Warner Bros. Ranch
Warner Bros. Ranch | ||
Yngong fan 'e Warner Bros. Ranch. | ||
algemien | ||
hist. namme | Columbia Ranch, TBS Ranch | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | tillefyzje- en filmyndustry | |
fêstige yn | Burbank (Kalifornje) | |
oprjochte | 1934 | |
oprjochter | Harry Cohn | |
eigner | Warner Bros. | |
mem | Warner Bros. Studios | |
offisjele webside | ||
www.columbiaranch.net | ||
kaart | ||
De Warner Bros. Ranch is in filmranch yn Burbank yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, fuort benoarden Hollywood. De ranch ûntstie yn 1934. Foarhinne stied er bekend as de Columbia Ranch, mei't er lange tiid eigendom wie fan filmstudio Columbia Pictures. Yn dy tiid waarden der in protte bekende films en fral ek tillefyzjesearjes opnommen. Letter stie de ranch bekend as de TBS Ranch. Yn 1990 kaam de ranch yn 'e hannen fan Warner Bros. en krige er syn hjoeddeistige namme.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmstudio Columbia Pictures hie yn 'e iere jierren fan 'e filmyndustry te kampen mei in gebrek oan romte by syn haadkertier oan Sunset Boulevard yn Hollywood. Ein 1934 waard dat oplost doe't studiobaas Harry Cohn in perseel grûn mei in oerflak fan 16 ha oankocht as lokaasje foar de opnamen fan films. It stik lân lei yn Burbank, in stêd fuort benoarden de Hollywoodheuvels, op 'e hoeke fan Hollywood Way en Oak Street. Dat gebiet wie ideaal foar it stiftsjen fan in filmranch, mei't it (doe noch) op it plattelân lei. Dy filmranch krige de namme Columbia Ranch.
Neitiid brûkte Columbia Pictures de Columbia Ranch foar hast alle bûtendoarsênes yn syn films, en letter, fan 'e 1960-er jierren ôf, ek yn syn tillefyzjesearjes. Op it backlot waarden gâns sets boud. Yn 1970 ferwoastge in jammerdearlike brân in fjirdepart fan it backlot. Dêrby waarden de helte fan 'e Westernset, de hiele Koloniale/Jeropeeske set en in dielen fan 'e strjitteset út 'e tillefyzjesearje Blondie yn 'e jiske lein. Hoewol't dy sets rillegau werboud waarden, baarnden frijwol alle orizjinele dielen fan 'e Columbia Ranch letter oan 'e grûn ta ôf by twa oare brannen. Dêrûnder wiene de New York Street-set, de Modern Street-set en de helte fan 'e Boston Townhouses.
Yn 1972 gie Columbia Pictures by wize fan besunigingsmaatregel in joint venture oan mei konkurrint Warner Bros., om gebrûk te meitsjen fan inoars opnamefasiliteiten. De Warner Bros. Studios yn Burbank, oardel kilometer besuden de Columbia Ranch, waarden doe omneamd ta The Burbank Studios en de Columbia Ranch sels waard de The Burbank Studios Ranch (ornaris ôfkoarte ta TBS Ranch). De joint venture tusken Columbia en Warner Bros. duorre oant 1990, doe't Columbia en syn susterbedriuw TriStar Pictures it eardere studiokompleks fan Metro-Goldwyn-Mayer yn Culver City oernamen (no de Sony Pictures Studios). The Burbank Studios waarden doe wer de Warner Bros. Studios, Burbank. De TBS Ranch waard oerdien oan Warner Bros. en waard de Warner Bros. Ranch.
Sûnt 2007 hat de Warner Bros. Ranch tsjinne as it haadkertier fan 'e tekenfilmstudio Warner Bros. Animation. Yn 2022-2023 waard in grut part fan 'e âlde sets op 'e ranch sloopt om ferfongen te wurden troch kantoaren, in ferhurde parkearterrein en 16 nije soundstages foar binnendoaropnamen.
Produksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In seleksje fan films dy't alteast foar in diel op 'e Warner Bros./Columbia Ranch opnommen binne:
- Mr. Deeds Goes to Town (1936)
- You Were Never Lovelier (1942)
- High Noon (1952)
- The Wild One (1953)
- Autumn Leaves (1956)
- The Wrecking Crew (1968)
- Lethal Weapon (1987)
- National Lampoon's Christmas Vacation (1989)
Tillefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In seleksje fan tillefyzjesearjes dy't alteast foar in diel op 'e Warner Bros./Columbia Ranch opnommen binne:
- Captain Midnight (1954–1956)
- Father Knows Best (1954–1960)
- The Donna Reed Show (1958–1966)
- Dennis the Menace (1959–1963)
- Hazel (1961–1966)
- Bewitched (1964–1972)
- Gidget (1965–1966)
- I Dream of Jeannie (1965–1970)
- Batman (1966–1968)
- The Monkees (1966–1968)
- The Flying Nun (1967–1970)
- Blondie (1968–1969)
- The Partridge Family (1970–1974)
- The Waltons (1972–1981)
- WandaVision (2021)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |