Death Magnetic is it njoggende studio-album fan Metallica. It album waard opnommen fan 14 maart2007 oant en mei 22 maaie, 2008 yn de eigen studio's fan Metallica yn San Rafael, de Shangri-La studio's yn Malibu en de Sound City studio's yn Los Angeles, Kalifornje en waard pear moanne letter op 12 septimber 2008 útbrocht. It wie it earste album fan Metallica mei bassist Robert Trujillo earder fan Suicidal Tendencies. It doel wie om dit album op 12 septimber út te bringen, mar trochdat der in winkel wie dy't al op 2 septimber begûn mei de ferkeap fan it album, wat in protte yllegale kopyen ta gefolch hie, waard it album úteinlik op 10 septimber offisjeel útbrocht. It album markearret in definityf weromkommen nei it progressive thrashmetal-lûd fan de earste fjouwer albums fan de band. It album kaam op nûmer ien binnen yn de Nederlânske Album top 100.