Springe nei ynhâld

Floaridawetterrôt

Ut Wikipedy
De ferzje fan 9 apr 2024 om 02.14 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (bettere ferspriedingskaart)
Floaridawetterrôt
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai Floaridawetterrotten (Neofiber)
soarte
Neofiber alleni
True, 1884
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Floaridawetterrôt (Latynske namme: Neofiber alleni) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), dat binnen de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae) de monotypyske (út ien soarte besteande) tûke fan 'e Floaridawetterrotten (Neofribrini) en it krektlyk monotypyske skaai fan 'e Floaridawetterrotten (Neofiber) foarmet. Dizze soarte is net nau besibbe mei oare soarten wrotmûzen, net mei ús wetterrôt en nettsjinsteande de Ingelske namme round-tailed muskrat ("rûnsturtmuskusrôt") ek net mei de muskusrôt. De Floaridawetterrôt komt inkeld foar yn 'e súdeastlike Feriene Steaten.

Fersprieding

De Floaridawetterrôt libbet yn it grutste part fan 'e Amerikaanske steat Floarida, dêr't er inkeld ûntbrekt yn 'e Floridiaanske Panhandle, en fierders yn in diel fan it noardeasten en in part fan it noardwestlike kustgebiet. Hy komt ek foar yn súdeastlik Georgia. Syn hjoeddeistige fersprieding komt oerien mei de fynsten fan fossilen fan 'e Floaridawetterrôt op ferskate plakken, dy't tebek geane oant it Lette Pleistoseen.

Uterlike skaaimerken

De Floaridawetterrôt hat trochinoar in kop-romplingte fan 18⅔-21⅓ sm, mei in sturtlingte fan 9,9-16,8 sm en in gewicht fan 262 g (♀) oant 279 g (♂). Folwoeksen eksimplaren hawwe in brune pels dy't nei de bealch ta wat ljochter útskaait. Jongen binne earst griis oant jiskegriis. De feroaring fan kleur falt foar as de jongen mei 7-30 dagen en nochris mei 35-50 dagen de earste beide kearen ferhierje. Folwoeksen eksimplaren ferhierje almeast hjerstmis.

Biotoop

Floaridawetterrotten jouwe dúdlik de foarkar oan grutte moeraskriten, al komme se ek wol yn oare biotopen foar. Weidlân dêr't in soad fee holden wurdt, mije se almeast.

Hâlden en dragen

De Floaridawetterrôt is in semy-akwatysk bist (d.w.s. dat er in oansjenlik diel fan 'e tiid yn it wetter trochbringt) en teffens in nachtdier. Hy is faak beskreaun as in sosjaal bist, dat gearlibbet mei soartgenoaten, mar nij ûndersyk sugerearret dat soks net sasear in natuerlik hâlden en dragen is, mar mear in út need berne oanpassing is oan in tekoart oan gaadlik wengebiet. Floaridawetterrotten libje fral fan wetterplanten, dy't se opdûke en dan omdriuwkeljend op in driuwtille lytsman meitsje. Binnen har territoaria hawwe se 10-15 beskûle plakken dêr't se har geregeldwei deljouwe. Sokke skûlplakken besteane út boppegrûnske nêsten dy't boud binne út in tsjûke laach fegetaasje. De gefaarlikste rôfdieren binne foar de Floaridawetterrôt de Amerikaanske alligator en fierders hauken en goudûlen, al liket de measte predaasje troch rôffûgels foar te fallen as de Floardidawetterrôt troch oerstreamings út syn natuerlike habitat ferdreaun is. De populaasjetichtheid leit yn 'e regel om 'e 250-300 bisten de ha.

Status

De Floaridawetterrôt hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn syn natuerlike ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. Der wurdt wol tocht dat de oanwêzigens fan 'e Floaridawetterrôt yn Floarida de reden is dat de muskusrôt, dy't frijwol deselde ekologyske nys ferfollet, dêr ûntbrekt.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.