Springe nei ynhâld

Onno Reint van Andringa de Kempenaer

Ut Wikipedy
De ferzje fan 24 okt 2022 om 14.19 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Libben en wurk: [[]])
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Jhr. mr. Onno Reint van Andringa de Kempenaer

Jonkhear Onno Reint van Andringa de Kempenaer (Grins, 1 july 1801 - Bad Neuenahr (Dútslân), 8 augustus 1868[1]) wie deputearre fan Fryslân.

De Kempenaer wie in soan fan Antoon Anne van Andringa de Kempenaer (1777- 1825), grytman fan Lemsterlân, en Anna Maria Catharina Alberda van Ekenstein (1779-1854). Hy is in telch út it geslacht Van Andringa de Kempenaer en waard ferneamd nei syn pake Onno Reint Alberda van Ekenstein.

Yn 1818 waard er ynskreaun as studint oan it Rijksathenaeum yn Frjentsjer. [2] Dêrnei waard er yn 1820 ynskreaun as studint rjochten oan de universiteit fan Leien dêr't er yn 1824 promovearre.

Hy wenne yn it midden fan de 19e iuw op it troch him yn 1845 fan J.B. Wouters oankochte bûten 'Jagtlust' ûnder Aldskoat. Dat stie sawat foar it eardere molkfabryk en is yn 1875 ôfbrutsen. De tún waard oanlein troch Lucas Pieters Roodbaard.

Hy wie grytman fan Lemsterlân en Raarderhim en steatelid fan Fryslân.

De Kempenaer wie lânboukundige en ûntginner fan namme. Sa liet er de heide tusken de Rotstergaastwei en de Rottumerwei ûntginne en liet dêrta ek de Kempenaerwyk grave.

Hy stifte in modelbuorkerij (mei Deenske molkenkelder) dy't er sels behearde. Neffens oerlevering moat er in soad ynfloed útoefene hawwe op de oanlis fan it spoar nei Ljouwert.

Nei him is yn 1953 de Kempenaerssingel op It Hearrenfean neamd. Dy rint fan de Koornbeurswei yn súdeastlike rjochting oant de Luitzen Wagenaarstrjitte, lâns de eastkant fan de Kempenaerswyk. Ek in legere skoalle krige syn namme.

De Kempenaer troude op 18 novimber 1829 yn Ljouwert mei Richtje Johanna Gosliga, dochter fan Pier Gosliga, riedshear oan it Hof fan Fryslân, en widdo fan Adrianus Heringa Cats. Nei har ferstjerren troude er op 21 oktober 1858 mei Maria Henrica Poelman. Beide houliken bleaune sûnder bern.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vooroudersonline.nl
  2. Fockema Andreae, S.J. & Meijer, Th.J. (Red.) (1968). Album studiosorum academiae Franekerensis (1585-1811, 1816-1844) I. naamlijst der studenten. Franeker: T. Wever. s.408.