Springe nei ynhâld

Alblasserwaard

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 jun 2023 om 20.47 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (oars)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De Alblasserwaard is nûmer 11
De moles fan Kinderdijk, op 'e uterste westpunt fan 'e Alblasserwaard.

De Alblasserwaard (Nederlânsk: Alblasserwaard) is in lânstreek yn it súdeasten fan 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân en in lyts diel yn de provinsje Utert. It gebiet leit eastlik en súdeastlik fan 'e stêd Rotterdam, en noardeastlik fan Doardt. It foarmet it súdlike diel fan it saneamde Griene Hert (fan 'e Rânestêd). Pas nei de foltôging fan 'e Alde Sederik, in kanaal dat yn 1370 groeven waard tusken Ameide en Meerkerk, kaam de Alblasserwaard ûnder dy namme bekend te stean, wêrby't it ferneamd waard nei it rivierke de Alblas. Foartiid stie it bekend as "it Lân tusken Lek en Merwede". De Alblasserwaard stiet benammen bekend om 'e wrâldferneamde Wynmûnen fan Kinderdijk.

Yn it noarden foarmet de rivier de Lek de grins mei de Krimpenerwaard en de Lopikerwaard, wylst de rivier de Noard de Alblasserwaard yn it westen skiedt fan IJsselmonde. Oare kant de Merwede leit yn it suden it Nasjonaal Park De Biisbosk. En yn it easten foarmje de Alde Sederik, it Merwedekanaal en de Linge de skieding mei de Fiifhearelannen en de Tilerwaard.

Oan 'e súdkant fan 'e Alblasserwaard lizze oan 'e Merwede fan west nei east de stêden Alblasserdam, Papendrecht, Sliedrecht, Hardinxveld-Giessendam, en Gorkum. It noardlike diel fan 'e Alblasserwaard is foar it grutste part in leechlein en frij tinbefolke, agrarysk gebiet.

De Alblasserwaard bestiet út 7 ûnderskate gemeenten:

De Alblasserwaard hat in befolking fan likernôch 170.000 minsken, wat mei in oerflak fan sa'n 250 km² delkomt op in befolkingstichtens fan 680 minsken de km². Fierwei it grutste part fan 'e ynwenners libbet lykwols by de súdlike râne fan it gebiet lâns. De Alblasserwaard ûnderskiedt him fan 'e rest fan Súd-Hollân troch in dialekt dat net ta it Hollânsk heart, mar ta it Utertsk-Alblasserwaardsk. Dat wykt sadwaande wat mear ôf fan it Standertnederlânsk as de dialekten dy't sprutsen wurde yn oangrinzgjende gebieten yn it westen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Verder lezen, Zie ook en Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.