Friends with benefits

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Friends with benefits ("freonen mei foardielen") is in Ingelske tem dy't sûnt likernôch 2005 in rûnom brûkte beneaming wurden is foar freonen (yn 'e regel in man en in frou), dy't njonken harren freonskip ek (wolris) geslachtsferkear (hân) hawwe, om gjin oare reden as om oan harren seksuële behoeften te foldwaan. Sokke persoanen wurde mei in wat ûnfatsoenliker oantsjutting ek wol fuck buddies ("neukmaatsjes") neamd. Friends with benefits binne in foarm fan flechtich seksueel kontakt dy't folslein los stiet fan in relaasje op it mêd fan romantyk of leafde. De term waard popularisearre troch in stikmannich Amerikaanske mediaproduksjes, wêrfan't de bekendste de film Friends with Benefits út 2011 wie, fan regisseur Will Gluck, mei yn 'e haadrollen Justin Timberlake en Mila Kunis. Dat is in romantyske komeedzje wêryn't úteinlik blykt dat gefoelens en in seksuële relaasje net útinoar te hâlden binne, sadat de beide haadpersoanen dochs fereale opinoar reitsje mei alle gefolgen dy't dat opsmyt.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: