De Fisken en de Drenkeling
De Fisken en de Drenkeling | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Los Peces y el Ahogado | |
auteur | Pablo Neruda | |
taal | Spaansk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | gedicht | |
1e publikaasje | 1950, Meksiko-Stêd | |
bondel | Canto General | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Fisken en de Drenkeling | |
publikaasje | 1983, yn HJIR | |
oersetter | Klaas Bruinsma |
De Fisken en de Drenkeling, yn it oarspronklike Spaansk: Los Peces y el Ahogado, is in gedicht fan 'e hân fan 'e Sileenske dichter, skriuwer, politikus, kommunist en Nobelpriiswinner Pablo Neruda (1904-1973). It makket diel út fan Neruda syn magnum opus Canto General, in wiidweidich wurk oer de skiednis fan Noard- en Súd-Amearika, dat yn 1950 publisearre waard.
Yn De Fisken en de Drenkeling, dat út 29 fersregels bestiet, beskriuwt Neruda it libben yn 'e see, dêr't it optilt fan 'e fisken yn al har foarmen en kleuren, ien grutte libbene grimelgrammel fan blikkerjende, woltierige lichems. Sa fol fan fisken is de see, dat de stjerren oan 'e himel wjerskine yn harren sulverne skobben. De earste 18 fersregels is Neruda mei dizze beskriuwing besteld. Yn it lêste part fan it gedicht, regels 19-29, sakket in man wei yn it wetter, almar djipper, op 'e "ferslinende djipten" ta. It wurdt beskreaun as in "ferwûne beërf", wat suggerearret dat dit omleech gean nei de seeboaiem miskien in gefal fan selsmoard is, mooglik dy fan 'e ferteller út it earste part fan it gedicht.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Los Peces y el Ahogado waard ûnder de titel De Fisken en de Drenkeling yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma, dy't benammen bekend is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes. Hy publisearre syn fertaling fan Los Peces y el Ahogado yn it tydskrift HJIR, yn ôfl. 3 fan 1983.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|