Springe nei ynhâld

Stasjon Arnemuiden

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 apr 2023 om 15.28 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Emplasemint: bytsje frysker)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Stasjon Arnemuiden
station Arnemuiden
Stasjon Arnemuiden yn 2009
Stasjon Arnemuiden yn 2009
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Seelân
Gemeente Middelburch
plak Arnemuiden
adres Doeleweg 7
arsjitektuer
stasjonskoade Arn
type Trochgongsstasjon
iepening 1 maart 1872
boujier 1871
arsjitekt Karel Hendrik van Brederode
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 508354
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Steatsline F
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Arnemuiden (Seelân)
Stasjon Arnemuiden

Stasjon Arnemuiden (Arn) is in stasjon yn de Nederlânske plak Arnemuiden yn de provinsje Seelân. It stasjon is in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type Sâltbommel en is ien fan de sân stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is. En ien fan de twa stasjons fan dit type dy't noch oanwêzich is, it oare stasjon is Stasjon Vught.

It stasjonsgebou kaam yn 1871 ree, en waard iepene op 1 maart 1872 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline F oanlein wie. It gebou hat in heech middenpart en twa koarte fleugels. Opfallend oan Stasjon Arnemuiden is dat it mar twa ruten yn it middelstepart hat en ien rut yn eltse fleugel. De beide perrons fan it stasjon lizze net foarinoar oer, mar befine se har oan wjerskanten fan de oerwei (bajonetlizzing) oer de Doeleweg.

It emplasemint Arnemuiden wie tige sober ynrjochte en bestie inkeld út it stasjonsgebou en in lytse frachtloads. Der wie noch gjin frachtspoar oanwêzich. Yn 1877 waard it emplasemint útwreide mei in frachtspoar en in los- en laadplak. It frachtferfier bestie benammen út it ferfieren fan fisk, garnalen en sûkerbiten en it oanfieren fan stienkoal en itensguod. Oant 1960 feroare der net folle op it emplasemint. Yn de jierren sechtich rekke de los- en laadplak stadichoan yn ûnbrûk. Yn 1969 waard de los- en laadplak en it frachtspoar bûten gebrûk steld.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
2200 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkHaarlimLeiden SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardtRoosendaalArnemuidenMiddelburchFlissingen
12200 Intercity
(NS)
RoosendaalBergen op SoomGoesArnemuidenMiddelburchFlissingen rydt ien kear deis yn de moarnsspits, rydt net op sneins.
6100 Sprinter (NS) RoosendaalBergen op SoomGoesArnemuidenMiddelburchFlissingen In oeretsjinst, Rydt net jûns en yn it wykein.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: