Obbe Philips
Obbe Philips (Ljouwert, om 1500 - Noard-Dútslân?, 1568) wie barbier yn Ljouwert. Hy waard fral bekend as werdoper en ketter. Hy wie de ûnechte soan fan in Roomsk Katolyk pryster út Ljouwert. Philips studearre medisinen en waard doe barbier en sjirurch. He boaske yn 1530 en begûn doe ek syn saak. Letter wurke er ek yn Amsterdam, Delft, Grinslân, Holstein en Mecklenburg.
Hy sleat him yn novimber 1533 oan by de dopersken, ek wol werdopers of anabaptisten neamd. De dei nei't Obbe opnij doopt wie, waard er oansteld as âldste en krige opdracht om it bruorskip te lieden. Syn neifolgers waarden de Obbiten neamd. Menno Simons is wierskylik troch him ynwijd om 1537 hinne, en nei alle gedachten earder troch Philips doopt.
Obbe en syn broer Durk Philips hearden ta de freedsume neifolgers fan Melchior Hoffman en hja preken al yn 1534 tsjin geweld as middel om God's keninkryk op ierde te fêstigjen. Obbe hat de Nederlânske Anabaptisten laad oant 1540 doe ferlear er syn leauwe yn it anabaptisme en ferliet er de beweging. Reden wie mei dat Menno Simons en Durk Philips begûnen mei it organisearjen fan de gemeenten en rjochtlinen opstelden. Om 1560 hinne skreau Philips syn Bekentenis: 'Oantinkens fan de jierren 1533-1536, nei syn dea publisearre troch Cornelius Claesz. Yn dat boek utere hy syn spyt oer it ynheljen en oerheljen fan minsken ta it anabaptisme. It ienige dêr't er it mei iens bliuwe koe wie it freedsume aspekt fan Menno Simons syn lear. Hy libbe letter yn Rostock oan de Eastsee. W. J. Kühler, yn Geschiedenis I (1932), konkludearret: "mei Obbe ferlear it bruorskip grif syn meast oansprekkende lieder."
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- J. Denny Weaver, Becoming Anabaptist, ISBN 0-8361-3434-6
- Harold S. Bender, Cornelius J. Dyck, Dennis D. Martin, Henry C. Smith, et al. redaksje, Mennonite Encyclopedia, ISBN 0-8361-1018-8
- William R. Estep The Anabaptist Story, ISBN 0-8028-1594-4
- Kühler, W.J., Geschiedenis der Nederlandsche doopsgezinden in de 16e eeuw. (Haarlim, 1932)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Obbe Philips yn de Global Anabaptist Mennonite Encyclopedia Online
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|