Springe nei ynhâld

Skiednis fan de Friezen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 mrt 2016 om 08.30 troch Pierlala (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Skiednis fan Fryslân

Frisii
Grutte Folkeferfarren


Skiednis fan Fryslân
Skiednis fan de Friezen
Tiidline fan de Fryske skiednis


Fryslân yn de Midsiuwen
Fryske Ryk (6e iuw-734)
Fryske Frijheid (11e iuw-1498)
Upstalbeam (1156-1327)


Dieling nei de midsiuwen
Hearlikheid Fryslân (1524-1795)
Grinzer Ommelannen
Eastfrysk Greefskip en Foarstedom (1464-1744)


Hjoed
West-Fryslân (gjin lid Fryske Rie)
Westerlauwersk-Fryslân
Grinslân (gjin lid Fryske Rie)
East-Fryslân
Noard-Fryslân

De Skiednis fan de Friezen is it ferhaal fan it folk fan de Friezen, in Germaansk folk dat eartiids it kustgebiet bewenne fan it hjoeddeiske Nederlân, fan it Swin yn Belgje oant en mei de Weser yn Dútslân. Ek it noardlike kustgebiet tusken Noard-Dútslân en Denemark waard troch harren bewenne.

De Friezen setten har yn Frisia om 500 foar Kristus. Neffens Plinius de Jongere, libben de Friezen (of misskien harren buorren de Sjauken) yn de Romeinske tiid op terpen. Neffens oare boarnen, libben de Friezen lâns in brede streek oan de Noardsee, doe Mare Frisicum neamd yn dy tiid.

Frisia bestie yn dy tiid út de hjoeddeiske provinsjes Fryslân en Noard-Hollân.

Prinsdom East-Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e rin fan de 14e iuw kaam it Upstalbeam-ferbân oan 'e ein. Dit hie te krijen mei ûnder oaren de pest en stoarmfloeden. Yn East-Fryslân krigen wichtige famyljes de kâns om yn hearskippijsysteem yn te fieren, dêr't haadlingen, "hovedlinge", de sizzenskip krigen oer beskate gebieten. Der wie net in feodaal systeem, dat de ynwenners wienen frij om krityk te uterjen en wienen noch hieltyd frije minsken. Yn 1654 waard Enno Ludwig de earste prins fan East-Fryslân. It prinsdom East-Fryslân kaam yn 1744 by Prusen.

East-Fryslân om 1600 hinne. Tekene troch Ubbo Emmius.
It hjoeddeiske taalgebiet en eardere wengebiet fan de Friezen.


Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.