Sniefink
sniefink | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Plectrophenax nivalis | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De sniefink (Plectrophenax nivalis) is in fûgel út de famylje fan de iisfinkfûgels (Calcariidae), dy 't besibbe is oant de goarsfûgels. It is in fûgel fan it noarden dy't de toendra's brûkt om te brieden.
Foarkommen
In folwoeksen mantsje is hiel maklik te werkennen oan syn swartwite fearren. It duorret lykwols twa jier foar dat it wyt fan de jonge fûgels sa ljocht wurden is. Dan binne de fûgels wat bruner, krekt as de âldere mantsjes ek by't winterdeis binne.
It wyfke is ek wat bruner, mar hat ek wol in wite ûnderkant. De wjukken fan de sniefink binne relatyf lang, de snaffel is lykwols koart. De Sniefinken binne sa'n 16.5 sm lang en wage tusken de 26 en 40 gram. Dêrmei binne se nei grutte te ferlykjen mei de Mosk.
Fersprieding
Yn Jeropa binne de sniefinken allinnich yn it noarden te finen. Sy briede yn de simmer op de tûndra's fan Skandinaavje en ek yn Skotlân, meast boppe de beammegrins. Yn Yslân en ek yn it midden fan Noarwegen bliuwe se it hiele jier. By winterdeis lûke de fûgels nei it suden en binne dan by de Noardsee en Eastseekust te finen. Ek yn Nederlân en Fryslân binne se wolris yn lytse groepkes te sjen; yn 2013-2015 wiene der sa'n 1000-3000 wintergasten yn Nederlân.
Iten
It iten fan de sniefink bestiet út lytse siedden en ynsekten.
Fuortplanting
Yn maart begjint de briedtiid. Earst komt it mantsje op it briedplak om it territoarium mei syn sjongen ôf te beakenjen. At it dan lykwols somtiden wer snijt dan sammelje se harren wer yn lytse groepkes. It wyfke komt faak in pear wike letter.
It nêst leit meast tusken wat stiennen as yn rotsspleten en is makke fan plantestâlen, de beklaaiïng bestiet út hier en fearren. Meast wurde twa nêsten grutbrocht yn ien jier. It wyfke leit fjouwer oant seis aaien dy't yn sa'n 12-13 dagen útbret wurde.
Taksonomy
De sniefink hat trije ûndersoarten:
- Plectrophenax nivalis nivalis, Noard-Noard-Amearika, Noard-Jeropa
- Plectrophenax nivalis vlasowae, Iislân
- Plectrophenax nivalis townsendi, Eilannen Beringsee
- Fûgelsoarte
- Moskeftige
- Iisfinkfûgel
- Lânseigen fauna yn Alaska
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Grienlân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spitsbergen
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Yslân