Springe nei ynhâld

Jant van der Weg

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 okt 2023 om 21.10 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (+/+)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Jant van der Weg-Laverman (Ljouwert, 10 desimber 1939) is in skriuwster fan Fryske berne- en jeugdliteratuer. Skriuwt sûnt 1985 alle wiken dêroer yn it Friesch Dagblad en publisearret artikels op dit mêd yn tydskriften as Literatuur zonder leeftijd en Boekenpost en yn bûtenlânske periodiken en bondels. Skriuwt yn de Fryske tydskriften Trotwaer, Hjir en De Pompeblêden.

Studearre Frysk taal- en letteren promovearre yn 2000 op in ûndersyk nei Fryske bernepoëzij Feroaring yn byld en bân en dêrby in bondel Fryske bakerrymkes. Wurke by de Fryske Akademy.Se wie twa semesters lang dosint Frysk oan de Frije Universiteiten promotor fan de Fryske (berne)literatuer. Siet yn in soad bestjoeren en organisaasjes. Sa wie se jierrenlang sekretaris fan it deistich bestjoer fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum yn Ljouwert, bestjoerslid fan it lanlik Platform Kinder- en Jeugdliteratuur, dêr't de Stichting Geschiedenis Kinder- en Jeugdliteratuur út ûntstien is, wie mei-oprjochter en foarsitter fan de Stichting It Fryske Berneboek, lid fan de Advyskommisje foar Fryske Literatuer fan de provinsje Fryslân en fan de Advyskommisje foar Kultuer fan Ljouwert. Ynternasjonaal wie hja foarsitter fan de International Board on Books for Young People ofwol IBBY, ôfdieling Nederlân, en bestjoerslid fan IBBY sels, se organisearre yn dy funksje in soad kongressen, wêrûnder yn 1996 it IBBY-wrâldkongres yn Grins en yn 2003 it IBBY-trijelannenkongres yn Ljouwert.

Se die in soad redaksjewurk, wie gastredakteur fan in nûmer oer jeugdliteratuur fan it letterkundich tydskrift Trotwaer en advisearret útjouwers oer manuskripten.

Sette wurk oer fan ûnder oare Astrid Lindgren, Nynke van Hichtum, oer wa't se yn de mande mei har man Sikke Laverman in bibliografy makke, en Karel Eykman yn it Frysk en levere ferskate oersettings fanút it Ingelsk en it Dútsk yn it Nederlânsk. Dêrneist jout se lêzingen oer aspekten fan de Fryske berne- en jeugdliteratuer.

Se krige yn 2007 de Hieronymus van Alphen Priis útrikt troch Frits Booy en yn 2019 waard har de Fryske Anjer útrikt troch Kommissaris fan de Kening Arno Brok.

  • Jane Eyre fan Charlotte Brontë, útjûn troch Evertype (Skotlân; ISBN 978-1-78201-275-7; 2021).
  • Diet Huber: auteur en illustrator - Inventaris van het archief (mei Barteld de Vries, 2015)
  • Boeken en bern: kinderliteratuur in soorten (2014)
  • Simke, prinses uit de Wâlden (oer Simke Kloosterman)(2012)
  • Midden in de week maar zondags niet : de ware geschiedenissen van Kortjakje, Berend Botje, Jan Huigen en consorten (2008)
  • Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur., mei oaren (2006)
  • Nynke fan Hichtum (2006)
  • Literatuur op vleugels : kinder- en jeugdliteratuur in het Fries (2004)
  • Literature on wings : literature for children and youth in the Frisian language 2004
  • Foar bern fan 8 oant 88 jier: ynlieding yn de Fryske berne- en jongereinliteratuer, mei Alex Riemersma (2003)
  • De tsien fan Nynke van Hichtum, mei Anny de Jong (2003)
  • Er is door het luchtruim een hemd onderweg... : Friese kinderpoëzie in de twintigste eeuw oersetting út it Frysk (2003)
  • Suja, suze, eia nane : wiegeliedjes uit allerlei windstreken in het begin van de twintigste eeuw, mei Toin Duijx en mei linoleumfiken fan Silvia Zwaaneveldt (2002)
  • Wat ha wy in wille hân : bernespultsjes fan earder, mei Albert Kornelis Mulder ( 2002)
  • Printebibel : ferhalen út it âlde en it nije testamint, tekeningen troch Kees de Kort en oerset út it Nederlânsk (2002 )
  • Deutsch-Niederländisch-Flämische Begegnung : Dokumentation (2001)
  • 25 jaar Oase in de woestijn mei Simen Dykstra (2001)
  • Feroaring yn byld en bân, Fryske bernepoëzij yn de tweintichste ieu, promoasje, (2000)
  • Fan hantsjeklap en sûkerbak (bakerrymkes en opsisferskes) (1998)
  • Op stap voor en met Friese Kinderboeken : een halve eeuw actieve leespromotie ( 1996 )
  • Ut it huodsje fan frou Rienks : goed fyftich jier Us Frysk Berneboek, 1940-1993 ( 1995 )
  • De wereldreis van een boek (1994)
  • Van Alphen en Goeverneur in Friesland (1993)
  • Rixt en de kieviten (1990)
  • In bearn leart gjin bît, as hy gjin îwer het. Fryske bernelyryk yn de 19e ieu (1989)
  • Hûndert jier Nynke fan Hichtum : monuminten yn berneliteratuer (1989)
  • 50 jier literatuerstúdzje oan de FA (1988)
  • Un país lleno de narraciones : literatura para niños y jóvenes en la lengua minoritaria frison mei Wieke Goeman (1996)
  • Ein Land voller Geschichten : Kinder- und Jugendliteratur in der Minderheitssprache Friesisch, mei Wieke Goeman (1996)
  • A country full of stories : children's and adolescent literature in the Netherlands' second language, mei Wieke Goeman (1996 )
  • Een land vol verhalen : kinder- en jeugdliteratuur in de minderheidstaal Fries mei Wieke Goeman ( 1996)
  • Ut it huodsje fan frou Rienks : goed fyftich jier Us Frysk Berneboek, 1940-1993, ( 1995)
  • It ferhaal fan it paradysfûgeltsje skreaun troch Huib Klijn ; yn it Frysk oerset (1994)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: