Springe nei ynhâld

Willem de Vlamingh

Ut Wikipedy
De ferzje fan 16 jan 2023 om 22.12 troch Aliter (oerlis | bydragen) (Spitsbergen (Noarwegen), Tristan da Cunha (eilân))
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Willem de Vlamingh
persoanlike bysûnderheden
echte namme Willem Hesselsz de Vlamingh
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 28 novimber 1640
berteplak East-Flylân
stoarn om 1698 hinne (57/58 jier)
wurkpaad
berop/amt seefarder
aktyf as Untdekkingsreizger

Willem de Vlamingh (East-Flylân, 28 novimber 1640 – nei 1698) wie in Nederlânske seeman en ûntdekkingsreizger, dy 't hast alle wrâldseeën befearn hat. Hy wie belutsen by de walfiskfeart yn de Noardlike Iissee, op Grienlân, Spitsbergen, Nova Zembla, en Strjitte Davis.[1]

Yn 1688 soe er in eilân ûntdutsen hawwe by Nova Zembla dat er nei Nicolaas Witsen neamde. Witsen wie tige ynnommen mei de ferneamming, mar it eilân bliek in harsenspinsel.[2] Noch yn itselde jier soe De Vlamingh in tocht meitsje nei Batavia.[3]

De kaart fan de westkust fan Austraalje fan Isaac de Graaff op grûn fan de reis fan De Vlamingh.

De Vlamingh waard yn 1696 kommandeur oer trije skippen dêr't er, yn opdracht fan de VOC-bewâldhawwers Joan Geelvinck en Witsen, de westkust fan Australië fierder mei yn kaart brocht. [4] Hy krige de opdracht om in ynwenner fan it geheimsinnige Terra Australis te fangen en te sykjen nei it fermiste VOC-skip De Ridderschap, dat op 11 july 1693 út Nederlân ôfset wie nei Batavia mei 325 man oan board. Begjin 1694 hie De Ridderschap Kaap de Goede Hoop oandien, dêrnei wie it ferdwûn sûnder in spoar nei te litten.

Op 2 of 3 maaie 1696 fear De Vlamingh fan Teksel wei mei it fregat de Geelvinck, beselskippe troch de hoeker Nijptangh en it galjoot 't Weseltje. De Vlamingh krige wiidweidige ynstruksjes mei, dêr't ek in paragraaf oer Tristan da Cunha yn opnommen wie. Hy moast ûndersykje oft dêr in goed ankerplak wie en in goed plak om oan lân te gean. Ek hie er opdracht it eilân en omlizzende eilannen yn kaart te bringen. It resultaat wie dat de VOC definityf besleat dat Tristan Da Cunha ûngeskikt wie as ferfarskingsstasjon op de rûte nei de East.

By Kaap de Goeie Hope bleau it skip langer as de bedoeling wie; de bemanning moast opbetterje fan skuorbot. Der kaam noch in kartograaf oan board en trije tolken en slaven dy't Maleisk praten en nei in suksesfolle tocht frijlitten wurde soene. De skilder dy't jin op it each hiene wie al ôfset nei Batavia en de predikant oan board krige opdracht om kustprofilen te meitsjen.

Earst waard it eilantsje St. Paul en letter it njonken lizzende eilân Amsterdam ûndersocht, mar elk spoar fan de Ridderschap van Holland ûntbruts. De Vlamingh liet op beide eilannen platsleine tinnen skûtels efter mei ynskripsjes dêr 't er yn oanjoech dat er der west hie. Koarn en earten waarden útsiedde foar takomstige skipbrekkelingen. [5]

Dêrnei gie de ekspedysje fierder om de westkust fan Australië te ûndersykjen, dy't op 29 desimber berikt waard. Hy ûntduts swarte swannen oan de Swannerivier, tichteby it hjoeddeiske Perth. Oant dy tiid waard oannaam dat der allinnich wite swannen bestiene. Hy brocht de omkriten fan Rottnesteilân yn kaart en de kust oant de hjoeddeistige Golf fan Exmouth. Der waard ek in besite brocht oan it Dirk Hartogeilân, dêr 't op in hichte it tinnen boerd mei ynskripsje fûn waard dat Hartog der yn 1616 achterlitten hie. De Vlamingh naam it boerd mei en liet in nije peal oprjochtsje mei in nij boerd mei de tekst:

1616 den 25 October is hier aengecomen het schip d' Eendraght van Amsterdam; de oppercoopman Gilles Mibais van Luyck; schipper Dirck Hartoghs van Amsterdam, Den 27 dito te seyl gegaen nae Bantam. De onderkoopman Jan Stijn; de opperstierman Pieter Doekes van Bil; Anno 1616.

1697 den 4 February is hier aangecomen het schip de Geelvinck van Amsterdam, den commanderent schipper Willem de Vlamingh van Vlielandt; adsistent Joan van Bremen van Coppenhagen; opperstierman Michiel Blom van Bremen. De hoecker de Nijptangh; schipper Gerrit Collaert van Amsterdam; adsistent Theodorus Heermans van ditto; d'opperstierman Gerrit Gerritsz van Bremen. 't Galjoot 't Weseltje, gezaghebber Cornelis de Vlamingh van Vlielandt; stierman Coert Gerritsz van Bremen. En van hier gezeylt met ons vloot den 12 dito voorts het Zuytlandt te ondersoecken en gedestineert voor Batavia.

De ekspedysje fan De Vlamingh wie wat navigaasje en eksporaasje oanbelanget in sukses. Op grûn fan syn waarnimmingen makke Isaak de Graaf in sekuere kaart fan de folsleine Australyske westkust. Witsen wie lykwols ynearsten net sa bliid. Hy hie him der mear fan foarsteld. It lân bea gjin mooglikheden foar hannel en wie wyld en ûntagonklik. It wie ek nearne slagge mei minsken yn kontakt te kommen. Letter feroare Witsen fan betinken en prate er mei lof oer de ekspedysje.

De earstfolgjende ekspedysje, yn 1705 út Batavia wie ûnder Maerten van Delft, gie nei de noardkust fan Australië.

Ien fan de twa nije fearboaten fan Rederij Doeksen is ferneamd nei Willem de Vlamingh, it MS Willem de Vlamingh. Op Flylân is der in dyk en yn Almere in strjitte nei Willem de Vlamingh ferneamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Marion Peters, De wijze koopman, Het wereldwijde onderzoek van Nicolaes Witsen (1641-1717), burgemeester en VOC-bewindhebber van Amsterdam, s. 85.
  2. Marion Peters, De wijze koopman, s. 173.
  3. http://www.nla.gov.au/exhibitions/southland/Char-Willem_de_Vlamingh.html
  4. Marion Peters, De wijze koopman, Het wereldwijde onderzoek van Nicolaes Witsen (1641-1717), burgemeester en VOC-bewindhebber van Amsterdam, s. 88.
  5. https://web.archive.org/web/20110406122353/http://www.vlieland-info.nl/vlamingh.html