Springe nei ynhâld

Elske DeWall

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 okt 2022 om 14.02 troch StephanDirkBerger (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Elske DeWall
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Elske DeWalle
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 11 novimber 1985
berteplak Feanwâlden
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjenre soul, folk, country
sjongtaal Nederlânsk, Frysk, Ingelsk
ynstrumint sjongster, piano
jierren aktyf 2006 - no
Elske DeWall
Elske DeWall (rjochts) en Lionel Richie by Life4You (2012)

Elske DeWall (offisjeel: Elske de Walle) (Feanwâlden, 11 novimber 1985) is in Frysk sjongster dy't hikke en tein is yn Feanwâlden en no yn Ljouwert wennet. Har artystenamme DeWall ûntlient se oan har âldomke Sjoerd út Kanada: minsken dêre sprekke syn efternamme sa út. Sy skriuwt har ferskes mei in gitaar of efter de piano. Har poplietsjes binne fol soul, mei ynfloeden út gospel, folk en moderne country, meast skreaun troch harsels.

Sy is in dochter fan plysje Tjeerd (spilet trompet by de Blauhúster Dakkapel ) en Geartsje de Walle. Doe't se sân jier wie begûn se mei pianoles by Jaap Meems fan Twizelerheide, spile dêrnei saksofoan en úteinlik gitaar. Giet nei de mafû en hafû fan it Lauwers Kolleezje yn Bûtenpost. Se treedt ek alris op mei har suske Femke ûnder de namme FEEL (FEmke-ELske) yn de Burgumer jazzclub. Letter gie se nei de Akademy foar Popkultuer yn Ljouwert om sang te studearjen. Yn har stúdzjetiid wie De Walle aktyf as eftergrûnsjongster. Se is te hearren op de sammel-cd Get Loaded fan de Akademy foar Popkultuer yn 2006. Sy waard troch har drumlearaar en lettere man Sietse Huisman (*1968, ûnder oaren drummer by Twarres) en koe sa ûnderfining opdwaan op poadiums en mei oare artysten. Yn novimber 2007 die se mei oan it Fryske popgala op De Gordyk. Doe't se 19 jier wie begûn se lietsjes te skriuwen. In oantal songs fan har earste album komme fan skriuwsesjes mei ynternasjonale songwriters út it Feriene Keninkryk en Sweden.

Ein 2007 stjoerde se har earste demo op nei de Amerikaanske platemaatskippij Universal Records. Yn de maitiid fan 2008 waard se troch Syb van der Ploeg útnûge om as special guest op te treden by syn teatertoer, en letter dat jier wurke se mei oan it projekt "In Frysk Earbetoan Oan Leonard Cohen - Cohen In Het Fries". Dêrnei tekene se in platekontrakt en kaam te spyljen yn it foarprogramma fan Paul Carrack.

Har earste single Come See The End In Me presintearre se yn oktober 2009 yn Amsterdam en yn 2010 kaam se mei har debútalbum Balloon Over Paris. De Walle har band bestiet út Sietse Huisman (drums, cahon), Femke DeWall (backing vocal, gitaar & mandoline), Peter Krako (backing vocal & gitaar), Serge Bredewold (bas) en Jasper Westerhof (toetsen). Op 26 febrewaris 2010 kaam by Universal Music har debút-cd Balloon over Paris út. Yn maaie 2012 ferskynde har twadde album "Brave". Ek stie se yn 2011 mei de Britske sjonger Jonathan Jeremiah en it Metropole Orkest op North Sea Jazz. Jeremiah syn destiidske single 'Heart Of Stone' waard foar de gelegenheid in duet en troch beide songen. Yn de maitiid fan 2012 stie DeWall neist Lionel Richie yn it RTL4-programma Life4You. Richie wie dêr om syn nijste album Tuskegee te promoatsjen. DeWall song tegearre mei Richie it nûmer 'Angel'. Se song dat tegearre mei Jan Dulles fan 3JS it nûmer "Geef mij een naam" op harren album '4 Elementen' (jannewaris 2012). By in kampanje fan KiKa, "Geef KiKa de 10!", naam De Walle yn maaie 2015 tegearre mei 3JS en Shirma Rouse it nûmer "Je vecht nooit alleen" fan 3JS opnij op. Yn 2017 spile hja Maria yn The Passion.

In 2017 gie se op tournee mei Krystl en Rachèl Louise. Under de mienskiplike namme The BlueBirds songen se neist bekende americana- en countrynûers ek eigen nûmers.

DeWall sjongt de titelsong This Game fan de misdiedsearje Moordvrouw fan RTL4 (2012). Har nûmer Chasing The Impossible is de soundtrack fan de Nederlânske film Alle Tijd mei û.O. Paul de Leeuw.

Yn 2017 gie hja op toernee mei de sjongsters Krystl en Rachèl Louise. Under de namme The BlueBirds brochten sy bekende amerikana- en countrynûmers, mar ek eigen nûmers.

Yn febrewaris 2010 waard hja Serious Talent by 3FM. Yn 2011 krige se de Fryske Anjer en Ein 2012 wûn hja de Fryske Poppriis.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: