Minsklike seksuele aktiviteit
Minsklike seksuele aktiviteit is de manear dêr't minsken harren seksualiteit op belibje en der útdrukking oan jouwe. Men kin dêrby tinke oan in breed ferskaat oan hannelingen dy't yn útinoar rinnende patroanen fan frekwinsje en om in grut ferskaat oan redens bedreaun wurde. Yn it algemien kin lykwols steld wurde dat sekuële aktiviteit troch seksuele stimulaasje fuortkomt út en/of liedt ta seksuele opwining. Dêrtroch fine der fysiologyske feroarings plak yn 'e opwûne persoan, wêrfan't guon tige dúdlik binne, wylst oaren folle subtiler binne. Minsklike seksuele aktiviteit hat sadwaande sosjologyske, emosjonele, lichaamlike en biologyske aspekten.
Seksuele oriïntaasje en seksuele identiteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan 'e grûnslach fan seksuele aktiviteit stiet de seksuele oriïntaasje fan 'e dielnimmer(s). Dat is in oanberne en yn prinsipe net te feroarjen ûnderdiel fan 'e minsklike persoanlikheid, wêrby't men in seksuele oantrekking, faak yn kombinaasje mei in gefoel fan romantyk, fielt foar oare persoanen oer. Der wurde almeast trije fan sokke seksuele oriïntaasjes ûnderskaat: heteroseksualiteit, wêrby't men seksuele gefoelens hat foar lju fan it tsjinstelde geslacht; homoseksualiteit, wêrby't men sokke gefoelens koesteret foar lju fan itselde geslacht; en biseksualiteit, wêrby't men jin oanlutsen fielt troch lju fan beide geslachten. By homoseksualiteit wurdt faak ûnderskie makke tusken homo's (manlju dy't har oanlutsen fiele ta oere manlju) en lesbiënnes (froulju dy't har oanlutsen fiele ta oare froulju).
As fjirde kategory wurdt soms noch aseksualiteit tafoege, dat it brekme fan it fielen fan seksuele oantrekking ynhâldt. Oare oantsjuttings op dit mêd, lykas panseksualiteit of polyseksualiteit, binne eins nije yndielings foar âlde begripen. Transseksualiteit wurdt faak út ien sike wei mei dizze oare termen neamd, mar dat hat eins inkeld ynfloed op hoe't men jinsels sjocht, en net op hoe't men foar oaren oer stiet. (Transseksualiteit is dêrom mear ferbûn mei geslachtsidentiteit, it gefoel dat immen hat oer syn eigen geslacht en hoe't hy/sy dat persoanlik belibbet.) By eltse minske sil ien fan 'e fjouwer kategoryen heteroseksualiteit, homoseksualiteit, biseksualiteit en aseksualiteit in wichtich diel fan syn of har seksuele identiteit útmeitsje. Jins seksuele identiteit is hoe't men oer jinsels tinkt mei it each op seksuele oantrekking en romantyske foarkar foar oare lju oer.
Yndieling fan seksuele aktiviteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Seksuele aktiviteit kin op ferskate manearen yndield wurde. Yn it foarste plak moat ûnderskie makke wurde oangeande it tal persoanen dat derby belutsen is. As der mar ien peresoan by belutsen is, sprekt men fan autoseksualiteit, wêrfan't de bekendste foarm masturbaasje is. Dêrby kin gebrûk makke wurde fan seksboartersguod, lykas in dildo, in fibrator, in fleshlight of Sineeske baltsjes (hoewol't sokke helpmiddels ek by seksuele aktiviteit ynset wurde kinne as men net allinnich is). As by seksuele aktiviteit twa minsken belutsen binne, kin it folle mear foarmen oannimme, ôfhinklik fan it geslacht en de persoanlike foarkar fan 'e dielnimmers. Dêrby kin men tinke oan tútsjen, streakjen, fingerjen, motorboating, orale seks (kunnilingus of felasio) en folsleine geslachtsmienskip, dy't bestean kin út faginale seks en/of anale seks troch penetraasje. As der trije minsken oan seksuele aktiviteit dielnimme, neamt men dat in triootsje, en by noch mear dielnimmers sprekt men fan groepseks. Yn sokke gefallen wurde noch mear farianten mooglik, lykas dûbele penetraasje.
Fierders kin by seksuele aktiviteit sprake wêze fan flechtich seksueel kontakt, lykas by in seks yn flechtige relaasjes, anonime seks, onenightstands, friends with benefits, bûtenhoulikse seks, prostitúsje en swinging. Mar likegoed kin it gean om in duorjende relaasje, lykas ferkearing, gearwenjen, ferloving of in houlik. Seksuele aktiviteit kin ek sjoen wurde as konvinsjoneel of as kinky. Yn it lêste gefal is der faak sprake fan in seksueel fetisjisme (bygelyks foar lear, lateks, fuotten, skuon, linzjery of grutte boarsten), in parafily (lykas foyeurisme of ekshibysjonisme) of fan bondaazje en/of sadomasogisme.
Hoe't men tsjin minsklike seksuele aktiviteit oansjocht, kin fan kultuer ta kultuer ferskille. Yn guon lannen kinne beskate foarmen fan seksualiteit taboe of sels yllegaal wêze, of der kinne wetlike beheinings oan steld wêze dy't ferbân hâlde mei de âldens, it geslacht, de boargerlike steat en oare skaaimerken fan 'e dielnimmers. Yn in stikmannich islamityske lannen is alle seksuele aktiviteit foar en bûten it houlik by wet ferbean, en stiet dêr in lange finzenisstraf of sels de deastraf op. Oer it algemien is seksuele aktiviteit inkeld wetlik tastien, sels yn 'e frijste maatskippijen, as alle dielnimmers der út frije wil oan meidogge. Seksuele aktiviteit tsjin 'e wil fan ien fan 'e dielnimmers is seksueel misbrûk, seksuele oantaasting of ferkrêfting. Om't jongerein ûnder de wetlike minimumleeftyd foar seksueel kontakt op dit mêd wilsûnbekwaam achte wurde, stiet seks mei sa'nent yn 'e measte lannen gelyk oan ferkrêfting.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|