Stasjon Lage Zwaluwe
Stasjon Lage Zwaluwe Station Lage Zwaluwe | ||
Stasjon Lage Zwaluwe yn 2009 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Brabân | |
gemeente | Moerdijk | |
plak | Lage Zwaluwe | |
adres | Westelijke Parralelweg | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Zlw | |
type | Trochgongstasion | |
iepening | 1 july 1866 | |
boujier | 1883 1e stasjonsgebou 1950 2e stasjonsgebou 2003 3e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1945 1e stasjonsgebou 2001 2e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1883 ûnbekende arsjitekt 1e stasjonsgebou 1950 S. van Ravesteyn 2e stasjonsgebou 2003 E. Megens 3e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 3 | |
perronspoaren | 4 | |
spoarline | Steatsline I | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Lage Zwaluwe (Zlw) is in spoarweistasjon yn Lage Zwaluwe gemeente Moerdijk yn de provinsje Noard-Brabân en waard iepene yn 1866 oan de Steatsline I (Breda - Rotterdam Sintraal). Yn dit Brabânske plak is yn 2003 it tredde stasjonsgebou sûnt 1866 iepene.
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste stasjon iepene op 1 maaie 1870 syn doarren foar treinreizgers. It earste stasjonsgebou wie in gebou mei in heech middenpart mei twa puntgevels oan wjerskanten en oan beide kanten in fleugel. It gebou waard yn 1945 ôfbrútsen nei't it slim skansearre rekke wie yn de Twadde Wrâldkriich.
It stasjonsgebou waard yn 1950 ferfongen, nei ûntwerp fan arsjitekt Sybolt van Ravesteyn yn 'e styl fan 'e Delftske Skoalle, in lang en leech ienfâldich gebouke mei sealtek en in aksintuearre yngong.
It stasjonsgebou út 1950 waard yn 2001 ôfbrútsen en ferfongen troch twa treppenhúzen mei liften en in glêzen fuotgongersbrêge der tusken yn, mei twa wachtromtes midden op de brêge, mei útsjoch op de spoaren en it grutte rangearterrein by Lage Zwaluwe, fan de hân fan arsjitekt Edwin Megens.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
5100 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Rotterdam Blaak – Rotterdam Lombardijen – Lage Zwaluwe – Doardt | |
5900 | Sprinter (NS) | Doardt – Lage Zwaluwe – Roosendaal | Jûns en yn it wykein ien kear yn 'e oere. |
6600 | Sprinter (NS) | Doardt – Lage Zwaluwe – Breda – Tilburch – De Bosk – Nimwegen – Arnhim Sintraal | Rydt allinnich yn de spits tusken Nimwegen en Arnhim Sintraal v.v. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|