Scherpenheuvel-Zichem

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Scherpenheuvel-Zichem
Scherpenheuvel-Zichem Flemish-Brabant Belgium Map.svg
Flagge Wapen
Vlag Scherpenheuvel-Zichem.gif Blason Scherpenheuvel-Zichem.svg
Sifers
Ynwennertal 22.952 (2018)
Oerflak 50,5 km²
Befolkingstichtens 456 / km²
Hichte 44 m
Polityk
Lân Flag of Belgium (civil).svg Belgje
Provinsje Flag of Flemish Brabant.svg Flaamsk-Brabân
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 50° 60´N 4 58´E
Webside side gemeente Scherpenheuvel-Zichem

Scherpenheuvel-Zichem (Frânsk: Montaigu-Zichem) is in gemeente yn de Belgyske provinsje Flaamsk-Brabân. De gemeente ûntstie yn 1977 troch in fúzje fan de gemeenten Averbode, Kaggevinne, Messelbroek, Scherpenheuvel, Testelt en Zichem.

Gemeenteyndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt de fúzje fan 1977 bestiet de gemeente Scherpenheuvel-Zichem út de dielgemeenten Averbode, Kaggevinne, Messelbroek, Scherpenheuvel, Testelt en Zichem. By de dielgemeente Scherpenheuvel heart ek it doarp Schoonderbuken en by Zichem de doarpen Keiberg en Okselaar.

Namme Oerflak
Ynwennertal
(01/01/2006)
Averbode 9,04 km² 3.289
Kaggevinne 5,50 km² 945
Messelbroek 5,78 km² 1.806
Scherpenheuvel
- Schoonderbuken
6,82km²

6.908

Testelt 6,70 km² 2.877
Zichem
- Keiberg
- Okselaar
16,65 km²


6.348


It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente is fral bekend fanwegen de roomske beafearttsjerke Us-Leaffrouwebasilyk fan Scherpenheuvel. Oarspronklik wie Scherpenheuvel in útbuorren fan it oanbuorjende Zichem (foarhinne Sichem), mar nei't yn de 17e iuw de beafeart foar in grutte stream pylgers soarge, soe Scherpenheuvel Zichem oermânsk wurde. Scherpenheuvel waard om de yn de 17e iuw stifte en wijde barokke Us-Leaffrouwebasilyk boud. Yn 1922 ferliende de paus de tsjerke de earetitel basilica minor. De basilyk is it sintrum fan ien fan de drokst besochte beafeartsplakken yn it lân.

Oan de noardlike râne fan Averbode, in dielgemeente fan Scherpenheuvel-Zichem en sân kilometer noardlik fan Scherpenheuvel, leit de ferneamde premonstratinzerske abdij fan Averbode.

De Flaamske skriuwer Ernest Claes sette it plak Zichem mei in tige libbene omskriuwing op 'e kaart yn syn skelmeroman "De Witte". Yn Zichem stiet syn byld foar de Sint-Eustachiustsjerke mei op syn skouders de haadpersoan út syn roman.

De brede delte fan de Demer foarmet tusken Testelt, Zichem, Averbode en Diest it natoergebiet Demerbroeken.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]