Springe nei ynhâld

Willem de Vlamingh (skip út 2019)

Ut Wikipedy
Willem de Vlamingh
algemiene ynformaasje
flagge Nederlân
thúshavenSkylge
eignerRederij Doeksen
skiednis
werfStrategic Marine, Fjetnam
kyllizzing9 augustus 2016
tewetterlitting19 jannewaris 2019
yn de feart26 jannewaris 2021
statusYn tsjinst
bysûnderheden en sifers
typeFearboat
subtypeKatamaran
lingte70 m.
breedte17,3 m.
djipgong2,6 m.
passazjiers700
oandriuwing2x MTU single fuel LNG-motoren
maks. faasje14 knopen (26 km/o)
opmerkingsSústerskip fan de Willem Barentsz

De Willem de Vlamingh is in fearboat fan rederij Doeksen dy't in regelmjittige feartsjinst tusken Harns, Flylân en Skylge ûnderhâldt. It skip is ferneamd nei Flylanner seefarder Willem de Vlamingh.

It skip is tagelyk mei har susterskipWillem Barentsz op de Strategic Marine werf yn Venerging Tàu (Fjetnam) boud. Yn de maitiid fan 2019 binne de skippen op it dek fan in swiere-ladingskip fan Fjetnam nei Nederlân oerfearn. Nei de oankomst yn Nederlân ein maaie 2019 die bliken dat beide skippen by de reis wetterskea oprûn hawwe troch swiere reinfal. Fanwegen de wiidweidige werstel wurksumheden wie de yngebrûkstelling fan it skip pas yn jannewaris 2021.

Op 14 septimber 2022 makke rederij Doeksen bekend de Willem de Vlamingh foar earst út de tsjinstregeling te heljen fanwege de hege prizen fan it saneamde miljeufreonlike brânstof LNG dêr't de Willem de Vlamingh op fart. [1]. Op 20 oktober datselde jier makke de rederij bekend dat de prizen foar de boatkaartsjes yn 2023 ferhege wurde om de djoere brânstof betelje te kinnen. [2].

Boarnen, noaten en/as referinsjes: