Geslachtsidentiteit
Geslachtsidentiteit is it gefoel dat immen hat oer syn eigen geslacht en hoe't hy/sy dat persoanlik belibbet. Mei dizze term wurdt omskreaun oft men man of frou is en hoe't men dêr tsjinoan sjocht (oft men der lokkich mei is of net), en hoe't it jins libben beynfloedet. In geslachtsidentiteit is sadwaande altiten subjektyf. It begryp geslachtsidentiteit moat net betize wurde mei seksuële oriïntaasje, wat de (objektive) oantrekking ta seksuële partners ynhâldt, of mei seksuële identiteit, wat is hoe't men oer jinsels tinkt oangeande jins seksuële partners en seksuële aktiviteit.
Alle maatskippijen hawwe fêste geslachtskategoryen dy't foar minsken tsjinje as de basis foar de foarming fan in maatskiplike identiteit yn 'e omgong mei oare leden fan sa'n maatskippij. Yn 'e measte kultueren bestiet der op grûn fan dy fêste geslachtskategoryen in fûnemintele twadieling tusken geslachtsattributen dy't oan manlju en froulju taskreaun wurde. Mar yn alle maatskippijen en kultueren komme guon yndividuën foar dy't har net identifisearje mei (alle) aspekten fan it geslacht dêr't sy neffens har biologyske sekse ta hearre.
De measten maatskippijen hawwe in binêr geslachtsstelsel, dat oanpassing ta de ideälen fan manlikheid en froulikheid ôftwingt yn alle aspekten fan geslacht en sekse: geslachtsidentiteit, geslachtsútdrukking en biologyske sekse. Yn beskate maatskippijen komt ek noch in saneamd trêde geslacht (third gender) foar, in soarte fan restkategory dy't brûkt wurde kin troch lju dy't har net noflik fiele mei de geslachtsidentiteit dy't har optwongen wurdt troch har biologyske sekse. (Dit komt bgl. hiel sterk foar yn Yndia, Nepal en oare Súdaziatyske lannen, mar wurdt ek wetlik erkend yn Austraalje en Nij-Seelân.) Fierders binne der maatskippijen wêryn't elts geslacht iepenstiet foar elkenien, lykfol hokker biologyske sekse oft men hat.
De geslachtsidentiteit wurdt yn 'e regel foarme tsjin 'e tiid dat in bern trije jier âld is, en is dêrnei frijwol net mear te beynfloedzjen of te feroarjen. Hoe't de foarming fan 'e geslachtsidentiteit persiis yn syn wurk giet, is noch altyd net alhiel dúdlik, en dêr wurdt dan ek noch psychologysk ûndersyk nei dien. Men tinkt dat û.o. it oanlearen fan in taal der ferbân mei hâldt, mei't alle talen op beskate manearen ûnderskie meitsje tusken manlike en froulike wurden. It is lykwols dúdlik dat it ferskynsel taal mar ien fan withoefolle faktoaren is dy't bydrage ta de ûntjouwing fan in geslachtsidentiteit yn bern.
Gender identity disorder (GID), oftewol "geslachtsidentiteitsstoarnis" is de offisjele diagnoaze om minsken te beskriuwen dy't yn sa'n hege mjitte ûntefreden binne oer harren biologyske sekse of de geslachtsrol dy't dêrmei mank giet, dat se der psychyske swierrichheden fan oprinne. Sokke lju kinne tsjintwurdich yn it Westen in geslachtsferoaringsoperaasje ûndergean; yn guon net-Westerske kultueren kinne se har by it trêde geslacht jaan; mar yn in soad kultueren moatte se noch altiten yn stilte lije.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |