Springe nei ynhâld

Niobrara (Nebraska)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 10 nov 2022 om 18.06 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Kaart yn ynfoboks set, red.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Niobrara
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Nebraska
County Knox County
Sifers
Ynwennertal 370 (2010)
Oerflak 1,9 km² (ynkl. wetter)
1,9 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 194,7 / km²
Hichte 375 m
Oar
Stifting 1856
Tiidsône UTC-6
Simmertiid UTC-5
Koördinaten 42°45′00″N 98°01′55″W
Offisjele webside
www.niobrarane.com
Kaart
De lizzing fan Niobrara yn Knox County en yn 'e steat Nebraska.

Niobrara (útspr.: [naiǝ'bɹæɹǝ], likernôch: "na-juh-brêr-ruh"; Omaha: Ní Ubthátha Tʰáⁿwaⁿgthaⁿ; útspr.: [nĩ ub'ɫᶞaɫᶞa 'wãŋɡɫᶞã], likernôch: "nyng ûb-la-la ûang-lang") is in doarp yn Knox County, yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Nebraska. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 lei it ynwennertal fan it plak doe op 370 minsken. De rivier de Niobrara rint lyk by it doarp lâns.

Niobrara waard yn 1856 stifte. It Amerikaanske Leger lei der doe in fort oan om 'e blanke kolonisten te beskermjen tsjin oanfallen fan 'e Yndianen. Al hiel gau ûntstie dêromhinne in lytse delsetting.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Niobrara 29,2% âlder as 65 jier en 16,8% jonger as 18 jier. Fierders bestie 45,6% fan 'e húshâldings út ien persoan. Ut âldere gegevens, út 2000, die bliken dat doe 13,8% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 81,9% blanken; 11,6% Yndianen; 2,4% Latino's; 0,3% swarten; 3,8% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Hoewol't it bûten de grinzen fan 'e respektivelike reservaten leit, binne yn Niobrara sawol de reservaatsbestjoeren fan it Santy Yndianereservaat (Santee Indian Reservation) en it Ponka Yndianereservaat (Ponca Indian Reservation), as de haadkertieren fan 'e federaal erkende Santy Sû Naasje (Santee Sioux Nation) en Ponka Stamme fan Nebraska (Ponka Tribe of Nebraska) fêstige.

Ferstoarn yn Niobrara

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Niobrara hat in lânklimaat, mei waarme simmers en net al te strange winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 32 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, leit er oerdeis om it friespunt hinne. Der falt jiers trochinoar 577 mm delslach; yn 'e winter komt dat yn 'e regel del yn 'e foarm fan snie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.