Springe nei ynhâld

Kamp Westerbork

Ut Wikipedy
De ferzje fan 1 okt 2023 om 17.21 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Foarskiednis: []])
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Monumint kamp Westerbork
Monumint fan 102.000 Stiennen op it eardere appelplak
Makette fan it kamp

Kamp Westerbork (Polizeiliches Durchgangslager Westerbork) ûnder Hooghalen is bekend wurden as trochgongskamp. Hjirwei waarden 107.000 joaden en Roma en Sinty nei Dútske konsintraasjekampen deportearre; mar 5.000 dêrfan oerlibben de oarloch, de measten yn Theresienstadt en Bergen-Belsen of troch befrijding yn Westerbork sels.

Oan de foarjûn fan de Twadde Wrâldkriich flechten mear en mear Dútske joaden foar de naziterreur de grins mei Nederlân oer. It doetiidske Nederlânske regear woe skeel mei Dútslân foarkomme en sleat op 15 desimber 1938 de grins (inkelde wiken nei de Kristallnacht), en bestimpele de flechtlingen as net winslike frjemdlingen. Sy moasten yn ien grut flechtlingekamp ûnderbrocht wurde. Yn febrewaris 1939 besleat it regear ta de bou.

Earst soe it kamp by Elspeet boud wurde, mar Keningin Wilhelmina fûn de lizzing op tolve kilometer fan paleis It Loo te tichteby en ek de ANWB wie tsjin de lokaasje, want de fakânsjeminsken moasten de hiele Feluwe ta harren foldwaan hawwe kinne. Dêrom waard úteinlik keazen foar it Amerveld op de Drintske heide ûnder Hooghalen, tsien kilometer benoarden it doarp Westerbork. Yn augustus 1939 waarden de earste barakken dêr boud troch arbeiders yn de wurkferskaffing. De offisjele namme waard Centraal Vluchtelingenkamp Westerbork.

Op 9 oktober kamen de earste 22 bewenners. Se wienen fan in groep fan dik 900 Dútske joaden dy't om 'e nocht besocht hienen om mei it Dútske skip St Louis fan Hamboarch nei Kuba te ûntkommen.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Haadstrjitte ('Boulevard des Misères') fan Westerbork yn 1944
Joaden wachtsjend op deportaasje fan Westerbork nei Auschwitz

Yn de besetting makken de nazy's tankber gebrûk fan de al besteande kampsruktuer. Westerbork kaam op 1 july 1942 ûnder Dútsk bestjoer. Fan oktober 1942 oant april 1945 wie Albert Konrad Gemmeker kommandant fan it kamp. As Polizeiliches Durchgangslager Westerbork waard it in trochgongskamp foar joaden, sigeuners, homoseksuelen en fersetsminsken, dy't per trein ôffierd waarden. Yn 't earstoan barde de dat fia stasjon Hooghalen, mar nei in skoft waard in spoar oanlein dat it kamp ferbûn mei it spoar tusken Beilen en Assen.

Else tiisdei gie der in frachttrein út Westerbork wei dy't in gruute groep kampbewenners fia Assen, Grins en Nijeskâns nei kampen yn Poalen brocht, meast de ferneatigingskampen Auschwitz-Birkenau (65 treinen mei 60.330 minsken, de measten by oankomst deadien) en Sobibór (19 treinen mei 34.313 minsken, allegear fuortendaliks fergast), mar ek nei Bergen-Belsen en Theresienstadt (9 treinen mei 4.894 minsken dêr't sa'n 2000 fan oerlibben). De reis duorre sa'n trije dagen. De trein waard oant Nijeskâns troch Nederlânsk spoarpersoniel bemanne, en fan Nijeskâns ôf troch Dútsk personiel.
Yn totaal waarden fan 1942 oant 1944 goed 107.000 finzenen út Westerbork wei mei de trein deportearre. Mar 5.000 fan harren kamen libben werom.

Guon fan de slachtoffers waarden letter bekend. Etty Hillesum hat yn Westerbork fêst sitten foar't hja deportearre waard, en Anne Frank en har famylje waarden op ien fan de lêste transporttreinen fan Kamp Westerbork nei Auschwitz set. Ek it Sinti-famke Settela Steinbach is fia Westerbork deportearrege. De sjoernalist, foar it Algemeen Handelsblad, Philip Mechanicus waard op 7 novimber 1942 nei Westerbork ôffierd en op 8 maart 1944 op transport steld nei Bergen-Belsen; op 9 oktober 1944 waard er mei in straftransport fan 120 man nei Auschwitz-Birkenau brocht, dêr't er 3 dagen letter deasketten waard.

