Stasjon Apeldoarn
Stasjon Apeldoarn station Apeldoorn | ||
Stasjon Apeldoarn yn 2008 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Gelderlân | |
Gemeente | Apeldoarn | |
plak | Apeldoarn | |
adres | Stationsplein 16 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Apd | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 15 maaie 1876 | |
boujier | 1875 | |
monumintale status | Gemeentlik monumint | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 3 | |
spoarline | Easterspoarwei Apeldoarn - Dimter Dieren - Apeldoarn | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Apeldoarn (Apd) is it spoarweistasjon fan Apeldoarn, yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. It stasjonsgebou is in unyk ûntwerp, mar ken de klassike symmetryske foarmjouwing dy 't in soad brûkt wurdt yn de perioade dat it stasjon berne is. It gebou hat in heech middenpart en twa lege fleugels oan wjerskanten fan it gebou. Mei de iepening fan de lokaallinen fan de KNLS oan de ein fan de jierren ’80 fan de njoggentjinde iuw kriget it stasjon in eilânperron mei in oerkaping.
Yn 1911 is it stasjonsgebou flink fergrutte. Foar it middenpart komt in lege festibule mei dêrop in terras foar de boppewenning. De lingte fan de linkerfleugel is by de ferbouwing ferdûbele. Yn de jierren ’70 is it ynterieur fan it gebou folslein fernijd. Hjirby is ek de keninklike wachtkeamer út 1911 ferlern gien. De festibule is foar it grutste part ferfongen troch in moderne yngong mei trije luifels.
Mei it each op in rekonstruksje fan it stasjonsgebiet ûntstean nei de iuwwiksel plannen om it gebou te slopen. Troch lokale protesten bliuwt it gebou bewarre en is it yn 2007 oan de bûtenkant safolle mooglik werom brocht yn de orizjinele steat. Hjirby is de yngong út de jierren ’70 ofbrútsen en is de foargevel safolle mooglik werombrocht yn de situaasje fan foar 1911.
Datselde jier is it Apeldoarnske stasjonsgebiet folslein fernijd. Foar it stasjonsgebou komt in grut ferlege plein mei tagong ta de nije tunnel ûnder de spoaren. De linker fleugel fan it stasjonsgebou is hielendal sloopt om plak te meitsjen foar de nije tunnel. Neidat dy ree kaam is, is de fleugel yn de koarte tastân fan foar 1911 wer werboud.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
140/240 IC 77 |
Intercity (NS International DB Fernverkehr) |
Amsterdam Sintraal – Hilfertsom – Duivendrecht – Hilfertsom – Amersfoart Sintraal – Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Bad Betnheim – Rheine – Osnabrück Hbf – Hannover Hbf – Wolfsburg Hbf – Stendal – Berlin-Spandau – Berlin Hbf – Berlin Ostbahnhof | Rydt om 'e twa oeren, stoppet om 'e fjouwer oere te Bünde en twa oeren letter om 'e fjouwer oere te Bad Oeynhausen. Net alle treinen hâlde halt yn Apeldoarn. |
1500 | Intercity (NS) |
Amsterdam Sintraal – Hilfertsom – Amersfoart Sintraal – Apeldoarn – Dimter | Rydt op wurkdagen yn de spits fan en nei Dimter. Yn de dal oeren is dat 1x de 2 oeren. |
1600 | Intercity (NS) | Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Duivendrecht – Hilfertsom – Amersfoart Sintraal – Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Ynskedee | In healoeretsjinst |
1700 | Intercity (NS) | De Haach Sintraal – Gouda – Utert Sintraal – Amersfoart Sintraal – Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Ynskedee | In healoeretsjinst |
7000 | Sprinter (NS) | Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Ynskedee | In healoeretsjinst |
RS 30 17800 |
Stoptrein (Arriva) | Sutfen – Apeldoarn | In healoeretsjinst |
RE 30 30400 |
Sneltrein (Arriva) | Apeldoarn – Sutfen – Winterswyk | Ried yn de jûnsoeren en yn it it wykein. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|