Nije Tsjerke (Sâltkamp)
Nije Tsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | It Hegelân | |
plak | Sâltkamp | |
adres | H.J. Siccamastrjitte | |
koördinaten | 53° 20' N 6° 18' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Steen en Tuinhof | |
boujier | 1965 | |
Webside | ||
Side PKN Sâltkamp | ||
Kaart | ||
De Nije Tsjerke is de tsjintwurdige PKN- en earder de grifformearde tsjerke fan Sâltkamp yn 'e provinsje Grinslân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de Ofskieding fan 1834 tsjerkten de Sâltkamper Cocksianen yn Houwersyl, dêr't de ôfskieden gemeente sûnt 1840 in eigen tsjerkje yn gebrûk hiene. It tal ôfskieden leden naam ta en yn 1882 krige Sâltkamp oan 'e Doarpsstrjitte in eigen kristlik-grifformearde tsjerke. Nei de feriening fan 'e Kristlik Grifformearde Tsjerken en Nederdútsk Grifformearde Tsjerken yn 1892 ûntstiene de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân en waard de Sâltkamper tsjerke de grifformearde tsjerke.[1]
Yn 1965 waard foar de gemeente oan 'e H.J. Siccamastrjitte in modern tsjerkegebou boud. Nei de foltôging waard de âlde tsjerke út 1882 ôfbrutsen.
De grifformearde tsjerke fusearre yn 2005 mei de herfoarme gemeente fan Sâltkamp.[2] De herfoarme tsjerke waard ôfstjitten en ûnderbrocht yn in stifting, sadat de grifformearde tsjerke, dy't tsjintwurdich de namme "Nije Tsjerke" hat, no it iennige tsjerkegebou yn Sâltkamp is.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan it oargel giet werom op in ynstrumint fan Hermanus Knipscheer út Amsterdam, dy't it oargel foar in tsjerke yn Noard-Hollân boude. Yn 1875 ferhûze it oargel nei de grifformearde tsjerke fan Hattem, dy't it ynstrumint yn 1908 te keap oanbea. De grifformearde tsjerke fan Sâltkamp kocht it oargel oan en de firma Dekker út Goes boude it op yn 'e tsjerke oan 'e Doarpsstrjitte. Yn 'e jierren 1949-1950 wreide Mense Ruiter de disposysje út.
Bakker & Timmenga ferhûze it oargel yn 1968 nei de nijbou en boude it efter in nije oargelkas wer op. By de weropbou waard it ynstrumint modernisearre en útwreide mei in Bourdon 16 op it pedaal.
De firma Reil út Heerde fierde yn 2017 grut ûnderhâld út.[3] [4]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|