De lêste trein ferliet Westerbork op 13 septimber 1944.[1] Op 12 april 1945 waard it kamp troch Kanadeeske soldaten befrijd. Der wienen doe noch sa'n 900 finzenen oer. It kamp kaam doe ûnder Nederlânsk kommando en de bewenners moasten dêr noch wiken bliuwe eardat sy nei hûs mochten.

Nei de oarloch (Schattenberg)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oarloch hat de Nederlânske oerheid it kamp inkelde jierren brûkt foar it sûnder proses fêsthâlden fan NSB'ers en kollaborateurs.

Dêrnei hat it noch in skoft tsjinne as militêr kampemint, en yn 1951 waard Kamp Westerbork ynrjochte as wenoarde foar demobilisearre KNYL militêren fan Súd-Moluksk komôf. It krige doe de namme Schattenberg, nei in hichte yn de omkriten. De earste Molukkers kamen op 22 maart 1951; se wienen in dei earder yn Rotterdam oankaam mei de Kota Inten. Yn 1970 ferlieten de lêste húshâldings Schattenberg. It kamp waard dêrnei ôfbrutsen.

Sûnt 1983 is der in sintrum ta neitins, dêr't de skiednis fan Durchgangslager Westerbork ferhelle wurdt. Der is in museum mei foto's, films en foarwurpen út it kamp. Trije kilometer fierder is it eardere kampterrein. De wichtichste gebouwen fan doetiids binne no oanjûn mei lytse hichten. Trijehoekige stiennen wize de plakken fan barakken en oare strukturen oan. In wachttoer is opnij set.

Mids op it terrein is in monumint, ta oantins fan de tûzenen joaden en sigeuners, dy't út kamp Westerbork wie nei de ferneatigingskampen stjoerd binne.

Op it plak dêr't it spoar yn it kamp ophold, ûntfâlde Keninginne Juliana yn 1970 it Nasjonaal monumint Westerbork, in ûntwerp fan âld-finzene Ralph Prins.

It Monument fan de 102.000 Stiennen wol de 102.000 deportearre minsken dy't net oerlibben te binnnen bringe. Op de kop fan de stinenen is in davidstjer ôfbyld. Twahûnderttsien hawwe in flam foar de groep fan 245 Sinti en Roma dy't net weromkaam binne. Fjouwerenfyftich stiennen hawwe gjin symboal, dy steanne foar de fersetstriders dy't yn it kamp kremearre binne.

Jacques Presser

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jacques Presser beskriuwt yn 'De Nacht der Girondijnen', dat yn 1957 boekewikepresint wie, de tastannen en morele dilemma's fan de ynwenners fan it kamp. Presser siet yn de oarloch ûnderdûkt dat hy hat sels net yn Westerbork sitten. Syn frou, Deborah Appel, hat der wol sitten en is letter yn Sobibór ombrocht.

  • It doetiids populêre joadske duo Johnny & Jones mocht it kamp in skoftke út om yn Amsterdam it ferske 'Westerbork serenade' op te nimmen. Sy hawwe it ferfolch ek net oerlibbe.
  • Yn 2009 woe Kamp Westerbork alle oerbleaune barakken werom yn it kamp hawwe. In barak yn Veendam waard yn 'e brân setten nei't bekend wurden wie dat er nei Westerbork oerbrocht wurde soe. Swartbleakere oerbliuwsels dêrfan binne yn it museum te sjen.[2][3]
  • Yn de bosken rûnom is in stoart fan batterijen dy't troch de finzenen ûntmantele binne. Op dat plak woe noait wat waakse, oant dêr yn 2009 in tige seldsum ertsmoas fûn waard.[4]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nationaal Verzetsmuseum in Overloon
  2. Brand barak Westerbork aangestoken, 22-07-09 op de website van NOS
  3. Westerbork zoekt barakken in Limburg, 23-07-09 op de website van NOS
  4. Website BLWG. Wat doet Ertsmos in Kamp Westerbork?, 15-11-2009 fia deze link