Renee LaRue
Renee LaRue | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Renee Larue, Rene LaRue, Rene Larue, Renee La Rue, Rene La Rue, Renee LeRue, Ray | |
echte namme | Tracy Renee Evans | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 14 augustus 1970 | |
berteplak | St. Louis (Missoury) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise, regisseur | |
jierren aktyf | 1998 – 2006 | |
offisjele webside | ||
www.reneelaruexxx.com |
Renee LaRue, echte namme: Tracy Renee Evans (St. Louis, 14 augustus 1970), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, pornografysk aktrise en pornoregisseur, wa har skûlnamme oft wol op ferskate manearen ferhaspele is, ta Renee Larue, Rene LaRue, Rene Larue, Renee La Rue, Rene La Rue en Renee LeRue. Ek hat se wol wurke ûnder de namme Ray. Neffens har offisjele opjefte is LaRue 1.70 m lang, mei in gewicht fan 54 kg en kupmaat 34D, dêr't se oan kommen is troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]LaRue waard yn 1970 berne yn St. Louis, yn 'e steat Missoury. Yn 1998, doe't se 28 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se dêrnei yn totaal yn 219 pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Jill Kelly Productions, VCA Pictures, New Sensations, Elegant Angel, Sin City, Adam & Eve en Devil's Film. Ek wurke se wol foar minder bekende studio's, wêrûnder Extreme Associates en Afro-Centric Productions.
Njonken har aktearwurk posearre LaRue ek wol foar neakenblêden. Yn 2005 regisearre hja fierders twa films, ntl. Elements of Desire, foar de studio Wildlife, en Sex Illusions 1, foar X-Worx. LaRue waard twaris nominearre foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld): yn 2002, yn 'e kategory bêste groepsekssêne, foar har optreden yn 'e film X-Rated Auditions 3, en yn 2003, yn 'e kategory bêste lesbyske groepsekssêne, foar har rol yn 'e film Paying the Piper. Uteinlik loek LaRue har yn 2006 út 'e pornoyndustry werom.
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2002 | AVN Award | nominearre | bêste groepsekssêne (fideo) (mei Angel, Calli Cox, Sana Fey, Shay Sights, Joel Lawrence, Nick Manning, Pat Myne en Tony Pounds) |
X-Rated Auditions 3 |
2003 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske groepsekssêne (film) (mei Claudia Adkins, Angelica Costello, Dasha, Alana Evans en Raylene) |
Paying the Piper |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Renee Larue
- (in) Biografy en filmografy fan Renee Larue yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Renee Larue yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Renee Larue op FreeOnes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|