Springe nei ynhâld

Hotze Brouwer

Ut Wikipedy
De ferzje fan 17 mai 2017 om 23.06 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Hotze Brouwer (Eagmaryp, 28 maaie 1910 - Dunegea, Skarsterlân, 17 maart 1945) wie in feehâlder en fersetsman yn de Twadde Wrâldoarloch.

Brouwer buorke op de Beatrixhoeve yn Haskerhoarne by it Nannewiid. Hy hie in oandiel yn it ferbergjen fan dêr dropte wapens yn syn pleats.
De slachsin dy't by it droppingsfjild brûkt waard wie: 'Dy't de skoech past, docht him oan.' Boppedat wie hy meiwurker fan de Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers. Brouwer waard op 8 febrewaris 1945 arrestearre en oerbrocht nei SD-finzenis Crackstate op It Hearrenfean. Hy waard beïerdige op it N.H. begraafplak yn Haskerhoarne.

De tinksteen yn de pleats fan Schotanus yn Dunegea herinneret oan de fusillade op 17 maart 1945 fan Hotze Brouwer en njoggen oare finzenen út de Crackstate.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: