Springe nei ynhâld

Blauwe hierkwab

Ut Wikipedy
De ferzje fan 24 nov 2023 om 00.56 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
blauwe hierkwab
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme netteldieren (Cnidaria)
klasse skiifkwabben (Scyphozoa)
skift flachbekkwabben (Semaeostomeae)
famylje hierkwabben (Cyaneidae)
skaai echte hierkwabben (Cyanea)
soarte
Cyanea lamarckii
Péron & Lesueur, 1810
IUCN-status: noch net evaluëarre

De blauwe hierkwab (Latynske namme: Cyanea lamarckii) is in kwab út 'e stamme fan 'e skiifkwabben (Scyphozoa), it skift fan 'e flachbekkwabben (Semaeostomeae), de famylje fan 'e hierkwabben (Cyaneidae) en it skaai fan 'e echte hierkwabben (Cyanea). Dit is ien fan 'e bekendere kwabbesoarten, dy't û.m. foarkomt yn 'e Noardsee en gauris oanspield op 'e Nederlânske strannen. Guon soölogen binne fan betinken dat alle oare soarten hierkwabben as ûndersoarten fan ien soarte beskôge wurde moatte. Dat wol oaren net oan, û.m. om't de blauwe hierkwab yn 'e Noardsee njonken in oare soarte út itselde skaai bestiet, de giele hierkwab (Cyanea capillata).

Fersprieding

It ferspriedingsgebiet fan 'e blauwe hierkwab omfiemet de it noardeasten fan 'e Atlantyske Oseaan, ynkl. de Noardsee, it Kanaal, de Golf fan Biskaje, de Ierske See, de Skotske See, de Noarske See, it Skagerrak en it Kattegat. Foar de Nederlânske kust is de blauwe hierkwab folle algemiener as de besibbe en gruttere giele hierkwab (Cyanea capillata), mar by de Britske Eilannen komt de giele hierkwab mear foar.

Uterlike skaaimerken

De kleur fan 'e blauwe hierkwab rint nettsjinsteande de namme útinoar fan blekich giel oant blau. It is in platte kwab, mei in skiiffoarm dy't in diameter berikke kin fan 30 sm, hoewol't eksimplaren út Skandinavyske wetters selden in gruttere diameter krije as 15 sm. It skiiffoarmige lichem fan 'e blauwe hierkwab bestiet út 32 lobben, dy't elts oant maksimaal 65 lange, tinne, op hier lykjende tentakels hawwe. Dy tentakels befetsje stekkende nettelsellen, en kinne wol 1 m lang wurde. De mûle fan 'e blauwe hierkwab, dy't ek tsjinst docht as anus, sit oan 'e ûnderkant yn 'e midden fan 'e skiiffoarm en wurdt omjûn troch fjouwer grutte, franje-eftige mûlearms.

In blauwe hierkwab oan it strân.

Hâlden en dragen

Krekt as oare kwabben kinne blauwe hierkwabben har sawol geslachtlik fuortplantsje yn har polypfoarm as ûngeslachtlik fuortplantsje yn har medusafoarm. Se hawwe fjouwer libbensstadia: larve, polyp, efyra en medusa. De froulike kwab draacht de befruchte aaikes mei yn har tentakels dêr't se útgroeie ta larven. As dy grutternôch binne, set de kwab se út op in hurde ûndergrûn, dêr't se har ûntjouwe ta polipen. De polipen plantsje har ûngeslachtlik fuort en produsearje dêrby steapels lytse wêzens dy't efyra's neamd wurde. De efyra's brekke los fan 'e steapels en begjinne frij om te swimmen, wêrby't se har ta medusa's ûntwikkelje en echte kwabben wurde. De oergong fan it polypstadium nei frij omswimmende efyra's fynt yn 'e súdlike Noardsee en yn 'e wetters om 'e Britske Eilannen hinne tusken jannewaris en maart plak.

Blauwe hierkwabben ferpleatse har troch harren lichems gear te lûken en wer te ûntspannen. Hoewol't se dêrmei net genôch faasje ûntwikkelje om tsjin 'e streaming yn te swimmen, kinne se troch fertikale ferpleatsing yn 'e wetterkolom wol ynfloed útoefenje op 'e rjochting dy't se út driuwe, om't op ferskillende wetterdjipten streamings faak ferskillende rjochtings hawwe. By stoarmen binne se lykwols helpeleas, en as der in sterke oanlânige wyn stiet, kinne blauwe hierkwabben massaal yn ûndjip wetter foarkomme. Blauwe hierkwabben frette soöplankton en lytse fiskjes dy't ferdôve wurde troch kontakt mei de nettelsellen yn 'e tentakels en neitiid troch de tentakels nei de mûle brocht wurde om opiten te wurden. De wichtichste natuerlike fijân fan 'e blauwe hierkwab is de see-anjelier, in soarte fan see-anemoan.

Blauwe hierkwabben yn finzenskip

It yn finzenskip hâlden fan blauwe hierkwabben is frij dreech, mei't de soarte net goed oer kontakt mei hurd materiaal kin. Yn in gewoan akwarium binne se sadwaande net te hâlden, mei't de glêzen wanden har fataal wurde. Soms wurde se yn spesjaal ûntwurpen rûne bakken holden wêryn't it wetter yn 'e rûnte pompt wurde, sadat se sa min mooglik mei de wanden yn oanrekking komme.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.