Springe nei ynhâld

Alblas (rivier)

Ut Wikipedy

De Alblas is in rivierke yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân mei in lingte fan 10 kilometer.

De Alblas begjint as de Graafstroom, dêr't de eardere gemeente Graafstroom nei neamd is. Tusken Bleskensgraaf en Ald-Alblas, op 'e hichte fan de Wijngaardeseweg, feroaret de Graafstroom fan namme en wurdt Alblas neamd.

Earder wie de Alblas in drok befearne rivier mei boaten dy't yn haadsaak feefoer transportearren. Pleatsen út dy tiid hawwe dêrom de foargevel nei it wetter en net nei de dyk. Dat komt om 't yn de perioade fan bouwen de rivier de Alblas in wichtiger transportrûte wie as de dyk. Hjoed- de-dei wurdt de rivier allinne befearn troch rekreaasjeboaten. By't winter, wannear't de rivier tichtferzen is, wurdt de Schaatsmolentocht foar in part oer de rivier riden.

Westlik fan Ald-Alblas makket de Alblas in grutte bocht nei it noarden ta en wer werom nei it suden, dy't ôfsnijd wurdt troch de Nauwe Alblas. It rivierke streamde úteinlik by Alblasserdam de Noard yn. Hjoed-de-dei rint de Alblas dea, om't de slûs, dy't tagong joech nei de Noard net operasjoneel mear is.