Springe nei ynhâld

Jan Kingma

Ut Wikipedy
De ferzje fan 10 nov 2022 om 17.41 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Jan Kingma (Weidum, 6 jannewaris 192731 july 2006) [1] wie in Nederlânsk politikus fan de PfdA fan Frysk komôf.

In part fan syn jonkheid brocht er troch yn Bears dat lykas syn bertedoarp Weidum doe by de gemeente Baarderadiel hearde. Yn Ingelân folge er in jier in militêre oplieding foar de Earste Difyzje 7 desimber en dêrnei waard er útstjoerd nei Nederlânsk-Ynje dêr't dy difyzje ynset waard by de 'polisjonele aksjes'. Nei in skot yn syn holle kearde er yn 1948 mei it earste swierferwûnetransport werom nei Nederlân dêr't er opnij yn Baarderadiel wenje soe.

Op fersyk fan de boargemaster gie er doe as learling-amtner oan't wurk by de gemeente Baarderadiel. Yn 1951 makke er de oerstap nei de gemeente Gaasterlân, mar fjouwer jier letter kaam er yn de rang fan haadkommys werom nei de gemeentesekretary fan Baarderadiel.
Yn desimber 1964 waard Kingma de gemeentesekretaris fan 's-Gravendeel en yn maaie 1972 folge syn beneaming ta boargemaster fan Gouderak. Oanslutend wie er fan maart 1979 oant syn earder pensjonearring yn maaie 1988 boargemaster fan Egmond.

Kingma ferstoar yn 2006 yn de âldens fan 79 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: