlochsferline lang foarby wie. It is net bekend wannear't Lit-Sjen-Wylst-Er-Giet stoarn is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |