Genedekapel (Kevelaer)
Genedekapel
Gnadenkapelle | ||
De kapel yn 2023 | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Noardryn-Westfalen | |
plak | Kevelaer | |
adres | Kapellenplatz | |
koördinaten | 51° 35' N 6° 14' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Münster | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1654 | |
boustyl | barok | |
Kaart | ||
De Genedekapel is in kapel yn it sintrum fan it Dútske beafeartsplak Kevelaer. Yn 'e kapel is in genedebyld fan Marije, dêr't alle jierren likernôch 800.000 pylgers in besite oan bringe.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it jier 1642, doe't de Tritichjierrige Kriich noch tjirge, waard troch de kaepman Hendrick Busman in lyts hillichdomke boud yn Kevelaer, doe noch net mear as in heidedoarpke. Busman hie neffens eigen sizzen by it bidden by in weikrús in stim heard dy't sei dat er op it plak in kapel bouwe moast. Oant trije kear ta werhelle de stim op ferskillende dagen itselde boadskip: Op deze plaats sult gij mij een kapelleken bouwen!.
Syn frou Mechel seach letter yn in fisioen fan ljocht in hillich hûske mei in genedebyld. It wie deselde foarstelling as de kopergravuere, dy't har earder troch in pear Hessyske soldaten te keap oanbean wie, mar hja fûn it doe te djoer.
Hja socht de soldaten wer op en de gravuere waard no wol kocht. Nei't har man in lytse kapel oer it hillichdomke boud hie, krige it genedebyld in plakje yn it hillichdom. Al gau waarden der meldings fan wûnderlike genêzings dien en yn 1654 waard om de kapel hinne in gruttere Genedekapel boud.
De Genedekapel is in seishoekige koepelkapel, mei oan 'e noardlike kant in grutte, portaaleftige finsteriepening, dêr't de skryn stiet mei it genedebyld. As foarbyld tsjinne de Genedekapel fan Scherpenheuvel yn Belgje. De biskop fan Roermond wijde yn 1663 it alter.
Mei de fersiering fan 'e kapel waard net earder as yn 1888 nei it ein fan 'e Kulturkampf útein set.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|