Springe nei ynhâld

Friends with Benefits (film)

Ut Wikipedy
Friends with Benefits
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Will Gluck
produsint Liz Glotzer
Will Gluck
Martin Shafer
Jerry Zucker
Janet Zucker
senario Will Gluck
Keith Merryman
David A. Newman
kamerarezjy Michael Grady
muzyk Spring Aspers
filmstudio Castle Rock Entertainment
Olive Bridge Entertainment
Zucker Productions
distribúsje Screen Gems
spilers
haadrollen Mila Kunis
Justin Timberlake
byrollen Jenna Elfman
Woody Harrelson
Patricia Clarkson
Richard Jenkins
Nolan Gould
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 18 july 2011
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 109 minuten
budget en resultaten
budget $35 miljoen
opbringst $150,4 miljoen

Friends with Benefits is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 2011 ûnder rezjy fan Will Gluck, mei yn 'e haadrollen Mila Kunis en Justin Timberlake. De titel betsjut "Freonen mei Foardielen", in ferwizing nei freonen dy't ek wolris geslachtsferkear hawwe. It ferhaal giet oer Jamie Rellis en Dylan Harper, dy't goed befreone reitsje, mar allebeide ûngelokkich yn 'e leafde binne. Om fan it aaklike gedoch mei ôfspraakjes en emoasjes ôf te wêzen, beslute se in seksuele relaasje te begjinnen poer foar de seks, sûnder ferplichtings. Dat giet net lang goed. Fan 'e filmkritisy krige Friends with Benefits oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie de film kommersjeel súksesfol.

Jamie Rellis is in headhunter foar in liedend útstjoerburo yn New York, dy't as taak kriget om Dylan Harper, de redakteur fan in webside út Los Angeles, oer te heljen om in baan by it tydskrift GQ yn New York oan te nimmen. Dylan komt nei New York foar in frijbliuwend petear, mar wifket earst noch oft er it wurkoanbod oannimme sil, ek al om't er net folle mei New York op hat. Jamie nimt him mei om 'e stêd te ferkennen, wêrby't se û.o. middenmank in flashmob bedarje. Nei dy rûnlieidng beslút Dylan úteinlik om 'e baan oan te nimmen. Mei't er fierders net ien yn New York ken, en om't hy en Jamie in dúdlike 'klik' hawwe, begjinne se mear tiid mei-inoar troch te bringen en ûntwikkelje se meitiid in goede, mar platoanyske freonskip.

Dylan en Jamie binne allebeide ûngelokkich yn 'e leafde, en as se it dêr op in jûn oer hawwe, oppenearje beiden dat se wol woene dat der in manear wie om seksueel oan har gerak te kommen sûnder alle ferfelende omballingen fan ôfspraakjes en hofmakkerij en drege emoasjes. Dat bringt harren op it idee om in seksuele relaasje mei inoar te begjinnen, wylst se gewoan freonen bliuwe, mar dan freonen mei foardielen. De seks is goed, mar om inoar dêrnei wer te sjen, is earst wat ûngemaklik. Dêr sette Dylan en Jamie harren lykwols gau oerhinne en neitiid genietsje se ferskate moannen fan 'e nije koers dy't harren freonskip nommen hat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Jamie is de earste dy't ta de konklúzje komt dat dit it dochs net alhielendal is foar har. Se wol wol wer ris op in ôfspraakje, mar de seks mei Dylan is dêrfoar in behindering. Dat se se seit tsjin Dylan dat se ophâlde wol mei de seks. Neitiid besykje sy en Dylan inoar by in besyk oan Central Park oan in nije leafde te helpen. De frou dy't Dylan oansprekt, blykt in troude Belgyske toeriste te wêzen, mar Jamie hat byt as se in oantreklike jongeman oansprekt. Se giet ferskate kearen út mei dy Parker, dy't dokter is. As se op it fyfde ôfspraakje mei him op bêd rekket, pykt er ta har argewaasje de oare moarns gau út, om't er blykber allinne op seks út wie. Dyselde dei blykt Jamie har mem Lorna in nije leafde fûn te hawwen, mei wa't se ôfset is wylst se eins ôfpraat hie om mei Jamie it oankommende wykein fan Amerikaanske Unôfhinklikheidsdei troch te bringen.

Dylan, dy't foar dy feestdei nei Kalifornje giet foar famyljebesyk, nûget de deprimearre Jamie út om mei. Yn Los Angeles moetet Jamie Dylan syn âldere skieden suster Annie, syn jonge omkesizzer Sammy en syn heit, dy't it begjinstadium fan 'e sykte fan Alzheimer trochmakket. Se wurdt gastfrij ûnthelle en bringt in protte tiid troch mei Dylan, op wa't se fereale begjint te reitsjen. Dat bringt har derta om yn 'e útfanhûzerskeamer yn syn heite hûs op 'e nij mei him op bêd te gean, sûnder dat se him fertelt dat der wat feroare is. De oare deis heart se tafallich in petear tusken Dylan en Annie, wêryn't Annie har broer op pleagjende wize safier besiket te krijen dat er tajout dat er romantyske gefoelens foar Jamie hat. Dylan reägearret lykwols ôfwizend en seit dat Jamie fierstente emosjoneel ferknipt is om in romantyske relaasje mei te begjinnen. Dat docht Jamie bot sear, dat se pakt har koffers en set hommels ôf werom nei New York, mei it ferlechje dat har baas belle hat mei it berjocht dat er in putsje foar har hat dêr't haast by is.

As Dylan nei it wykein ek weromgiet nei New York, nimt Jamie de tillefoan net op as er har opskillet. Nei't se him in pear dagen negearre hat, siket er har op ien fan har geheime leaflingsplakjes op (boppe-op in wolkekliuwer dêr't se gjin tillefoanberik hat). Hy wol witte wat der oan 'e hân is en sy fertelt him wat se him sizzen heard hat en dat se alhiel gjin gedoente mear mei him hawwe wol. Koarte tiid letter heart Jamie dat Dylan in oanbod foar in oare baan krigen hat. As er binnen it jier wer by GQ wei giet, betsjut dat dat sy de kommisje ynleverje moat dy't se krigen hat foar it oanleverjen fan him. Se siket him op om him dêroer te ûnderstean, wat ta in nije rûzje liet.

Neitiid bringt Jamie tiid troch mei har frijfochten mem Lorna, dy't allegeduerigen nije en jongere frijers hat. Dy makket Jamie dúdlik dat se net krekt sa hoecht te libjen as sy; Jamie moat sels útsykje wat har gelokkich makket yn it libben. Underwilens moat Dylan syn suster Annie fan hûs, wat betsjut dat harren heit oerkomme moat nei New York, sadat Dylan in deimannich op him passe kin. As Dylan him ôfhellet, sjocht syn heit op 'e lofthaven in willekeurige frou oan foar in Deedee, dêr't er earst Jamie ek foar oanseach doe't Dylan har mei nei hûs naam. As er syn heit letter, as er wer helder is, freget wa't Deedee is, antwurdet dy dat sy de leafde fan syn libben wie, dy't by him wei gien is om't er te grutsk wie om ta te jaan yn in rûzje dy't se hiene. Dêr hat er syn hiele libben lang bot spyt fan hân, en hy ornearret dat dat ek de reden wie dat de mem fan Annie en Dylan úteinlik by him weigien is, om't se besefte dat se yn syn hert altyd de twadde kar wêze soe. Hy drukt Dylan op it hert om, as er sels de leafde fan syn libben fynt, har nea fuortglûpe te litten, wat er dêr ek foar dwaan moat.

Syn heite wurden bringe Dylan oan it tinken oer syn eigen relaasje mei Jamie, en hy kriget einlings foar it ferstân dat sy foar him de wiere is. Mei help fan har mem beävensearret er dat Jamie op Grand Central Station komt, dêr't se mient har mem ôfhelje te moatten. Ynstee rekket se fersyld yn in troch Dylan bewurkmastere flashmob, dy't sjongt en dûnset op it liet Closing Time fan 'e band Semisonic. Jamie is mei stomheid slein oer dy ûntwikkeling en bliid ferrast as Dylan by har komt om har te fertellen wat er foar har fielt. Se tútsje inoar, mar beslute om te dwaan as hawwe inoar krekt met, sadat se by ôfspraakje nûmer 1 begjinne kinne. Se geane nei in kafee, dêr't se it lykwols net mear úthâlde en alles fan tafel reagje om inoar yn 'e earms te fallen en hertstochtlik te tútsjen.

Mila Kunis.
Justin Timberlake.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Jamie Rellis Mila Kunis
Dylan Harper Justin Timberlake


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Annie Harper Jenna Elfman
Tommy Bollinger Woody Harrelson
Lorna Rellis Patricia Clarkson
heit Harper Richard Jenkins
Sammy Harper Nolan Gould
Parker Bryan Greenberg
Kayla Emma Stone
Quincy Andy Samberg
himsels Shaun White
Darin Arturo Morena Masi Oka (cameo)
Bryce Jason Segel
Madison Rashida Jones
Laura Lili Mirojnick
Pam Niborski Angelique Cabral

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Friends with Benefits waard regissearre troch Will Gluck nei in senario fan himsels, Keith Merryman en David A. Newman op basis fan in idee fan Merryman, Newman en Harley Peyton. As produsinten wiene Gluck, Liz Glotzer, Martin Shafer, Jerry Zucker en Janet Zucker by it projekt belutsen foar de filmstudio's Castle Rock Entertainment, Olive Bridge Entertainment en Zucker Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $35 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Michael Grady, en de filmmuzyk stie ûnder tafersjoch fan Spring Aspers.

De opnamen setten op 20 july 2010 útein yn New York, dêr't û.m. yn sintraal Manhattan en yn Central Park filme waarde. Begjin augustus waard de produksje ferhuze nei Los Angeles. Der ûnstie in lytse opskuor om't Paramount Pictures yn 2010 ek in film yn produksje hie dy't Friends with Benefits komme soe te hjitten. Uteinlik besleat regisseur Ivan Reitman dy film in oare titel te jaan: No Strings Attached. Dêrnei liet Paramount syn protest tsjin 'e namme fan 'e film fan Castle Rock Entertainment et al. farre.

Central Park yn New York, ien fan 'e opnamelokaasjes foar Friends with Benefits.

De distribúsje fan Friends with Benefits waard fersoarge troch Screen Gems. De film gie op 18 july 2011 yn New York yn premiêre, wêrnei't er op 22 july yn 'e Amerikaanske bioskopen iepene. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 19 july by platemaatskippij Madison Gate Records. Friends with Benefits kaam op 2 desimber 2011 út op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Friends with Benefits oer it algemien positive resinsjes. Sa priizge Manohla Dargis fan The New York Times de film as in "luchtige, flugge en grappige komeedzje" en murk se ek op dat der wiere gemy bestie tusken haadrolspilers Mila Kunis en Justin Timberlake. Yn 'e Chicago Sun-Times joech Roger Ebert Friends with Benefits 3 fan 4 stjerren. Hy stelde fêst dat de film gjin ferrassende ôfwikings fan it sjenrestramyn fertoande, mar heakke dêroan ta: "Wat lykwols net eltse romantyske komeedzje hat, is goede dialooch, dy't yn heech tempo op 'e just manear brocht wurdt."

Yn it tydskrift Variety fûn Peter Debruge de plot fan Friends with Benefits foarsisber, mar fierders sûnder lek of brek. Hy wie lykwols tige loovjend oer de haadrolspilers, en neamde Kunis "in natoertalint op it mêd fan komeedzje". Owen Gleiberman fan Entertainment Weekly hie himsels by it sjen fan 'e film fermakke, mar fûn dat de toansetting ynkonsekwint wie. Yn 'e Britske krante The Guardian parte Peter Bradshaw Friends with Benefits lykwols mar 1 fan 5 stjerren ta en skreau dat der "gjin foardiel te beheljen" wie it sjen fan 'e film.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Friends with Benefits in goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 169 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] foeget neat nijs ta oan 'e bekende romcomformule, mar de gemy tusken Justin Timberlake en Mila Kunis is hast genôch om 'e film hielendal op eigen manneboet geande te hâlden." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Friends with Benefits in goedkarringspersintaazje fan 63%, basearre op 37 resinsjes.

Friends with Benefits brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $55,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $94,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $150,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $35 miljoen betsjut dat in winst fan $115,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Friends with Benefits in kommersjeel súkses.

Friends with Benefits waard nominearre foar de People's Choice Award foar favorite komeedzjefilm. Mila Kunis waard foar har rol yn 'e film nominearre foar de Teen Choice Award foar favorite froulike simmerfilmstjer, de People's Choice Award foar favorite aktrise yn in komeedzjefilm en de Nederlânske Rembrandt Award foar bêste bûtenlânske aktrise. Justin Timberlake waard nominearre foar de Teen Choice Award foar favorite manlike simmerfilmstjer.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.