Hearlikheid Grinslân
Hearlikheid Grinslân Heerlijkheid Groningen | |
---|---|
01536 - 1594 (1648) | |
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | Grins |
offisjele taal | Middelnederdútsk Aldfrysk/Midfrysk Middelnederlânsk |
steatsfoarm | hearlikheid |
ûntstien út | Ommelannen/Fryske Frijheid Goarjocht |
opgien yn | Stêd en Lân |
no diel fan | Grinslân |
De Hearlikheid Grinslân wie in hearlikheid ûnder it Hûs Habsburch, dy't bestie fan 1536 oant 1594 yn de hjoeddeistige provinsje Grinslân mei útsûndering fan Westerwâlde. It Habsburchsk regear bleau it gewest sa neamen oant de Frede fan Westfalen yn 1648. De hearlikheid bestie út twa parten: de fan oarsprong Fryske Ommelannen, dy't harsels yn dy snuorje Lyts-Fryslân neamden en de fan oarsprong Drintsk/Saksyske stêd Grins en syn rjochtsgebiet Goarjocht.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd Grins hie him yn de tolfde iuw sa goed as losmakke fan syn lânshear, de Utertske biskop in ûntjoech him as in stedsteat. De Ommelannen dêrfoaroer beropten harsels op de Fryske Frijheid en hiene gjin lânshear. Grins rjochte him yn de snuorje fan de Fryske Frijheid mear op de Fryske lannen. De stêd rekke ek behelle by d etsjierderijen tusken Skier en Fet. Dy tsierderijen rûnen sa út 'e hân dat der machten om utens by behelle waarden. Grins en de Ommelannen ropten de help yn fan hartoch Karel fan Gelre, dy't easke dat hja him as hear erkenne soene op betingst foar syn help. It leger fan Karel V, hartoch fan Boergonje en keizer fan it Hillige Roomske Ryk, ûnder lieding fan Georg Schenk fan Toutenburch, fersloech it Gelderske leger ûnder lieding fan Meindert fan Ham yn de Slach by Hilligerlee (1536). By de Frede fan Grave waard útmakke dat Grins en de Ommelannen as ien hearlikheid nei Karel V gean soene. Georg Schenk fan Toutenburch waard steedhâlder fan de nije hearlikheid Grinslân út namme fan de keizer. De hearlikheid hold en soad rjochten en frijheden en wie sa goed as selsstannich. It waard lykwols al part fan de Habsburchske Nederlannen. Yn 1548 waard de hearlikheid nei de Boergondyske Rykskrite oerbrocht fan de Nederrynsk-Westfaalske Rykskrite, dêr't er sûnt 1536 part fan wie.
Dy twongen feriening mei de stêd Grins noasken de Ommelannen lykwols net omreden de dominante posysje fan de stêd. Om tsjin dy dominante posysje te fersetten neamden de Ommelannen harsels Lyts-Fryslân, ynstee fan "Ommelannen fan de stêd Grins". De hearlikheid soe nea in ienheid wurde. Yn 1579 keazen de Ommelannen ek de kant fan de Nederlânske Opstân by de Uny fan Utert, allinnich omreden it feit dat Grins Spaanskgesind bleau. De stêd wie lykwols al foar de Pasifikaasje fan Gint, mar moast nea fan de Uny fan Utert hawwe. De Ommelannen seagen dêrtroch in kâns om harren fan it stedske jok te befrijen. In tal maonnen letter sleat Grins him ek by de Uny oan.
Op 3 maart 1580 rûn de katolike steedhâlder George fan Lalaing, greve fan Rennenberch, dy't fan in Henegousk aadlik laach wei komt en de oprjochter fan de Uny fan Arras wie, rûn oer nei de Spaanske kant. Dat foarfal waard letter wol it "Ferrie fan Rennenberch" neamd, benammen troch protestantske skiedskriuwers, wylst twatred fan d eGrinzer befolking him stipe. Lykwols wie Rennenberch ek steedhâlder fan Fryslân en de Ommelannen, dy't harren by de protestantske Uny fan Utert oansletten hiene en net mei him nei de Spaanske kant oerrinne woene. Boppedat wiene Oerisel en Drinte, dêr't Rennenberch ek steedhâlder fan wiene, oant doe ta neutraal wiene, dochs ek gjin ferlet fan hiene oan de Spaanske kant te kommen. Sa waard troch bemiddeljen fan Willem fan Oranje besletten dat Rennenberch allinnich de stêd Grins, Delfsyl en Coevorden foar Spanje hâlde soe. Dat bliek in goede oanfalsbasis fan it Spaanske leger te wêzen en dy hie de Ommelannen en Drinte al rillegau oermastere.
De Steatsen ûnder lieding fan Maurits fan Oranje, de soan fan Willem, oermasteren de Ommelannen yn 1591 nei't Delfsyl ynnommen waard en yn 1594 waard by de Reduksje fan Grins de stêd Grins ynnommen. De Hearlikheid Grinslân waard opheft en tsjin de winsk fan de Ommelannen yn waarden Grins en de Ommelannen gearfoege ta it gewest Stêd Grins en Ommelannen (Stêd en Lân) as gewest yn de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. By de Traktaat fan Reduksje waard troch de Steaten-Generaal fan de Nederlannen in spesjale regeling foar it gewest útmakke oangeande skelen tusken de twa parten. De Habsburgers erkenden dy sitewaasje pas yn 1648 by de Frede fan Westfalen.