Albert Konrad Gemmeker

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Gemmeker (Joelfeest Kamp Westerbork, desimber 1942)

Albert Konrad Gemmeker (Düsseldorf 27 septimber 1907- 1982) wie in Dútske SS-Obersturmführer en kommandant fan Kamp Westerbork.

Westerbork 1942: Gemmeker, Hassel, Aus der Fünten & Scheltnes
De bewarre went fan Albert Konrad Gemmeker by Kamp Westerbork

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gemmeker waard berne yn Düsseldorf. Mei fjirtjin jier gie er fan skoalle ôf gie oan't wurk by in fersekeringsmaatskippij. Doe't er tweintich wie sette er útein mei in oplieding foar plysjeman. Nei't er yn 1933 klear wie, kaam er by de plysje yn Duisburg. Yn 1935 hie Gemmeker in administrative funksje by de Gestapo - hy wie doe gjin lid fan de NSDAP of SS, mar gou as te betrouwen.

Twa jier letter, op 1 maaie 1937, waard er offisjeel lid fan de Nasjonaalsosjalistyske Dútse Arbeiderspartij.[1] Koart nei de machtsoername troch de nasjonaalsosjalisten hie er him al oanmeld as lid fan de NSDAP, mar yn de begjintiid wie de partij ôfhâldend mei it talitten fan persoanen dy't koart skoft nei machtsoername lid wurde woene. Yn 1937 hie Gemmeker him ek opjoen foar de SS, mar waard earst op 1 novimber 1940 talitten by it elitekorps mei de rang fan SS-Hauptscharführer.[2] Op 25 augustus 1940 wie er oerpleats nei De Haach, dêr't er Personalreferent by de Befehlshaber der Sicherheitspolizei und des SD wie. Yn De Haach moete er ek Elizabeth Hassel (Frau Hassel) dy't krekt by har man wei wie, en dy't yn kamp Westerbork syn sekretaresse en matresse waard.

Juny 1942 waard Gemmeker koart skoft kommandant fan kamp Sint-Michielsgestel. Op 12 oktober 1942 waard er, wilens mei de rang fan SS-Obersturmführer, beneamd ta kampkommandant fan Polizeiliches Durchgangslager Westerbork.

Dekoraasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. VPRO.nl - Gemmeker, Albert Konrad (1907-1982)
  2. VPRO.nl - Gemmeker, Albert Konrad (1907-1982) - Carrière