Springe nei ynhâld

Boven Pekela

Ut Wikipedy
De ferzje fan 30 jul 2023 om 05.48 troch Kneppelfreed (oerlis | bydragen) (posysjekaart tafoege)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Boven Pekela
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Pekela
Sifers
Ynwennertal 600
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 1' 59" NB, 6° 55' 52" EL
Kaart
Boven Pekela (Grinslân)
Boven Pekela

Boven Pekela (Nederlânsk en offisjeel; Grinslânsk: Boven Pekel, Frysk: Boppe Pekel) is in doarp yn de gemeente Pekela yn de provinsje Grinslân. Eins bin it twa doarpen: Noorderkolonie en Zuiderkolonie, twa oaninoar lizzende streekdoarpen oan beide kanten fan it Pekelderhoofddiep.

It foarheaksel Boven (boppe) ferwiist nei de streamrjochting fan de Pekel A. It fean yn dat gebiet waard yn opdracht fan de stêd Grins oanmakke. Der waard begûn oan de ûnderrin fan de Pekel A. Dêr ûntstie ynearsten Oude Pekela. Fierder streamop ûntstie oan it Pekelderhoofddiep earst Nieuwe Pekela. It Pekelderdiep is winliken de kanalisearre Pekel A.

Itjinge no Boven Pekela is, hearde oarspronklik by Nieuwe Pekela. Om 1900 wiene de beide koloanjes oan de bopperin foldwaande groeid om in eigen tsjerke te krijen. Fan dat stuit ôf is dat part fan it eardere Nieuwe Pekela bekend as Boven Pekela.  

Boven Pekela hat in iepenbiere basisskoalle en V.V. Pekelder Boys is dêr fêstige.

Lizzing fan Boven Pekela yn de gemeente Pekela

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De Riggel Webstee mei histoaryske foto's fan Boven Pekela

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Pekela
Doarpen:
AlteveerBoven PekelaNieuwe PekelaOude Pekela
Buorskippen:
BronsveenHoetmansmeer
Wetter:
Pekel APekelderdiep
· · Berjocht bewurkje