Springe nei ynhâld

de Moanne

Ut Wikipedy
De ferzje fan 1 jan 2024 om 11.55 troch Frou Watzema (oerlis | bydragen) (ynfoboks)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
de Moanne
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
taal Frysk
sjenre algemien-kultureel opinyblêd
frekwinsje 12 × jiers
bestean 2002-no
plak haadred. Ljouwert
oplaach 3000 de moanne
offisjele webside
Webstee fan de Moanne

It blêd de Moanne (offisjele skriuwwize mei in lytse letter d) is in meartalich kultureel opinyblêd dat ienris yn 'e moanne útkomt. It blêd stribbet der nei in bydrage te leverjen oan it yn libben hâlden fan kultuer en taal yn Fryslân sûnder ûnderhearrich te wêzen oan in bepaalde (maatskiplike) ideology. de Moanne bestiet sûnt 2002. De bydragen binne meast yn it Nederlânsk en it Frysk.

Yn de Moanne is it literêre tydskrift Trotwaer, dat oant 2003 selsstannich ferskynde, as literêr katern opnommen. De Moanne wie ynearsten in útjefte fan de Afûk; sûnt juny 2009 wurdt it blêd mei-útjûn troch Tresoar en de Fryske Akademy. Troch dy gearwurking krige de Moanne in oplage fan 3.000 eksimplaren de moanne.[1] De ynhâld fan it tydskrift ferskynt mei in moanne fertraging ek op it ynternet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De Moanne wurdt fernijd, Omrop Fryslân hiemside - 08 juny 2009