Merwedekanaal

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Rin fan it Merwedekanaal

It Merwedekanaal is in kanaal yn de Nederlânske provinsjes Utert en Súd-Hollân. It ferbynt it Amsterdam-Rynkanaal yn de stêd Utert mei de Boppe-Merwede besuden Gorinchem.

It kanaal rint fan noard nei súd troch of bylâns de plakken Utert, Nieuwegein (Jutphaas, Vreeswijk), Vianen, Lexmond, Hei- en Boeicop, Meerkerk, Nieuwland, Hoogblokland, Arkel en Gorinchem.[1] Tusken Nieuwegein en Utert wurdt it Merwedekanaal krúst troch it Amsterdam-Rynkanaal en tusken Nieuwegein en Fianen troch de rivier de Lek.

It kanaal waard yn 1892 offisjeel iepene. It kanaal wie foar in part in ferbreding en ferdjipping fan besteande kanalen, sa as Keulse Feart út 1825. Tusken Amsterdam en Utert waard wol in folslein nij kanaal groeven. Tusken Utert-Hoograven en Vreeswijk waard gebrûk makke fan de al besteande Keulse Feart en tusken Fianen en Gorinchem fan it besteande Zederikkanaal. Doe't it kanaal op in stuit net mear oan de moderne easken foldie, waard yn 1931 besletten ta de oanlis fan it Amsterdam-Rynkanaal.

Der hoecht op it Merwedekanaal gjin slûs- of brêgejild betelle te wurden.

Fotogalery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Merwedekanaal yn Utert[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Merwedekanaal benoarden de Lek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Merwedekanaal besuden de Lek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:



  1. Rykswettersteat. Vaarwegenoverzicht/Merwedekanaal. Rieplachte op 30-03-2010.