Strjitte Davis
Strjitte Davis of Davisstrjitte (Ingelsk Davis Strait, Deensk Davisstrædet) is de seestrjitte tusken it Kanadeeske Baffinlân en Grienlân. It wetter ferbynt de Labradorsee mei de Baffin Bay. Hy is 1143 km lang en 300 km breed, wêrtroch 't it ien fan de breedste seestrjitten fan de wrâld is. Mei in wetterdjipte fan tusken de ien - en twatûzen meter is de seestrjitte lang sa djip net as de Labradorzee yn it suden.
De grutste stêd oan de Strjitte Davis is Sisimiut, de op ien nei grutste stêd fan Grienlân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om it jier 1000 wie Leif Eriksson de earste Europeaan dy't de seestrjitte yn westlike rjochting oerstuts en dêrnei Vinland ûntduts.
Yn 1585 waard it foar it earst yn de moderne tiid befearn troch de Ingelske navigator John Davis dy't it gebiet ferkende op syk nei de Noardwestlike Trochfeart. Tsjin ûngefear 1650 waard dêr op walfisken jage.