Caja Cazemier
Caja Cazemier (Spijkenisse, 5 septimber 1958) is in Nederlânske skriuwster fan berne- en jeugdboeken.
Biografy
Caja Cazemier groeide op yn Grins en wennet sûnt 1991 yn Ljouwert. Nei de middelbere skoalle studearre se Nederlânske taal- en letterkunde. Yn har stúdzje joech se in protte omtinken oan boeken foar de jeugd. Sy skreau in skripsje mei as titel: Gemengde gevoelens. Jeugdliteratuur voor meisjes in de puberteit. Nei har stúdzje wurke Cazemier tolve jier as learares Nederlânsk. Sûnt 2002 besteget se al har tiid oan it skriuwen fan boeken en it jaan fan lêzings oer har boeken.
Cazemier skriuwt foar jongeren tusken de 11 en 16 jier. Har ferhalen geane frijwol allegear oer ûnderwerpen dêr't jongeren op dy âldens mei te krijen hawwe kinne: de brêgeklasse, fereale wêzen, seksualiteit, alkohol, drugs en gniisgas, online daten, sosjale media, depresje, útgeansgeweld, loverboys, online pesten, skieden âlden, rouferwurking, ensafierder. It binne realistyske ferhalen dy't sjen litte hoe't jongeren hjirmei omgeane. De ynspiraasjebronnen foar har psychologyske jeugdromans lizze faak yn de realiteit. By de Jonge Jury keazen de lêzers yn 2008 Vamp út ta it bêste jeugdboek foar 11 oant 16 jier. Neist fiksje skriuwt se ek se ek ynformative boeken. Fan 2002 ôf is se ferbûn oan Utjouwerij Ploegsma út Amsterdam en sûnt 2018 skriuwt sy ek foar Zwijsen. Yn 2021 wie se ghostwriter foar Skuldich dat utjûn waard by de AFUK. Goed 25 jier kombinearret Cazemier it skriuwen mei skoallebesites. Dêrneist is sy ek jongerencoach.
Har debútboek Portret van Sanne waard yn 1992 presintearre op it Slauerhoff College yn Ljouwert. Yn 2000 kaam Bijna veertien út, dat hannelet oer in jonge dy't út it Westen nei Fryslân ferhuzet en wêr't er dan tsjinoan rint. Offline waard yn 2011 nominearre foar de priis fan de Jonge Jury. Knalhard krige de nominaasje yn 2012 foar de priis fan de Jonge Jury en is basearre op in gefal fan útgeansgeweld yn Frjentsjer. Yn 2012 waard Familiegeheim nominearre foar de Thea Beckmanpriis foar it bêste histoaryske jeugdboek. It boek Iets van mij waard nominearre foar de Jonge Jury yn 2013. Yn 2013 sette Ans Wallinga it boek Echt spel oer yn it Frysk. Tagelyk mei de Nederlânske útjefte kaam it ûnder de titel Foarstelling út as it aksjeboek yn it ramt fan de Moanne fan it Fryske boek. Cazemier waard foar dit boek ynspirearre troch in foarstelling fan de Jeugdteaterskoalle 'n Meeuw út Ljouwert. Keerzijde út 2014 hannelet oer Ypkje dy't yn 1891 te meitsjen kriget mei de seksuele mores fan dy tiid en twongen wurdt om fan Ljouwert nei Amsterdam te ferfarren. Dizze ferhaalline is skreaun troch Martine Letterie. Cazemier skriuwt oer Berber dy't yn 2013 ferhuzet fan Fryslân nei Amsterdam en te stellen hat mei de frije seksuele moraal, foar hoefier is der sprake fan frijheid? De libbens fan Berber en Ypkje reitsje inoar yn it boek. Yn 2015 waard Keerzijde nominearre foar de Thea Beckmanpriis foar it bêste histoaryske jeugdboek. Sky is the limit giet oer Sky dy't mei tsjinsin ferhuzet fan it fêstelân nei Flylân. Foar it boek Skuldich wie se de ghostwriter foar Jennifer de Vries yn it ramt fan it lêsbefoarderingsprojekt LêsNo fan de AFUK. It waard yn it Frysk oerset troch Ytsje Steen.
Bibliografy
Prizen en nominaasjes
- 2016 - Nominaasje foar de priis fan de Jonge Sjuery foar #selfie
- 2015 - Nominaasje foar de Thea Beckmanpriis foar Keerzijde
- 2013 - Nominaasje foar de priis fan de Jonge Sjuery foar Iets van mij
- 2012 - Nominaasje foar de Thea Beckmanpriis foar Familiegeheim
- 2012 - Nominaasje foar de priis fan de Jonge Sjuery foar Knalhard
- 2011 - Nominaasje foar de priis fan de Jonge Sjuery foar Offline
- 2008 - Prijs fan de Jonge Jury foar Vamp
- 2004 - Nominaasje foar de Tina Bruna Award 2004-2005 foar Kussen en krullen
- 1995 - Nominaasje foar de Prijs van de Nederlandse Kinderjury 12 oant 15 jier foar Iris
Fertalingen
- 2020 - Made by Indira. Mada – bet kokia kaina? (Litouske oersetting fan Made by Indira), oersetster Birutė Avizinienė
- 2013 - Foarstelling (Fryske oersetting fan Echt spel), oersetster Ans Wallinga
- 2012 - Online date (Dútske oersetting fan Vamp), oersetster Sonja Fiedler-Dop
- 2009 - Wo geht's hier zur Liebe? (Dútske oersetting fan Heb jij het al gedaan?), oersetster Sonja Fiedler-Dop
- 2008 - Riskanter Chat (Dútske oersetting fan Vamp), oersetster Sonja Fiedler-Dop
- 2004 - Verliebt sein ist eine Katastrophe (Dútske oersetting fan Verliefd zijn is een ramp!), oersetster Sonja Fiedler-Dop
- 2002 - Echt Emma, oder ganz der Vater? (Dútske oersetting fan Kid Kind), oersetster Hedwig von Bülow
- 2000 - Verliebt hoch zehn (Dútske oersetting fan Weerlicht), oersetters Jeanne Oidtmann-van Beek en Peter Oidtmann