Springe nei ynhâld

Wynbraupotlead

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 des 2023 om 00.12 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In wynbraupotlead of eachpotlead is in soarte make-up en kosmetika yn 'e foarm fan in potlead dat brûkt wurdt om 'e wynbrauwen by te tekenjen, sadat se foller lykje, en om 'e bûtenrâne fan 'e eagen oan te setten, om se mear opfalle te litten. Sokke potleaden fariëarje yn kleur, tekstuer en type. Ornaris binne se swart of brún, mar se binne ek yn oare kleuren te krijen, sels ûnnatuerlike lykas blau en pears. De punt is sêft en jout maklik kleurstof ôf, mar moat dêrtroch wol geregeldwei slipe wurde. Der besteane ek werfolbere potleaden.

Krekt as de measte soarten kosmetika wurde wynbrau- en/of eachpotleaden yn 'e Westerske kultuer benammen brûkt troch froulju. It is foar froulju wizânsje om in protte fan 'e hierkes fan 'e wynbrauwen út te lûken mei in pinset, sadat de wynbrauwen tige tin wurde. It wynbraupotlead wurdt dan brûkt om 'e restearjende wynbrau de winske foarm te jaan. Party froulju ûntdogge har hielendal fan it wynbrauhier en tekenje in folslein nije wynbrau mei in wynbraupotlead.

Foar it omlûken fan 'e eagen moat men tige foarsichtich wêze, om't men jin net mei it potlead yn it each stekke wol. De hûd om it each hinne is hiel kwetsber, sadat it wichtich is dat in eachpotlead in sêfte punt hat, maklik oer de hûd hinne glidet en gjin stoffen befettet dy't de hûd yrritearje kinne. Histoarysk waarden eachpotleaden fan kohl makke, en dêrom wurde soms ek noch wol kohlpotleaden neamt. Tsjintwurdich brûke de measte froulju gjin potleaden mear foar it omlûken fan 'e eagen, mar eyeliner mei in floeibere foarm fan kosmetika.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sterkenburg, prof. dr. Piet van, et al., Van Dale Groot Woordenboek Hedendaags Nederlands, Utert/Antwerpen, 2002 (Van Dale Lexicografie), ISBN 9 06 64 81 447, s. 1657.