Polynezyske rôt
Polynezyske rôt | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Rattus exulans | ||||||||||||
Peale, 1848 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Polynezyske rôt (Latynske namme: Rattus exulans), ek wol de Pasifyske rôt neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae), de ûnderfamylje fan 'e mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae) en it skaai fan 'e echte rotten (Rattus), dat oarspronklik fan it fêstelân fan Súdeast-Aazje stammet. Hy hat him lykwols al relatyf ier ferspraat nei frijwol de hiele Yndyske Arsjipel, de Filipinen, Taiwan, Nij-Guineä, de Melanezyske eilannen (lykas de Salomonseilannen, de Nije Hebriden en Fidzjy), en it grutste part fan 'e Polynezyske eilannen, ynkl. Nij-Seelân, Hawaï en Peaske-eilân. Mei't de Polynezyske rôt net lange ôfstannen swimme kin, wurdt syn histoaryske fersprieding, dy't oan 'e hân fan bonkeresten en oar bewiismateriaal fêststeld wurde kin, sjoen as in treflike oanwizing foar iere minsklike migraasjes yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan.
Uterlike skaaimerken
De Polynezyske rôt sjocht der rûchwei itselde út as oare rotten, mar hat gruttere, rûne earen en relatyf lytse poaten. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 11-13 sm, mei in sturtlingte fan 12-15 sm, en in swarte of dûnkerbrunige behierring, dy't nei de bealch ta ljochter útskaait. Op gruttere eilannen, lykas Nij-Seelân, hat er him ûntjûn ta in gruttere lichemsgrutte as it gemiddelde, wylst er him op lytse eilantsjes krekt ta in dwerchfoarm liket te ûntwikkeljen.
Biotoop en ynfloed op lânseigen floara en fauna
Polynezyske rotten binne by steat om har oan te passen oan in grut ferskaat fan biotopen en habitats, fan iepen gerslân yn koelere klimaten oant ticht begroeid tropysk reinwâld. Se hawwe lykwols leard dat it leannet om deunby minsklike bewenning te bliuwen, mei't dêr altyd wol wat te heljen is. Troch dy assosjaasje mei de minske is de Polynezyske rôt nei de brune rôt en de swarte rôt de op twa nei meast wiid fersprate rottesoarte wurden. Dat hat der wer ta laat dat er yn in oansjenlik diel fan syn ferspriedingsgebiet as eksoat grutte skea tabrocht hat oan kwetsbere pleatslike ekosystemen op Pasifyske eilannen, dêr't de lânseigen diersoarten (benammentlik fûgels en ynsekten) evoluëarre wiene sûnder ea lêst te hawwen fan rôfsûchdieren. Sadwaande hiene dy bisten gjin ferwar tsjin 'e rotten doe't dy op sokke eilannen yntrodusearre waarden, en kin it útstjerren fan in grut tal bistesoarten dêrsanne wierskynlik op it konto fan 'e Polynezyske rôt skreaun wurde.
Fierders wurdt der ek wol tocht dat Polynezyske rotten foar in diel ferantwurdlik wiene foar de ûntbosking fan Peaske-eilân trochdat se de nuten fan 'e Peaske-eilânske palmbeam opfrieten, wat foarkaam dat nije beammen de âlde, troch de minske kappe eksimplaren ferfange koene. Yn Nij-Seelân, dêr't de Polynezyske rôt ek wol bekend stiet ûnder de Maoary-namme kiore, waard yn 'e 1990-er jierren fan bonkeresten fan it bist fêststeld dat se mear as 2000 âld wiene, wat de teoryen oangeande de fersprieding fan 'e Polynezyske rôt raar yn it hûndert jage. Letter ûndersyk hat dy befinings lykwols ûnderút helle, en no wurdt rûnom akseptearre dat de Polynezyske rôt Nij-Seelân om it jier 1280 hinne berikte, tagelyk mei de earste Maoary. Yn Nij-Seelân is it bist ûnderwilens op 'e measte lytse eilantsjes útrûge, mar twa, yn 'e Hen and Chickenseilannen, binne apart holden as in reservaat foar de Polynezysk rôt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Kjifdier
- Mûseftige
- Rôt
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Eksoat yn Amerikaansk-Samoä
- Eksoat yn Brûnei
- Eksoat yn de Chathameilannen
- Eksoat yn de Cookeilannen
- Eksoat yn East-Timor
- Eksoat yn Fanûatû
- Eksoat yn Fidzjy
- Eksoat yn de Filipinen
- Eksoat yn Frânsk-Polyneezje
- Eksoat yn Gûam
- Eksoat yn Hawaï
- Eksoat yn Yndoneezje
- Eksoat yn Kiribaty
- Eksoat yn Krysteilân
- Eksoat yn de Marshalleilannen
- Eksoat yn Mikroneezje (lân)
- Eksoat yn Naurû
- Eksoat yn Nij-Kaledoanje
- Eksoat yn Nij-Seelân
- Eksoat yn Niûé
- Eksoat yn de Noardlike Marianen
- Eksoat yn Norfolk (eilân)
- Eksoat yn Palau
- Eksoat yn Papoea Nij-Guineä
- Eksoat yn Peaske-eilân
- Eksoat yn de Salomonseilannen
- Eksoat yn Samoä
- Eksoat yn Taiwan
- Eksoat yn Tokelau
- Eksoat yn Tonga
- Eksoat yn Tûvalû
- Eksoat yn Wallis en Fûtûna