Borgercompagnie
Borgercompagnie | ||
Komboerd yn 2016 | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Feandam Midden-Grinslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | ±500 [1] | |
Oar | ||
Postkoade | 9631-9632 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 6' 49" NB, 6° 49' 13" EL | |
Kaart | ||
Borgercompagnie (Nederlânsk en offisjeel; Grinslânsk: Börkomnij, Frysk: Boargerkompenije) is in karakteristyk feankoloniaal lintdoarp yn de provinsje Grinslân. It doarp Borgercompagnie leit yn twa gemeenten: Midden-Grinslân en Veendam.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Borgercompagnie is yn de 17e iuw ûntstean doe't borgers (boargers) út de stêd Grins dêr in feankoloanje stiften. Yn 1647 waard it djip (Grinslânsk: daip = kanaal) groeven. Yn 1655 waard de feanboarch Welgelegen boud.
Nei de ferfeanterij waard it Borgercompagniesterdiep net goed ûnderhâlden sadat it om 1880 ûnbefarbar wurden wie. Dêrom waard yn dat jier in spesjaal wetterskip oprjochte, de Kanaalwaterschap voor Borger- en Tripscompagnie foar it ûnderhâld fan sluzen, brêgen en kanaalpannen.
Lâns it oarspronklike djip stean oan wjerskanten boerepleatsen en huzen. De nûmering begjint by 1 yn Sappemeer en rint op oant rom 250 yn it eardere Wildervank. Flak foar de krúsing mei de Veendammerweg is der oan de ûneven kant in útrinner rjochting de Langeleegte.
It middelste part fan it djip is yn de jierren 1970 tichtsmiten.
Yn 2005 waard yn Borgerscompagnie in dongfergistingsfabryk iepene. It waard ynearsten priizge as in foarútstribjend bedriuw en krige in stimulearringspriis. It fabryk ferwurket 35.000 ton dong it jier. Der is lykwols oanienwei skeel mei de buorlju en de gemeente Veendam fanwegen de stank. [2]
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Feandam | ||
---|---|---|
Doarpen: Bareveld (foar in part) • Borgercompagnie (foar in part) • Feandam • Ommelannerwyk • Tripscompagnie (foar in part) • Wildervank | ||
Utbuorrens & Buorskippen: Boven Veensloot (foar in part) • Kibbelgaarn • Numero Dertien • Wildervanksterdallen • Korte Akkers • Westerdiepsterdallen • Zuidwending | ||
wizigje | ||
· · |