Springe nei ynhâld

Plato

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 des 2023 om 23.50 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Plato
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Πλάτων ("Platon")
nasjonaliteit Ateensk
berne 428/427 of 424/423 f.Kr.
berteplak Atene (Atene)
stoarn 348/347 f.Kr.
stjerplak Atene (Atene)
etnisiteit Gryksk
wurk
taal Aldgryksk
sjenre non-fiksje (filosofy)
perioade Klassike Aldheid
streaming platonisme
bekendste
  wurk(en)
Apologia
Politeia
jierren aktyf ±399 f.Kr.348/347 f.Kr.
offisjele webside
n.f.t.
Dizze side giet oer de Grykske wiisgear. Foar de lânfoarm, sjoch: plato (lânfoarm).

Plato (Attysk Aldgryksk: Πλάτων, Plátōn, útspr.: ['platɔ:n], likernôch "platôn"; Atene, 428/427 of 424/423 f.Kr. – dêre, 348/347 f.Kr.) wie in ien fan 'e trije grutte filosofen út 'e Grykske Aldheid, njonken syn master Sokrates en syn learling Aristoteles. Hy wie de stifter fan 'e ferneamde Akademy fan Atene, it alderearste ynstitút foar heger ûnderwiis yn 'e Westerske wrâld. Behalven op filosofy lei er him ek ta op wis- en natuerkunde, en oars as syn foargonger Sokrates skreau er syn ideeën op, sadat se út 'e earste hân oerlevere binne. Plato wurdt rûnom beskôge as ien fan 'e ynfloedrykste tinkers en de wichtichste filosoof út 'e minsklike skiednis, fral foar wat de Westerske filosofyske tradysje oanbelanget. Saakkundigen miene dat Plato syn oeuvre folsleine oerlevere is, wat unyk is foar in Aldgrykske skriuwer dy't 2.400 jier lyn libbe.

Oer Plato syn iere libben en oplieding is fanwegen it brekme oan oerlevere boarnen net folle bekend. Hy moat tusken 429 en 423 f.Kr. berne wêze yn Atene, of mooglik op Aigina, in eilân yn 'e Golf fan Aigina. Tradisjoneel wurdt foar syn berte 428 of 427 f.Kr. oanholden, mar dat is basearre op in dubieuze boarne, en in protte moderne histoarisy liket it wierskynliker dat er berne waard yn 424 of 423 f.Kr. Neffens de Aldgrykske skriuwer Diogenes Laertius waard Plato by syn berte Aristokles neamd; as dat wier is, dan is ûndúdlik wêrom't er letter de namme Plato oannaam, dat neffens Diogenes Laertius oarspronklik in bynamme wie (platon betsjut "breed"), dy't Plato krige fan syn wrakseltrener.

In búste fan Plato yn it Musei Capitolini te Rome.

Plato wie de soan fan Ariston, dy't neffens in twifelige tradysje ôfstamme hawwe soe fan Kodrus, in iere kening fan Atene, en fan Melantus, in kening fan Messeenje. Plato syn mem wie Periktione, dy't besibbe wie oan 'e ferneamde Ateenske politikus en dichter Solon. Hja wie de suster fan Charmides en Kritias, dy't beide lid wiene fan 'e oligargy fan de Tritich, in diktatoriaal rezjym dat yn Atene yn 404 en 403 f.Kr. oan 'e macht wie nei't de stêd de Peloponnezyske Oarloch tsjin Sparta ferlern hie. Plato hie twa bruorren, Adeimantus en Glaukon, en ien suster, Potone, dy't letter de mem waard fan Speusippus, Plato syn opfolger as haad fan 'e Akademy fan Atene.

Neffens in leginde soene har in kear op 'e lippen fan 'e sliepende poppe Plato bijen delset hawwe, wat in foarsizzing west hawwe soe fan 'e swietens fan syn lettere útspraken. Ariston liket stoarn te wêzen doe't syn soan Plato noch hiel jong wie, al is de krekte datum net bekend. Syn mem Periktione wertroude dêrnei mei har omke Pyrilampes, de broer fan har mem, dat in foaroansteand diplomaat wie en in freon fan Perikles, de lieder fan 'e oanhingers fan 'e demokrasy yn 'e Ateenske polityk. Mei Pyrilampes krige Periktione noch in soan, in healbroer fan Plato, dy't fan Antifon hiet. Letter soene al dizze famyljeleden fan Plato weromkomme yn syn wurk, dêr't Plato harren brûkt om lange diskusjes te fieren oer filosofyske ûnderwerpen.

In boarstbyld fan Plato.

Mei't er út in aristokratysk laach kaam, krige Plato in goede oplieding yn grammatika, retoarika, muzyk en sport. Neffens ien boarne soed er sels dielnommen hawwe oan 'e Istmyske Spullen. Foar't er in learling fan Sokrates waard, hie Plato him de filosofyske lear fan Kratylus al eigen makke, dy't sels oplaat wie troch Heraklitus, in foaroansteand pre-sokratysk Ateensk filosoof.

Plato wurdt rûnom beskôge as de meast talintearre learling fan Sokrates. Hoewol't it ûnbekend is wannear't Plato him krekt by Sokrates jûn hat, komt út syn Apologia nei foarren dat er himsels al jong as in learling fan 'e grutte filosoof beskôge. Letter bea er mei Krito, Kritobolus en Apollodoarus oan om foar Sokrates in boete fan 30 mina's te beteljen yn it stee fan 'e deastraf dy't troch oaren foar syn master bepleite waard. Yn gjinien fan syn wurken sprekt Plato yn 'e dialogen mei syn eigen stim, mar nammenste mear lit er Sokrates foar him sprekke. Dêrby komt út 'e oare primêre boarnen oer Sokrates, it wurk fan 'e histoarikus Ksenofon en de toanielstikken fan 'e komeedzjeskriuwer Aristofanes, in frijwat oar portret fan 'e grutte filosoof nei foarren ta. It liket derop, sa't skriuwster Jo Walton ien fan har personaazjes yn The Just City sizze lit, "dat Plato Sokrates fereare, mar dat er nei dy syn dea nei ferrin fan tiid in eigen ferzje fan Sokrates gearstald hat om te ferearjen."

Behalven troch Sokrates waard Plato perfoarst ek sterk beynfloede troch de wiskundige en filosoof Pytagoras. Sa besteane der oanwizings dat Plato syn idee dat wiskunde en abstrakt tinken yn it algemien in stevige grûnslach foar filosofy is, ôfkomstich wie fan Pytagoras. Fierders dielden Plato en Pytagoras ek in beskate mystike opfetting oangeande de siel en it plak fan 'e siel yn 'e materiële wrâld. Sawol Plato syn learling Aristoteles as de Romeinske tinker Sisero wiene fan miening dat Plato by it meastepart fan syn ideeën fuortborduere op it wurk fan Pytagoras. Nei de dea fan Sokrates learde Plato noch in skoftke fierder by Euklides fan Megara.

Plato yn syn Akademy (tekening nei in skilderij fan 'e Sweedske keunstskilder Carl Johann Wahlborn).

Folwoeksen libben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It is goed mooglik dat Plato as jongeman alhiel nei Itaalje, Sisylje, Egypte en de Syrenaika reizge, allegear gebieten dêr't yn syn tiid Grykske koloanjes fêstige wiene. Nei't it skynt, kearde er yn 387 f.Kr., doe't er fjirtich jier wie, yn Atene werom. Hy stifte dêr doe yn 'e Bosk fan Akademus, in eintsje bûten de eigentlike stêd, syn Akademy, wat it alderearste organisearre ynstitút foar heger ûnderwiis yn 'e Westerske wrâld wie. De namme fan 'e ynstelling soe komme fan 'e oarspronklike eigner fan 'e grûn, in Akademus, of mooglik fan in âlde held mei dy namme. Yn elts gefal bestie de Akadeemje nei Plato syn dea fuort oant 84 f.Kr., doe't de skoalle troch de Romeinen ûnder Lusius Kornelius Sulla ferwuostge waard. Oan it begjin fan 'e fyfde iuw (n.Kr.) waard de Akadeemje troch neoplatonisten weroprjochte, mar yn it jier 529 waard it ynstitút op lêst fan 'e Byzantynske keizer Justinianus I foargoed sletten, om't de platonistyske wize fan tinken dy't dêr ûnderwiisd waard, heidensk wêze soe en in bedriging foar it kristendom ynhâlde soe.

Plato syn lettere libben stie yn it teken fan syn bemuoienissen mei de Grykske stêdsteat Syrakûse, oan 'e eastkust fan Sisylje. Neffens Diogenes Laertius besocht Plato dy stêd ûnder it regear fan tiran Dionysius I. Dy syn sweager Dion ûntjoech him ta ien fan Plato syn dissipels, mar de tiran sels kearde him tsjin Plato fanwegen in skeel oer wat de ideäle steatsfoarm wie. De wiisgear moast dit aventoer suver mei de deastraf bekeapje, mar ynstee dêrfan waard er úteinlik as slaaf ferkocht, wêrnei't er foar 20 mina's frijkocht en nei hûs stjoerd waard troch ien fan syn oanhingers, in Annisearis. Neffens Plato syn Sânde Brief frege Dion him nei de dea fan Dionysius I om werom te kommen nei Syrakûse om syn omkesizzer Dionysius II les te jaan yn filosofy, sadat er ien fan 'e filosofen-keningen wurde koe dy't Plato yn syn Politeia beskreaun hie. Dionysius fûn Plato syn lessen bêst genôch, mar hy wantroude syn omke Dion. Uteinlik ferballe er Dion, wylst er Plato tsjin dy syn wil fêsthold. Under ûndúdlike omstannichheden wist Plato letter lykwols dochs Syrakûse te ferlitten en nei Atene werom te kearen. Neitiid sette Dion syn omkesizzer ôf om in hoartsje sels tiran fan Syrakûse te wurden foar't er sels ek wer ôfset waard troch Kalippus, in oare learling fan Plato.

Plato (l.) mei syn wichtichste learling Aristoteles, ôfbylde troch Rafael.

Plato stoar nei alle gedachten yn 348 of 347 f.Kr., doe't er omtrint tachtich jier âld wie. Der bestiet in ferskaat oan boarnen oer syn ferstjerren, mar dy jouwe frijwol allegear in sterk ferskillend ferslach. Ien ferhaal, dat basearre is op in tige skeind manuskript, wol hawwe dat er op bêd lei doe't er stoar, wylst in jong Trasysk famke foar him fluitspile. Neffens in oare tradysje, dy't Diogenes Laertius oanhelle, stoar er ûnder in feestmiel op in brulloft. Tertullianus skreau lykwols dat Plato gewoan yn syn sliep stoar.

Plato as filosoof

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e mande mei syn learmaster Sokrates en syn wichtichste learling Aristoteles lei Plato de grûnslach fan 'e Westerske filosofy, wiskunde en oare wittenskippen. De Ingelske wiskundige en filosoof Alfred North Whitehead murk yn syn Process and Reality (1929) op: "de feilichste algemiene omskriuwing fan 'e Jeropeeske filosofyske tradysje is dat dy bestiet út in rige fuotnoaten by it wurk fan Plato." Fierders wurdt Plato ek faak sjoen as ien fan 'e stifters fan 'e Westerske godstsjinstigens en spiritualiteit, mei't fral syn ynfloed op it kristendom fia de teolooch en filosoof Augustinus fan Hippo tige grut west hat. De grutte njoggentjinde-iuwske Dútske wiisgear Friedrich Nietzsche hat it kristendom sadwaande ris karakterisearre as "platonisme foar it miene folk". Ek stie Plato mei syn Politeia en Nomoi oan 'e widze fan it Westerske politikology.

De tragyske dea fan syn learmaster Sokrates en de lessen dy't dyselde him bybrocht hie, holden Plato syn hiele libben dwaande en foarmen in tige grutte ynfloed op syn wurk. Plato ûnderskate himsels fierders fan eardere filosofen troch it brûken fan saneamde dialogen, wêryn't er persoanen yn petearen tinzen mei-inoar útwikselje liet oer konkrete sitewaasjes. De dialogen ferneamde er meastentiids nei ien fan 'e dielnimmers oan it petear. Hy joech oan sa'n dialoochform de foarkar boppe in teoretyske útinoarsetting: sa fergrutte er de libbenens fan syn wurk en foarkaam dêrmei it gefaar om wrâldfrjemd te wurden. Hy woe benammen dat syn wiisgearige ynsjoggen oer in grut publyk ferspraat wurde soene, want neffens him late inkeld de filosofy de minske ta wiere lokkigens.

Plato is ien fan 'e pear Grykske skriuwers út 'e Klassike Aldheid fan wa't it folsleine oeuvre oerlevere is. Nettsjinsteande it feit dat er him skeptysk útliet oer de wearde fan it skreaune wurd, joech er syn dialogen yn sa'n sierlike en fersoarge taal wer, dat syn wurk rekkene wurdt ta ien fan 'e hichtepunten fan 'e wrâldliteratuer. Plato syn oeuvre wurdt ornaris yndield yn trije kategoryen: ier, middel (of oergong) en let.

De slim skeinde Papirus Oxyrhynchus, mei in fragmint fan Plato syn Politeia.
iere perioade
  • Apologia: de (mooglike foar in diel fiktive) ferdigeningsrede dy't Sokrates útsprutsen hawwe soe by syn berjochting
  • Charmides: oer selsbehearsking
  • Crito: oer hearrigens oan 'e wet
  • Euthryphro: oer fromheid
  • Gorgias: oer de ferdjerlike ynfloed fan 'e retoarika
  • Hippias Major: oer de 'skientme'
  • Hippias Minor: oer de dwaasheid fan 'e sofisten
  • Ion: oer de tsjinstelling tusken (oanlearde) feardichheid en (oanberne) talint
  • Laches: oer moed
  • Lysis: oer freonskip
  • Protagoras: oer de fraach 'is deugd oan te learen?'
middel- of oergongsperioade
  • Cratylus: oer taal en nammen
  • Euthydemus: oer de dwaasheid fan it sofisme
  • Meno: oer deugd of treflikens
  • Parmenides: oer it foar en tsjin fan monisme en pluralisme
  • Phaedo: oer de omstannichheden fan 'e dea fan Sokrates
  • Phaedrus: oer de ideeëwrâld
  • Politeia: oer de ideäle steat
  • Symposium: oer leafde en erotyk
lette perioade

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, Footnotes, References en Further reading, op dizze side.