Springe nei ynhâld

Lútzen Wagenaar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Luitzen Wagenaar)
Lútzen Wagenaar

Lútzen Harmens Wagenaar (It Hearrenfean, 15 maart 1855 - Middelburch, 19 oktober 1910) wie in predikant. Ek syn broer G.H. Wagenaar wie dûmny.

Neidat er syn dissertaasje skreaun hie yn 1880 waard er herfoarme dûmny yn Wûns (1882-1884) en Heech (1884-1889). Dêr die hy mei oan de Doleânsje (ôfskieding fan de N.H. Tsjerke). Waard dûmny yn Ljouwert (1889-1892). Yn 1892 ferfarde hy nei Arnhim en yn 1897 nei Middelburch.

Yn Fryslân wie hy him as skriuwer/dûmny belutsen by de sosjale aksje, skreau in histoarysk drama (Tsjerk Ages) en hie in polemyk mei Pieter Jelles Troelstra (1886).

Syn wurk is samle troch Sipke Huismans (Moai sein, Lútzen, 1907). Wagenaar skreau ûnder oare Een wandel met God (J. J. A. Ploos van Amstel, 1895) en Het leven van Willem Lodewijk (1904).

Op It Hearrenfean is in strjitte nei him neamd.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Het Reveil en De Afscheiding (1880)
  • Tsjerk Ages - histoarysk drama
  • polemyk mei Piter Jelles Troelstra, 1886
  • Een wandel met God - (J. J. A. Ploos van Amstel), 1895
  • De Hervormer van Gelderland Joh. Fontanus (1898),
  • Us Heit (1903)
  • Het leven van Willem Lodewijk, 1904
  • Fan Striid en Oerwinning.
  • Moai sein, Lútsen - samle wurk (troch S. Huismans), 1907

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: